Frysk Orkest
It Frysk Orkest wie in profesjoneel symfony-orkest festige yn Ljouwert. It orkest is yn 1989 fusearre mei it Noardlik Filharmonysk Orkest ta it Noard Nederlânsk Orkest (NNO).
|
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta. |
It Frysk Orkest wie ûntstien yn 1950 yn it ramt fan it spriedingsbelied fan de keunsten, as de profesjonele fuortsetting fan de Friesche Orchest Vereeniging dy 't bestie tusken 1918 en 1934. Om 1955 waard de needsaak fan in bettere subsidiearring twingend. By in grutte provinsjale ynsammelingaksje, steund troch de Fryske deiblêden ûnder it biedwurd: "Iepen doekje foar it Frysk Orkest" waard it streefbedrach fan f 100.000 oertroffen mei f 20000,- De ynstelling fan in Gouden Fioeltsje foar it doarp dat wykliks it heechste gemiddelde per ynwenner hie en fan in Sulveren Fioeltsje foar wa't de meast orizjinelegedachte foar de ynsammeling hie, droegen by oan it súkses. It Gouden Fioeltsje waard wûn troch Winsum. Dit doarp biede it oan oan it FO dat der op syn beurt in wikselpriis foar de meast opmerklike prestaasje op muzykgebiet yn Fryslân fan makke.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|