St. Johns (Saba)

Ut Wikipedy
Utsjoch fan Mount Scenery op St. Johns.

St. Johns, ek wol St. John’s, is in doarp op it eilân Saba, in eilân fan de Nederlânske Antillen. By de lêste folkstelling yn 2001 wennen der 186 ynwenners. Hjirmei is it it lytste doarpke fan Saba. St. Johns leit likernôch 350 meter boppe de seespegel.

It doarpke leit tusken The Bottom en Windwardside, de twa grutste plakken fan it eilân, yn. De ienige trochgeande dyk splyt it doarp yn twaen. Oan de iene kant fan de dyk leit it reedlik platte St. Johns Flat, dat útsjocht oer de Karibyske See en yn de fierte Sint Eustaasjes. Oan de oare kant leit it heuveleftige St. Johns Hill, dat oan de foet fan de Mount Scenery leit.

Yn St. Johns stean noch inkele bysûnder goed bewarre tradisjonele Sabaanske hutten oerein. Yn it plakje stiet de ienichste legere skoalle fan it eilân, de katolike Hillige Hert Basisskoalle (Sacred Heart Primary School). Ek de ienichste middelbere skoalle fan it eilân stiet hjir. It giet om de Skoallemienskip Saba (Saba Comprehensive School). Dizze skoallen, stifte yn 1976, biede ûnderwiis op it VMBO-nivo oan. De skoallen binne yn de jierren ’90 fan de 20e iuw oerstapt op it Ingelsk as ûnderwiistaal. It Nederlânsk wurdt noch as frjemde taal ûnderwiisd.