Van Hall Larenstein

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Hegeskoalle Van Hall Larenstein is in HBU ynstelling ûntstien út in fúzje tusken it Van Hall Ynstitút út Ljouwert en IAH Larenstein út Velp. Sûnt jannewaris 2003 wie der in bestjoerlike fúzje tusken beide hegeskoallen en sûnt oktober 2005 is de fúzje trochfierd yn alle lagen. Hegeskoalle Van Hall Larenstein hat fêstigingen yn Ljouwert, Grins, Velp en Dimter. Yn septimber 2006 is de lokaasje Dimter oergoen nei Wageningen. Dit is in direkt gefolch fan it feit dat Hegeskoalle Van Hall Larenstein in ûnderdiel wurdenis fan Wageningen UR.

Opliedingen[bewurkje seksje | edit source]

Hegeskoalle Van Hall Larenstein biedet as opliedingen:

  • Biotechnology
  • Biotechnology en Medysk Laboratoariumûndersyk
  • Gemy
  • Gemyske technology
  • Bosk- en Natoerbehear
  • Diermanagement
  • Dier- en Feehâlderij
  • Forensic Sciences
  • Kust en Seemanagement
  • Lân- en Wettermanagement
  • Miljeukunde
  • Plattelânsfernijing
  • Tún- en Lânskipsynrjochting
  • Túnbou en Ikkerbou
  • Tropyske Lânbou
  • Fiedingsmiddelstechnology

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]