Springe nei ynhâld

The Bottom

Ut Wikipedy
The Bottom
The Bottom, fan Mount Scenery ôf sjoen.
The Bottom, fan Mount Scenery ôf sjoen.
Bestjoer
Lân Nederlân
Lân Nederlânske Antillen
Eilan Saba
Sifers
Ynwennertal 462 (2001)
Oar
Koördinaten 17° 38' NB, 63° 15' WL

The Bottom is it haadplak fan it eilân Saba, dat ûnderdiel útmakket fan de Nederlânske Antillen. By de lêste folkstelling yn 2001 wennen der 462 minsken yn it doarp. It doarp leit, oars as de namme tinken docht op in hichte fan 220 meter boppe de seespegel.

Nederlânske Antillen
De ienichste haven fan Saba by The Bottom.

It plak waard yn 1632 stifte troch Siuwske kolonisten. Se joegen it plak de namme Botte, in âld Nederlânsk wurdt foar kom. De namme ferwiist nei de lizzing, yn in lyts dal mids hege rotsen. Al rillegau waarden de earste Siuwske kolonisten yn oantal oertroffen troch seelju en piraten fan Ierlân en Skotlân en Afrikaanske slaven. It eilân waard dêrtroch Ingelsktalich en de namme Botte feroare nei Bottom.

Yn 1972 waard, mei de stipe fan Nederlân en de Feriene Naasjes, in sideseefdrukfabryk yn it plak boud om sa de befolking fan nije besteansmiddelen te foarsjen.

Sûnt 1986 stiet yn The Bottom de Saba University School of Medicine, in lytse Amerikaanske universitêre fakulteit. Dizze skoalle lûkt alle jierren om-ende-by 200 studinten út benammen Amearika.

Yn The Bottom lizze in tal bestjoerskantoaren fan de oerheden fan it eilân, ek it gûverneurshús fan de gesachhawwer stiet yn The Bottom, dat yn 1970 it âlde houten gûverneursgebou ferfong dat yn 1966 troch houtrot ôfbrutsen waard. It âlde gasthús fan de gûverneur, dat yn 19e iuw boud waard, is no in hotel. Fierders is der yn plysjeburo en in medysk sintrum.

It doarp hat trije tsjerken, dêr't de Anglikaanske Kristustsjerke (Christ Church) út 1777 it âldste gebou fan Saba is. De twa oare tsjerken binne in roomsk-katolike tsjerke, de Hillige Herttsjerke (Sacred Heart Church), dy't boud waard yn 1877 en de Weslyaanske Hilligenstsjerke (Wesleyan Holiness Church), boud yn 1919. Dizze lêste tsjerke waard yn 1995 troch in orkaan swier skansearre.

Ek beskikt The Bottom oer in museum, it Major Osman Ralph Simmons Museum. Hjir binne tal fan gebrûksfoarwerpen te besjen, dizze binne garre troch de plysjeman dy’t it museum syn namme jûn hat.

Trochdat Saba in isolearre eilân is krige it eilân yn de skiednis in protte (finansjele) help fan bûten ôf. Sa waard yn 1935, mei Nederlânsk jild, it Wilhelminapark oanlein. Dit park spilet, as moetingsplak, tsjintwurdich in wichtige rol yn it sosjale libben fan de ynwenners fan The Bottom, yn it park stiet ek in achthoekige muzyktinte.

Fan The Bottom rint in dyk omleech nei de ienige haven fan Saba. It plak is troch in dyk ferbûn mei oare plakken op it eilân, wêrfan St. Johns it tichtste by leit.

Inkele strjitten fan The Bottom binne: de Brouwerstrjitte, de Jonckheerstrjitte (neamd nei Efrain Jonckheer), de Tsjerkestrjitte, de Noardstrjitte en de Wilhelminastrjitte.

Befolkingsûntwikkeling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • 2001 - 462 (offisjeel)
  • 2008 - 506 (rûzing)