Foet (lingtemjitte)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Bepaling fan de trochsneed lingte fan in foet yn in Dútske stêd yn de XV of XVI ieu, nei in houtfyk yn Geometrei troch Jakob Koelbel (Frankfurt, ± 1575).

De lingtemjitte foet (Ingelsk: foot, meartal feet) is in lingte-ienheid dy't yn Angelsaksyske lannen noch in soad brûkt wurdt. De Feriene Steaten (2004), Libearje en Myanmar binne de ienige lannen dy't it SI noch gjin wetlike status ferliend hawwe. It ienheidssymboal is ft, of ' en yn Nederlân VT.

Hoewol't de foet gjin SI-ienheid is, is de lingte derfan yn 1958 ynternasjonaal fêstlein middels de inch (jildich sûnt 1 july 1959). Ien inch is eksakt gelyk oan 25,4 mm en der sitte 12 inches yn ien foet. Sa is ien foet 304,8 mm = 0,3048 m. Ien meter is dan dus 1/0,3048 ofwol sa'n 3,28 foet.

De foet wurdt benammen brûkt yn de loftfeart om de fleanhichte mei oan te jaan. Yn de praktyk jildt: 1 foet = 0,3 meter.

De foet wurdt ek in soad yn de skipfeart brûkt om de lingte fan skippen oan te jaan. Ek de maten fan konteners wurde yn foet útdrukt: in lingte fan 20 of 40 foet, by in standert breedte fan 8 foet en in standert hichte fan 8 voet en 6 inch.

Der sitte 3 foet yn in yard en 5280 foet yn in Ingelske myl.

Fjouwerkante foet[bewurkje seksje | edit source]

Ien fjouwerkante foet (Ingelsk: square foot) is ûngefear 0,0929 m² grut. Yn in kante meter gean der sawat 10,764 ft²

Kubike foet[bewurkje seksje | edit source]

Ien kubike foet (Ingels: cubic foot) is ûngefear 0,0283 m³. Yn 1 m³ geane ûngefear 35,315 ft³.

De foet yn Fryslân[bewurkje seksje | edit source]

Yn Fryslân wiene der trije fouten as lingtemaat yn gebrûk[1]:

  • De houtfoet fan 0,296 m;
  • De keningsfoet fan 0,326 m (1/12 diel fan in keningsroede);
  • De skipsfoet fan 0,284 m.

De foet yn Nederlân[bewurkje seksje | edit source]

De foet kin ien lingtemaat wêze mar ek in oerflaktemaat en hat ôfhinklik fan it plak in ferskillende maat. Ofhinklik fan dat plak wie in tomme ferdield yn 10,11,12 of 13 tommen. De hjir toande wearden binne foarbylden, yn de praktyk hie hast elke stêd of krite syn eigen maat. Yn Nederlân wie de meast brûkte foet de Rynlânske foet.

Frânse foet[bewurkje seksje | edit source]

De Frânske Keninklike foet gie foarôf oan de offisjele Frânske foet, dizze waard ferfongen troch it metryske systeem yn de 19de ieu. It Frânske wurd foar foet is "pied".

De Frânske keninklike foet, no yn ûnbrûk, hat de folgjende grutte: Ien meter is lyk oan 3 foet en 11,296 streken op de mjitstôk fan Parys. De Frânske Keninklike foet wie sawat 0,324 839 385 meter. De foet fan Quebec (symboal: P) is yn prinsipe lyk oan de Frânske, mar neffens de Kanadeeske wet is de foet gelyk oan 12,789 inches = 1,06575 foet = 0,324 840 6 meter.

Lingtemaat[bewurkje seksje | edit source]

  • De Amsterdamske foet is 0,283133 m (ûnderferdield yn 11 Amsterdamske tommen)
  • De Bloaiske foet is 0,301 m
  • De ('s Hertogen)boske foet is 0,287 m
  • De Honsbossche en Rypske foet is 0,285 m
  • De Rynlânske foet is 0,3140 m (ûnderferdield yn 12 Rynlânske tommen)
  • De Schouwenske foet is 0,311 m
  • Yn de Kaap de Goede Hoop waard yn de tiid fan de VOC de Rynlânske foet de basis foar de "Kaapse foet" mei 0,314 858 m en 12 Kaapse tommen.

Oerflaktemaat[bewurkje seksje | edit source]

  • De Rynlânske foet is 0,098596 m².

Noaten[bewurkje seksje | edit source]

  1. J.H. van Swinden, Vergelijkings-tafels tusschen de Hollandsche lengte-maten en den mètre; met het nodige onderrigt over dezelve maten, Amsterdam 1812, s. 158-168.