Hans Wiegel

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Hans Wiegel

Hans Wiegel (Amsterdam, 16 july 1941) wie in Nederlânsk politikus foar de VVD. Hy wie fan 1982 - 1995 Kommissaris fan de Keninginne yn Fryslân. Fan 1995 - 2012 wie er foarsitter fan Soarchfersekerders yn Nederlân en hat dêrby noch in soad byfunksjes.

Politike karriêre[bewurkje seksje | edit source]

Wiegel begûn syn karriêre by de Gooiske JOVD, de jongereinorganisaasje fan de VVD. Yn 1967 kaam er foar de VVD yn de Twadde Keamer. Yn 1972 wie er listlûker foar dy partij. Yn it earste kabinet Van Agt wie Wiegel minister fan Binnenlânske Saken. Fan 16 juny 1982 waard er as It orakel út Ljouwert kommissaris fan de Keninginne yn Fryslân. Fan 1995 - 2000 wie Wiegel lid fan de Earste Keamer. Yn de nacht fan 18 maaie op 19 maaie 1999 wie er yn de Nacht van Wiegel fan grutte ynfloed op de fal fan it twadde Pearse Kabinet. Sûnt syn ôftreden as minister waard der in soad spekulearre op syn weromkommen as polityk lieder fan de VVD, mar yn 2006 joech er oan om reden fan 'persoanlike en politike aard' net werom te kommen yn de polityk.