Spaanske gryp
Tink derom dat de Wikipedy gjin medyske konsultaasje jout! |
De Spaanske gryp wie in gryppandemy dy’t oer de heule wrâld ferspraat rekke fan 1918 oant 1920. It is net wis wêr’t de sykte ûntstien is, al wurdt oannaam dat de boarne fan de Spaanske gryp yn Aazje leit. De measte slachtoffers wiene sûne jongfolwoeksenen, wat oars is as by oare grypútbraken, dêr't de measte slachtoffers jonge bern, âlderen en swakke pasjinten by binne.
Syktewurking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De pandemy duorre fan maart 1918 oant juny 1920 [1] en fersprate him sels nei de noardpoal en ôfhandige eilannen yn de Stille Oseaan. It totaal tal deaden nei oanlieding fan de sykte is net wis, rûzings rinne op oant 100 miljoen deaden, de meast hoedende rûzings lizze om en de by de 20 miljoen minsken..[2][3][4] In rûze 500 miljoen minsken hawwe de sykte hân, wat del komt op 1/3 fan de wrâldbefolking fan dy tiid. [5]
Weefsel fan ynferzen slachtoffers binne letter brûkt foar it reprodusearjen fan de sykte foar ûndersyk. Ien fan de konklúzjes fan it ûndersyk is dat it firus wurke mei in sytokinestoarm (oerreaksje fan it lichems ymmúnsysteem), wat it ûngewoane earnstige gedrach en it leeftydsprofyl fan de slachtoffers ferklearret. It sterke ymmúnsysteem fan jongfolwoeksenen fernielde it lichem, wylst it ymmúnsysteem fan bern en fan oare folwoeksenen resultearre yn minder deaden.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme Spaanske gryp is nei alle gedachten net heulendal goed. De earste gefallen fan de gryp kamen foar yn de Feriene Steaten en letter op it fêste lân fan Europa, lang foardat de gryp yn Spanje oankaam. De namme komt nei alle gedachten omdat Spaanske kranten de earsten wienen dy’t oer de gryp skreaunen.[6] Wierskynlik hat dit te krijen mei it feit dat Spanje yn de Earste Wrâldkriich ûnôfhinklik wie en der gjin sensuer wie oer it nijs fan de gryp en de gefolgen fan de sykte. De Spaanske kening Alfonso XIII waard ek bot siik, oer him waard in soad berjochte yn it nijs, wat as gefolch hie dat it measte nijs oer de sykte út Spanje kaam en betrouber wie, wêrtroch de misliedende gedachte ûntstie dat Spanje it meast te lijen hie fan de gryp. It wie úteinlik it Switserske Ministearje fan Sûnens dat foar it earst spruts oer de “Spanische Krankheit”.[7]
Ferrin fan de pandemy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Teoryen oer de boarne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Guon teoryen oer de boarne fan de Spaanske gryp sizze dat de sykte út it Fiere Easten kaam. [8] Dr. C. Hannoun, liedend ekspert fan de Spaanske gryp oan it Ynstitút Pasteur yn Frankryk, seit dat it firus nei alle gedachten út Sina komt, mutearre yn de Feriene Steaten yn de omkriten fan Boston, en fierder ferspraat waard nei Brest yn Frankryk, de Europeeske striidfjilden fan de Earste Wrâldkriich, fierder oer heul Europa en dêrnei oer de wrâld mei de alliearde soldaten en seelju as haadferspraters. Neffens Hannoun binne oare boarnen as Spanje, Kansas en Brest mooglik, mar net oannimlik.
Neffens histoarikus Alfred W. Crosby is Kansas de boarne fan de gryp. [9] De ferneamde skriuwer John Barry ûnderskriuwd de miening fan Crosby dat de sykte yn Kansas begûn, mear krekt yn Haskell County. [10]
Politikolooch Andrew Price-Smith publisearre ynformaasje út Eastenrykske argiven dy’t suggerearren dat de sykte al earder begûn wie, yn Eastenryk yn de maitiid fan 1917. [11]
Undersyk fan in Britske ploech, ûnder lieding fan firolooch John Oxford fan it St. Bartholomew’s Sikehûs en it Royal London Hospital, suggerearre dat in grutte Britske legermacht yn it Frânske Étaples harren yn it hert fan de Spaanske gryp befûn of op in lokaasje fan in grutte foarrinner fan de Spaanske gryp. [12]
Earste weach
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ferrin fan de pandemy dy’t de Spaanske gryp feroarsake kin ferdield wurde yn trije weagen. De earste weach begjint by it ûntdekken fan de grypfariant yn Kansas, yn it earste healjier fan 1918. Hjir kaam Dr. Loring Miner yn jannewaris en febrewaris fan it jier ferskate pasjinten tsjin mei de ferskynsels fan gryp, mar in oar soart as dat hy earder sjoen hie. Al gau gie de gryp oer yn longûntstekking. Ferskate minsken ferstoarnen yn dit stadium fan de pandemy, mar it gie om lytse mannichten. Mar sa gau at de sykte kaam wie, gie it ek wer fuort. [13]
Nei oanlieding fan dizze koarte grypweach besleat dokter Miner om it barren troch te jaan oan lânlike amtners. Syn warskôging waard publisearre yn it wyklikse blêd Public Health Report fan de Public Health Service yn de Feriene Steaten. [14]
Op 4 maart 1918 waard it earste grypgefal by in Amerikaanske soldaat ûntdutsen dy’t stasjonearre wie op Camp Funston, yn it militêre reservaat Fort Riley. [15] It kamp lei deunby it doarp wêr’t de eardere grypútbraak west wie en der wienen ek manlju út it doarp stasjonearre. Dizzen hawwe nei alle gedachten de gryp meinaam nei de militêre basis en de sykte dêr ferspraad. In wike letter, op 11 maart 1918, kaam de gryp al yn Queens, New York foar.[16]
Op dit stuit waarden de Amerikaanske soldaten nei Europa stjoerd om harren dêr yn de Earste Wrâldkriich te mingen. De militêren namen de gryp mei en besmetten hjir de boargerbefolking, lykas militêren út Frankryk, Grut-Brittanje en harren eigen manskippen. Sadwaande koe de gryp him ferspriede troch Europa. [17]
De minsken dy’t it meast te lijen hienen fan de earste weach wienen sike en âlde minsken, wylst jongeren der relatyf ienfâldich boppe op kamen.
Twadde weach
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De twadde weach begûn yn augustus en sloech hast tagelyks ta yn trije grutte havenstêden, Brest yn Fankryk, Freetown yn Sierra Leone en Boston yn de Feriene Steaten.[18][19] It firus hie him op dat stuit mutearre nei in deadliker ferzje.
Yn Brest kaam de Spaanske gryp omdat dêr in soad Amerikaanske soldaten oankamen, dizzen soenen letter it heule gebiet besmette. Soldaten dy’t in bytsje siik wienen waarden nei it front tastjoerd, wylst soldaten dy’t slim siik wienen yn folle wagons mei de trein nei sikehûzen stjoerd waarden, wêrtroch se de mutearre ferzje fersprieden. Dizze nije grypferzje wie deselde as dy fan út it earste heal jier fan 1918. Minsken dy’t doe siik wurden wienen, wienen no ymmún foar de gryp, ferskil wie dat de gryp no in stik deadliker wie en de meast risikogroep wienen no jonge sûne minsken. Wylst de Earste Wrâldkriich de gryp net feroarsake, soarge de grutte mannichten legermanskippen nei alle gedachten al foar de fersprieding en de mutaasje fan de sykte, it hat nei alle gedachten ek de deadlikens fan de sykte slimmer makke. Guon minsken sizze dat de ymmúnsystemen fan de soldaten ferswakke rekken troch ûnderfieding en ek troch de stres fan de kriich en de gemyske oanfallen, wêrtroch se mear fetber foar de sykte wienen.
