Springe nei ynhâld

Église Saint-Jean (Caen)

Ut Wikipedy
Sint-Jehannestsjerke
Église Saint-Jean
Lokaasje
lânflagge fan Frankryk Frankryk
regio Normandje
departemint Calvados
plakCaen
koördinaten49°10'N 0°21'W
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskipRoomsk-Katolike Tsjerke
bisdomBayeux-Lisieux
patroanhilligeSint-Jehannes
Arsjitektuer
boujier15e iuw-16e iuw
boustylgotyk, renêssânse
monumintale status histoarysk monumint
Webside
Side Trije-ienheidsparochy fan Caen
Kaart
Église Saint-Jean (Caen)
Église Saint-Jean

De Église Saint-Jean (Sint-Jehannestsjerke) is in goatyske parochytsjerke yn 'e wyk Saint-Jean yn 'e Normandyske stêd Caen, Frankryk. Sûnt 1840 is de tsjerke in histoarysk monumint.

In earste oan 'e apostel Jehannes wijde tsjerke waard yn 'e 7e iuw stifte oan 'e Romeinske wei, dy't troch de sompen fan 'e delte fan 'e Orne rûn en Augustodurum (Bayeux) mei Noviomagus Lexoviorum (Lisieux) ferbûn. Letter waard dy wei de rue Exmoisine neamd en tsjintwurdich rue Saint-Jean. Yn 'e jierren 1954-1956 waarden by wurksumheden yn 'e tsjerke monolityske sarkofagen fan stien út Caen ûntdutsen. Se tsjûgje fan it bestean fan in lyts begraafplak oan 'e Romeinske wei en in tichteby stifte gebedshûs, dêr't no fierder gjin resten fan bewarre binne. De tsjerke waard foar it earst yn 1059 yn it stiftingshânfêst fan 'e abdij fan Troarn neamd.

Ynterieur.

Yn 1153 stifte de biskop fan Bayeux mei in prebende fan 'e katedraal fan Bayeux in nije tsjerke. Dy stifting wurdt befêstige troch twa pontifikale bullen fan paus Eugenius III. Lykas ek mei de foargonger bleaune der gjin spoaren oer fan dy romaanske tsjerke. Faaks is in âlde fundearring, dy't by restauraasjewurk oan 'e sintrale toer ûntdutsen waard, mooglik noch in restant dêrfan.

Yn 'e Hûndertjierrige Kriich waard de tsjerke by it belis fan Caen yn 1417 sa slim skansearre, dat werbou yn 'e 15e iuw (portaal en skip) en de 16e iuw (koer en apsis) needsaaklik wie.

Oant tsjin 'e ein fan 'e 18e iuw waard de tsjerke noch omfieme troch in eigen tsjerkhôf, mar it dekreet fan 1783 ferordonearre de ferhûzing fan 'e begraafplakken bûten de grinzen fan 'e stêd en doe is it nije begraafplak fan Saint-Jean oanlein op in tichtsmiten groeve yn Vaucelles. It frijkommende stik grûn om 'e tsjerke waard brûkt foar nije gebouwen.

Yn 'e Frânske Revolúsje die de tsjerke tsjinst as opslachtplak foar salpeter en yn 1802 waard de tsjerke werom jûn oan 'e katolike earetsjinst. It haadportaal waard yn 'e jierren 1840 rekonstruearre: de twa lytsere portalen yn 'e styl fan 'e flamboyante gotyk binne doe ferfongen troch ien portaal ûnder in grutte spitsbôge.

Alhoewol't de tsjerke by de Slach om Caen yn 1944 earnstich skansearre waard, bleaune de muorren fan it gebou yn it fermidden fan 'e ruïnes stean. By de werbou fan 'e stêd waard ek de tsjerke restaurearre. It plan fan werbouarsjitekt Marc Brillaud de Laujardière die rjocht oan 'e keunsthistoaryske wearde fan 'e Saint-Jean; de gebouwen dy't foar de kriich it sicht op 'e tsjerke beheinden, waarden net troch nijbou ferfongen.

Tsjintwurdich is de Saint-Jean ien fan 'e tsjerken fan 'e Sainte-Trinité-parochy fan Caen.

Roasfinster yn 'e krusingstoer.

De toer fan 'e Saint-Jean is de toer fan Pisa fan Caen: de toer hinget foars nei it noardwesten ta út it lead, om't de grûn dêr't de tsjerke op boud waard sompich wie. It is ek de reden werom't de toer nea foltôge waard. By de grutte restauraasje fan nei de Twadde Wrâldkriich waarden betonnen peallen fan 15 oant 18 meter heid om de tsjerke te stabilisearjen. It ûnstean fan skuorren by de twa eastlike peallen die it gemeentebestjoer yn 2012 besluten om de tsjerke te sluten. Der waarden 52 nije fundearringspeallen fan 21 meter lang ûnder it portaal heid en op 7 juny 2013 waard de tsjerke wer iepene foar it publyk. De toer is 48 meter heech en hielendal oan 'e top steane de 12 bylden fan 'e apostels.

De lantearne boppe de krusing is 16e-iuwsk. De basis is fjouwerhoekich en dêrop soe in achthoekige boppebou boud wurde, mar troch de ynstabile grûn waard it wurk nea ôfmakke. Eltse hoeke wurdt aksintuearre troch in pinakel yn 'e styl fan 'e renêssânse.

De tsjerke is 70 meter lang, yn it skip 22 meter en 32 meter tusken de einen fan 'e dwersskippen. Opfallend is dat it koer in travee langer as it trije traveeën lange tsjerkeskip en dat de apsis in noardeastlike oriïntaasje hat.

Alterskilderij dat oarspronklik út de Karmel fan Caen komt.

Nei it sluten fan 'e abdij fan Saint-Germain-la-Blanche-Herbe yn 'e Frânske Revolúsje kaam it 18e-iuwske haadalter yn 1812 yn 'e Saint-Jean telâne. It alter gyng tsjin 'e ein fan 'e 19e iuw ferlern, mar de twa houten bylden fan Augustinus en Norbertus bleaune bewarre. Fierder binne der houten bylden fan Marije (17e iuw, ôfkomstich fan ien fan 'e stedspoarten fan Caen en dat dêrom de namme "Notre-Dame-de-Protection" draacht), Jehannes de Doper, Jean Soreth en in ferkoald byld fan Kristus, dy't yn 'e skansearre tsjerke nei de Slach om Caen werom fûn waard en de namme "Christ crucifié dans la souffrance de la cité" krige.

Yn it transept stiet it âlde haadalter fan it Karmelitekleater fan Caen, dat yn 1790 twongen waard te sluten. Oan wjerskanten fan it 17e-iuwske alter steane de bylden fan Sint-Joazef en Theresia fan Ávila en yn 'e midden Sint-Katharina. It alterskilderij stelt de Ferkundiging foar en oannommen wurdt dat it net foar it alter sels makke waard; it wurdt datearre op 1620.

Oare skilderijen yn 'e tsjerke binne in "Ecce Homo" fan Pieter Thys en in "Oanbidding fan 'e Keningen" neffens in orizjineel fan Jean Restout.

It hjoeddeiske oargel yn it noardlike dwersskip waard yn 1996 troch Haerpfer-Ermann boud. De foargonger út 1770 mei in klassisistyske oargelkas waard yn 'e Twadde Wrâldkriich ferneatige. It trijemanualige ynstrumint telt 38 registers.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Frânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: fr:Église Saint-Jean de Caen