Strânnôtmûs

Ut Wikipedy
strânnôtmûs
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje wrotmûseftigen (Cricetidae)
skaai nôtmûzen fan 'e Nije Wrâld
   (Reithrodontomys)
soarte
Reithrodontomys raviventris
Dixon, 1908
IUCN-status: bedrige
ferspriedingsgebiet

De strânnôtmûs (wittenskiplike namme: Reithrodontomys raviventris) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae) en it skaai fan 'e nôtmûzen fan 'e Nije Wrâld (Reithrodontomys), dat lânseigen is yn it noarden fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje, yn 'e kustgebieten fan 'e Baai fan San Francisco. It is in lyts nachtdier mei in fierhinne herbivoar dieet, dat de opmerklike oanpassing hat dat it oerlibje kin troch inkeld sâlt wetter te drinken. Foarhinne waard de strânnôtmûs yn 'e regel beskôge as in ûndersoarte fan 'e westlike nôtmûs (Reithrodontomys megalotis), mar tsjintwurdich wurdt er almeast as in selsstannige soarte behannele. De IUCN klassifisearret de strânnôtmûs as bedrige.

Taksonomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De strânnôtmûs (Reithrodontomys raviventris) waard foarhinne algemien sjoen as in ûndersoarte fan 'e westlike nôtmûs (R. megalotis), mar tsjintwurdich is de wittenskiplike konsensus dat it in aparte soarte is. Der binne twa ûndersoarten fan 'e strânnôtmûs, in noardlikenien (R. r. halicoetes) en in súdlikenien (R. r. raviventris). Ut DNA-ûndersyk nei de noardlike ûndersoarte hat bliken dien dat dy it naust besibbe is oan 'e flaktenôtmûs (R. montanus) fan 'e Grutte Flakten ynstee fan oan 'e westlike nôtmûs.

Strânnôtmûzen bliuwe oer it algemien kalm as se fongen wurde.

Fersprieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De strânnôtmûs komt mar op ien plak yn 'e wrâld foar, en dat is yn 'e sâltwettersompen oan 'e râne fan 'e Baai fan San Francisco, yn Noardlik Kalifornje, oan 'e westkust fan Noard-Amearika.

Uterlike skaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De strânnôtmûs hat trochinoar in kop-romplingte fan 5–7 sm, mei in sturtlingte fan 6–10 sm en in gewicht fan 10–20 gram. De sturtlingte is ornaris 120% fan 'e kop-romplingte. De hichte fan in folwoeksen eksimplaar bedraacht 1,5 oant 2,1 sm fan 'e grûn ôf oant de top fan syn rûngeare rêch. De kleur fan 'e pels is brún, by de noardlike strânnôtmûs wat ljochter as by de súdlike strânnôtmûs, mei in rodzige oant bêzje bealch by de noardlike ûndersoarte en in krêmkleurigen oant witenien by de súdlike ûndersoarte.

De strânnôtmûs liket sterk op 'e westlike nôtmûs; dêrfandinne it feit dat er lange tiid foar in ûndersoarte fan dat bist oansjoen waard. Men kin de soarten lykwols net allinne útinoar troch de (justjes) oare pelskleur, mar ek trochdat de strânnôtmûs folle kalmer is en minder agressyf as de westlike nôtmûs, ek as er troch minsken (foar ûndersyk) fongen wurdt.

Biotoop[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Strânnôtmûzen binne poerbêste klimmers.

De fersprieding fan 'e strânnôtmûs is beheind ta it biotoop fan 'e kustmoerassen oan 'e rânen fan 'e Baai fan San Francisco en oangrinzgjende oerflaktewetters, lykas de San Pablobaai en de Suisunbaai.

Hâlden en dragen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De strânnôtmûs is in nachtdier, dat yn 't bysûnder aktyf is op ljochtmoanne nachten. Hy makket gebrûk fan 'e paadsjes troch de begroeiïng dy't troch oare kjifdieren oanlein binne en kin tige goed klimme. Sa't te ferwachtsjen is fan in wrotmûs dy't yn sompen omhúsmannet, is de strânnôtmûs ek in earsten swimmer. Neffens gegevens út in ûndersyk dat plakfûn yn 'e sompen om 'e Suisunbaai hinne, kinne strânnôtmûzen teminsten oardel jier libje en mooglik langer. De wyfkes smite twa nêsten jongen yn 't jier. It territoarium fan in strânnôtmûs bedraacht likernôch 1.300–1.500 .

In strânnôtmûs fongen om opmetten te wurden.

Fretten en drinken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Strânnôtmûzen binne striktere herbivoaren as besibbe soarten nôtmûzen fan 'e Nije Wrâld, dy't wolris ynsekten beplúzje. Ynsafier bekend hâldt de strânnôtmûs him by sied en oar plantaardich fretten, lykas farske útrinners. Op syn dieet stiet benammen kwelderkrûd (Ned.: zeekraal), dat om 'e Baai fan San Francisco hinne de meast foarkommende moerasplant is.

In tige opmerklike adaptaasje fan 'e strânnôtmûs oan syn habitat is dat it bistke gjin ferlet hat fan swiet wetter, mar útslutend sâlt wetter drinke kin. It tinken mank mammalogen is dat de strânnôtmûs in spesjale nierfunksje hat om soks mooglik te meitsjen. De noardlike ûndersoarte kin wol hielendal sûnder swiet wetter, mar jout oan swier wetter al dúdlik de foarkar; de súdlike ûndersoarte kin ek sûnder swiet wetter, en liket boppedat gjin foarkar te hawwen foar swiet of sâlt wetter.

In strânnôtmûs yn it kwelderkrûd.

Natuerlike fijannen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Natuerlike fijannen fan 'e strânnôtmûs binne ferskate soarten slangen, foksen, hauken, ûlen en ek steltfûgels lykas reagers en earrebarren. Predaasje troch de húskat komt foar om't har almar mear minsken yn it habitat fan 'e strânnôtmûs nei wenjen sette, dy't harren húsdieren meibringe.

Status[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De strânnôtmûs hat de IUCN-status fan "bedrige", mei't er mar op ien plak yn 'e wrâld foarkomt. Troch habitatferlies, feroarsake troch it yn kultuer bringen fan syn wengebiet troch de minske, is it dêre mei de populaasje sûnt de 1880-er jierren tige yn it neigean rekke. Dat komt net inkeld om't men de kustsompen foarhinne as ûnlân beskôge en war die om se drûch te lizzen, mar ek troch miljeufersmoarging, aktiviteit fan boaten en skippen, en kommersjele seesâltwinning. Pas sûnt likernôch 2000 wurdt der war dien om op guon plakken de âlde kustmoerassen wer yn 'e âlde steat werom te bringen. Ek oare natoerbeskermingsmaatregels wurde no nommen; sa hat de stêd San Rafael in ferbod ynsteld op eltse ûntwikkeling fan lân dat binnen in ôfstân fan 50 foet (151/4 m) fan 'e kustline leit.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.