Omdat dizze nije fariant fan de gryp benammen jonge minsken siik makke, tochten dokters dat it net om in grypfariant gie, mar om in útbraak fan golera of tyfus. Oaren tochten dat it om in nije sykte gie. [20]
Tredde weach
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tredde weach fan de Spaanske gryp waard ynlûde troch de ein fan de Earste Wrâldkriich. Oeral op de wrâld waard feest fiert, omdat de oarloch oer wie en de soldaten gienen wer nei hûs. Dizze ferpleatsing fan minsken soarge der ek foar dat de gryp him op ‘e nij ferspriede koe.
De tredde weach wie net sa deadlik as de twadde weach, mar wol deadliker as de earste oanfal. Ek no kamen in soad minsken om it libben, mar in soad omtinken wie der net mear foar de gryp. De ein fan de kriich hie foar de minsken de begjin fan in nije perioade ynlûde. [21] Hoe’t de sykte no heulendal fuortrekke is net wis. Oannaam wurdt dat de Spaanske gryp him wer mutearre, no nei in minder deadlike fariant. Dit is in barren dy’t faker foarkomt by patogene firussen.
Wannear’t de sykte heulendal ophuld is net wis. Guon minsken sizze dat it yn de hjerst fan 1919 west hat, oaren tinken dat de sykte oant yn 1920 libbens koste hat. [22]
De Kanadeeske politikolooch Andrew Price-Smith hat de kontroversjele miening dat it firus de rin fan de Earste Wrâldkriich bepaald hat yn it foardiel fan de Alliearden. Hy hat ynformaasje dat de Sintrale Machten earder te krijen hienen mei de gryp dan de Alliearden en dat sawol de sykte as it stjertesifer slimmer wienen yn Dútslân en Eastenryk as yn Ingelân en Frankryk.[23] Skiedkundigen binne it der oer iens dat de Spaanske gryp ek de útkomst fan de fredesûnderhannelings feroare hat. Presidint Woodrow Wilson fan de Feriene Steaten krige de sykte ûnder de lea ûnder de gearkomste yn Versailles. Der wurdt sein dat troch syn ôfwêzigens de easken oan Dútslân strenger wurden wienen.
Symptomen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Spaanske gryp begûn mei hege koarts, hoastje, spierpine, rillings en in seare kiel. Folge troch wurgens en flauwtes. Hja ferlearen safolle enerzjy dat hja net mear ite en drinke koe. It sykheljen waar heultiid swierder en yn in pear dagen trêde de dea yn. De dea folge meastentiids nei in swiere longûntstekking of troch it ferdrinken fan de longen yn it eigen bloed.[24]
Stjertesifers
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It stjertesifer fan it tal ynfektearren fan de Spaanske gryp is net wis, oannaam wurdt dat it om in persintaazje om en de by de 10% oant 20% giet. Mei in tredde fan de wrâldbefolking ynfektearre komt it del op likernôch 3% oant 6% fan de wrâldbefolking dy’t stoar oan de gefolgen fan de pandemy. [25] Yn de earste wiken nei it útbrekken fan de gryp stoaren likernôch 25 miljoen minsken oan de sykte. Alde rûzings geane út fan 40 oant 50 miljoen deaden, wylst hjoeddeiske rûzings sprekke fan 50 oant 100 miljoen deaden. Dizze pandemy waard beskreaun as “de grutste medyske holokaust yn de skiednis” en hat nei alle gedachten mear minsken fermoarde as de Swarte Dea.[26]
Yn Yndia kamen mear as 17 miljoen minsken om, likernôch 5% fan it totale ynwennertal.[27] Yn Japan rekken 23 miljoen minsken siik, 390.000 minsken kamen om.[28] Yn de Feriene Steaten rekke 28% fan de befolking siik, 500.000 oant 675.000 ferstoarnen oan de Spaanske gryp.[29] Yn Grut-Brittanje ferstoarnen 250.000 minsken, yn Frankryk likernôch 400.000. [30] Yn Kanada kamen 50.000 minsken om.[31] Yn Alaska, Quebec en Labrador ferstoarnen heule doarpen.[32][33] Yn West-Afrika kamen by in grypútbraak yn Gana mear as 100.000 minsken om.[34] Yn Nederlânsk-Ynje, it hjoeddeiske Yndoneezje kamen 1,5 miljoen minsken om op in ynwennertal fan 30 miljoen.[35] Yn Tahity kaam 14% fan de minsken om yn mar twa moanne. Yn deselde tiid kamen yn Samoa yn novimber 1918 20% op in ynwennertal fan 38.000 minsken om, ek yn in tiidrek fan twa moanne.[36] Yn Nederlân kamen likernôch 28.000 minsken om, yn oktober 1918 waarden de earste gefallen (5.506 deaden) konstatearre, ek yn novimber (16.960) en desimber (5.321) foelen der noch deaden troch de Spaanske gryp. [37]
Tafari Makonnen (dy’t letter Haile Selassie neamd wurde soe) wie ien fan de earste Etyoopjers dy’t de sykte ûnder de lea krige; hy wist te oerlibben. In soad fan syn ûnderdanen kamen lykwols al om. Rûzings foar it dal deaden yn de haadstêd fan it lân, Addis Ababa, lizze fan 5.000 oant 10.000 en sels heger. Yn Britsk Somalylân konstatearre in amtner dat 7% fan de ynlânske befolking om kaam.
Dat grutte tal deaden kaam troch it ekstreem hege ynfeksjepersintaazje, oant wol 50%, en de swiere symptomen, dy’t nei alle gedachten feroarsake waarden troch in sitokinestoarm. Yn 1918 wie der noch net in soad bekend oer de symptomen, dat faaks waard der in ferkearde konklúzje lutsen oer wat immen hie; faak waard de Spaanske gryp mei dengue, golera of búktyfus betize. In wiernimmer skreaun hjiroer: “Ien fan de meast dúdlike komplikaasjes wienen bliedings fan de slymhûd, benammen de noas, mage en de termen. Bliedings fan de earen en petichieën op de hûd kamen ek foar.” It meastepart fan de deaden kamen om troch bakteriële longûntstekking, in sekondêre ynfeksje troch de gryp, mar it firus deade ek minsken fuortendaliks, troch swiere bliedings en aam yn de long.[38]
De bûtengewoan swiere sykte deade likernôch 2% oant 20% fan de minsken dy’t siik rekken, wylst by in gewoane grypepidemy likernôch 0,1% fan it tal ynfektearden om komt.[39][40] In oar ûngewoan foarkommen fan de sykte wie dat it benammen jongfolwoeksenen deade, 99% fan de deaden wie jonger as 65 jier, en mear as de helte wie tusken de 20 en 40 jier âld.[41] Dit is net gewoan, omdat normaal by gryp de measte deaden jonge bern (ûnder de 2 jier) en âlden (boppe de 70 jier) binne.[42]
Der binne lykwols gebieten dêr’t relatyf sjoen net in soad slachtoffers foelen. Yn de Stille Oseaan slaggen de oerheden fan Amerikaansk Samoa en de Frânske koloanje Nij-Kaledoanje der sels yn gjin minsk kwyt te reitsjen oan de gryp troch it ynstellen fan in karantêne.[43] Op buoreilannen kamen lykwols mear as 10.000 minsken om en lei it stjertepersintaazje yn guon gefallen op 30 oant 40 persint.[44]
Kultuerele ynfloed
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Omtinken foar de Spaanske gryp yn de measte lannen ferdizige, nettsjinsteande it hege stjertesifer, troch de tiid hinne, mar nei it opkommen fan de fûgelgryp en oare pandemyen yn de 1990’er en 2000’er jierren soarge foar in nei weach oan omtinken foar de gryp. It laad der ta dat guon skiedkundigen de Spaanske gryp as de “fergetten pandemy” oantsjutten.[45]
Der binne ferskate teoryen wêrom de Spaanske gryp “fergetten” rekke. De snelle gong fan de epidemy, yn Nederlân, bygelyks, ferstoarnen de minsken as gefolch fan de Spaanske gryp yn trije moanne tiid, wêrtroch de sykte net in soad omtinken krige yn de parse. De minsken wienen doedestiids ek wol bekend mei pandemyen yn de lette 19e iuw en iere 20e iuw, bygelyks tyfus, giele koarts, diftery en golera wienen allegear yn dy tiid útbrutsen. Dizze útbraken makke de gewichtigens fan de Spaanske gryp foar it publyk minder. Yn guon gebieten kaam de sykte heulendal net foar yn de berjochtjouwing, dat de minsken kamen allinnich yn kontakt mei de sykte troch de advertinsjes fan medisinen dy’t it firus ferhelpe soenen.
Dêrnjonken foel de útbraak fan de Spaanske gryp gear mei de Earste Wrâldkriich, wêr’t fansels in soad omtinken foar wie. In oare ferklearring jout de leeftydskategory fan de measte minsken dy’t de sykte krigen, jongfolwoeksenen, lykas yn de kriich. It stjertesifer troch de gryp rekke misskyn wat ûndersnijd troch de grutte mannichten deade jonge manlju fan de kriich. By it lêzen fan de rou-advertinsjes yn de kranten sêgen de minsken de deaden fan sa wol de kriich as de Spaanske gryp njonken mekoar stean. Benammen yn Europa, wêr’t de Earste Wrâldkriich in soad libbens koste, hie de gryp njonken de kriich nei alle gedachten gjin psychologyske ynfloed, of waard it firus sjoen as in bie-effekt fan de kriich.
Op it mêd fan de literatuer hat de Amerikaanske skriuwster Katherine Anne Porter in ferneamd stik skreaun, neamd "Pale Horse, Pale Rider". It boek giet oer de relaasje fan in froulike sjoernalist, Miranda, en har man, de soldaat Adam, yn de tiid fan de Spaanske gryp. Yn 1935 skreaun John O’Hara it ferhaal "The Doctor’s Son", oer de erfarings fan syn fiktive alter ego yn de tiid fan de epidemy yn in mynstedsje yn Pennsylvania. Yn 1937 skreaun de Amerikaanske skriuwer William Keepers Maxwell, Jr. it ferhaal "They Came Like Swallows", in fiksjonele rekonstruksje fan de sitewaasje om de dea fan syn mem troch de sykte. Mary McCarthy, in Amerikaansk romanskriuwer en essayist, skreaun oer de dea fan syn âlden yn "Memories of a Catholic Girlhood". Skriuwers Bodie en Brock Thoene begûnen harren boekesearje "Shiloh Legacy" mei de Spaanske gryp yn New York en Arkansas yn it boek "In My Father’s House" (1992). Yn syn koarte ferhaal "If I Die Before I Wake" beskriuwt David Morrell de ynfloed fan de Spaanske gryp yn in fiktyf moledoarp yn Washington. Dennis Lehane ferhellet yn "The Given Day" út 2008 de pandemy fanút de eagen fan de agint Danny Coughlin út Boston en út it perspektyf fan Luther Laurence, in swarte hotelhâlder yn Tulsa.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Nature "Web Focus" on 1918 flu
- (in) The Great Pandemic: The U.S. in 1918-1919. United States Department of Health and Human Services
- (in) The Deadly Virus - The Influenza Epidemic of 1918 US National Archives and Records Administration, mei foto's en ferhalen út dy tiid.
- (in) An Avian Connection as a Catalyst to the 1918-1919 Influenza Pandemic, artikel oer de Spaanske gryp
- (ned) De huisarts en ‘de Spaansche griep’ 1918-1920, Huisarts en Wetenschap
- (ned) Spaanse griep en Eerste Wereldoorlog - Het drama van 1918 troch Eric Mecking
- (ned) De Spaanse Griep, Geschiedenis.vpro.nl - mei artikels en foto en byldmateriaal
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|