1571
Appearance
Iuwen: | 11e | 12e | 13e | 14e | 15e | 16e iuw | 17e | 18e | 19e | 20e | 21e |
Jierren: | 1566 | 1567 | 1568 | 1569 | 1570 | 1571 | 1572 | 1573 | 1574 | 1575 | 1576 |
Kalinders | |
Gregoriaanske kalinder | 1571 MDLXXI |
Ab urbe condita | 2324 |
Armeenske kalinder | 1020 ԹՎ ՌԻ |
Etiopyske kalinder | 1563 – 1564 |
Hebriuwske kalinder | 5331 – 5332 |
Hindoekalinders | |
- Vikram Samvat | 1626 – 1627 |
- Shaka Samvat | 1493 – 1494 |
- Kali Yuga | 4672 – 4673 |
Iraanske kalinder | 949 – 950 |
Islamityske kalinder | 979 – 979 |
Juliaanske kalinder |
1571 MDLXXI |
Sineeske kalinder | 4267 – 4268 丁午 – 戊未 |
1571 is in gewoan jier dat begjint mei in moandei. (Juliaanske kalinder foar 1571.)
Foarfallen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 12 maaie - It bombardemint fan Famagusta, op Syprus, dat al sûnt 1570 troch de Turken belegere wurdt, begjint.
- 24 maaie - De Krimtartaren plonderje Moskou, en de stêd giet yn flammen op.
- 3 juny - De Spanjerts feroverje Manilla, dat ta haadstêd makke wurdt fan 'e koloanje dy't de feroverders nei kening Filips II neame: de Filipinen. De befolking wurdt ta it roomsk-katolisisme bekeard. Filips pleatst it lân ûnder de ûnderkening fan Meksiko en bepaalt dat de hannel hielendal fia Amearika rinne moat.
- 16 juny - Ydse Gaukes, stjert as anabaptistysk martelder op 'e brânsteapel.
- 31 july - De hartoch fan Alva furdiget it dekreet fan de Tsiende Peinje út: in soarte fan BTW.
- 1 augustus - Famagusta jout him oer oan 'e Turken.
- 9 septimber - De Turken feroverje Nikosia, op Syprus.
- oktober De earste synoade fan de Nederlânske Grifformearde Tsjerke wurdt holden yn Emden.
- 7 oktober - Yn 'e Slach by Lepanto, op 'e Middellânske See, yn 'e neite fan Grikelân, ferslacht de kristlike Hillige Liga, besteande út Spanje, Feneesje, Genua, de Pauslike Steat, Savoaye en de Oarder fan Malta, de gruttere float fan it Osmaanske Ryk.
- 14 desimber - De formele skieding fan Willem fan Oranje fan Anna fan Saksen wurdt in feit.
- sûnder datum - It Knillesdjip wurdt groeven.
- sûnder datum - Yn de Nederlannen riedt men him ta op in lange striid. Sa wurdt ûngefear in sechsde diel fan de iken fan 'e Haachske Bosk kappe om ferdigeningsark te bouwen tsjin 'e Spaanske troepen.
- sûnder datum - Sen Soulintha folget syn heit Setthathirath op as 18e kening fan Lan Xang.
Berne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 15 febrewaris - Michael Praetorius, Dútsk komponist († 1621)
- 29 septimber - Caravaggio (Michelangelo Merisi da Caravaggio), Italjaansk keunstskilder († 1610)
- 9 desimber - Metius (Adriaan Adriaansz.), Nederlânsk wiskundige en astronoom († 1635)
- 27 desimber - Johannes Kepler, Dútsk wiskundige en astronoom († 1630)
- datum ûnbekend
- Frederik de Houtman, Nederlânsk reizger, taalkundige en astronoom († 1627)
Ferstoarn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 14 febrewaris - Benvenuto Cellini, Italjaansk byldhouwer (* 1500)
Jierren: | 1566 | 1567 | 1568 | 1569 | 1570 | 1571 | 1572 | 1573 | 1574 | 1575 | 1576 |
Iuwen: | 11e | 12e | 13e | 14e | 15e | 16e iuw | 17e | 18e | 19e | 20e | 21e |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|