Syds Lieuwes Sijtsma

Ut Wikipedy
Syds Lieuwes Sijtsma (1929)

Syds Lieuwes Sijtsma (Eanjum, 27 maart 1868Dokkum, 9 novimber 1939) wie in Nederlânsk antirevolúsjonêr politikus.

Sijtsma wie lykas syn heit Lieuwe Sijtsma boer te Eanjum (14 jier), mar keas doe foar de polityk. Yn 1893 waard er gemeenteriedslid yn East-Dongeradiel; fan 1897 ôf wie er dêr ek wethâlder en fan 1904 oant 1934 wie Sijtsma boargemaster fan dy gemeente. Dêrneist wie er lange tiid lid fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân (1903-1922 en 1929-1939) en fanôf july 1922 siet er oardeljier yn de Earste Keamer foar de ARP.

Sijtsma hie ek ferskate bestjoersfunksjes. Hy wie ûnder oaren bestjoerslid fan de Kristlike Kweekskoalle te Dokkum.

Op 16 maaie 1895 boaske er yn Mitselwier oan Sidonia Catharina Miedema. Hja krigen fjouwer soannen en twa dochters. Yn 1934 waard syn soan Frans Sijtsma boargemaster op it plak fan syn heit. Syn skoansoan Sybren van Tuinen wie ek boargemaster en Earste Keamerlid.

Sijtsma kaam te hôf yn Eanjum op 11 novimber 1939.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: