Sybren van Tuinen
Sybren van Tuinen (Seisbierrum, 5 maart 1913 - Hattem, 29 april 1993) wie boargemaster.
Van Tuinen gie nei it Gereformeerd Gymnasium yn Ljouwert (eineksamen 1932) en studearre Skiednis oan de Frije Universiteit yn Amsterdam fan 1932 oant 1940. Dêrnei wie er in stikmannich jierren learaar skiednis oan de Kristlike HBS yn Ljouwert (1940-1943) . Yn de Twadde Wrâldkriich wie Van Tuinen distriktskommandant fan de O.D. (Ordedienst) foar Boalsert, Wûnseradiel en Hinnaarderadiel. Oan de ein fan de oarloch siet er yn it Hûs fan Bewarring yn Ljouwert.
Van Tuinen wie waarnimmend boargemaster fan Boalsert yn 1945/1946, waard boargemaster fan Dokkum yn 1946 en lid fan Provinsjale Steaten fan Fryslân foar de ARP yn 1950. Fan septimber 1969 oant maaie 1971 hie Van Tuinen in sit yn de Earste Keamer, dêr't er wurdfierder folkshúsfêsting, romtlike oardering en maatskaplik wurk fan de ARP-fraksje wie. Yn 1970 naam er ôfskied as boargemaster fan Dokkum en gie er nei Kampen dêr't er itselde amt besette oant 1978.
Van Tuinen skreau histoaryske artikels en siet yn it bestjoer fan ferskate Fryske kulturele organisaasjes. Hy hat in soad boeken oer Dokkum en Bonifatius by elkoar garre, bekend as de Kolleksje Van Tuinen, dy't it Streekarchivaat Noord-Oost Friesland sûnt 2007 op 'e noed hat.
Van Tuinen boaske mei Minke Lieuwina Sytsma, dochter fan Syds Lieuwes Sijtsma, op 16 maart 1940 yn Mitselwier. Sy krigen twa soannen.
Underskieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Offisier yn de Oarder fan Oranje-Nassau, 29 april 1976
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Sybren van Tuinen fan Wikimedia Commons. |
- Frysk skiedkundige
- Frysk publisist
- Frysk ûnderwizer
- Frysk politikus
- ARP-politikus
- Boargemaster fan Boalsert
- Boargemaster fan Dokkum
- Lid fan de Steaten fan Fryslân
- Frysk konservatyf
- Frysk fersetsstrider yn de Twadde Wrâldkriich
- Nederlânsk skiedkundige
- Nederlânsk publisist
- Nederlânsk ûnderwizer
- Nederlânsk politikus
- Nederlânsk boargemaster
- Earste Keamerlid
- Nederlânsk konservatyf
- Nederlânsk fersetsstrider yn de Twadde Wrâldkriich
- Nederlânsk persoan fan Frysk komôf
- Persoan berne yn Seisbierrum
- Kampen
- Ofsier yn de Oarder fan Oranje-Nassau
- Persoan berne yn 1913
- Persoan stoarn yn 1993