Snilekrûper

Ut Wikipedy
snilekrûper
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift moskeftigen (Passeriformes)
famylje imerkesjongerfûgels (Locustellidae)
skaai strûksjongers (Locustella),
soarte
Locustella luscinioides
Savi, 1824
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

     simmerfûgel
     trochtrekker
     wintergast

De snilekrûper (Locustella luscinioides) is in sjongfûgel út 'e famylje imerkesjongerfûgels (Locustellidae).

Skaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De fûgel is 13,5 oant 15 lang, en 12–24 g swier en hat in soad fan 'e karrekyt. Beide soarten binne foar it meast brúngriis fan boppe, ljocht fan ûnder en mei in smelle ljochte eachstreek, mar de snilekrûper is wat mear grienich op 'e rêch en hat ljocht readbrune, rânige ûndersturtdekfearren. De fûgel hat in sang as dy fan in reidimerke, dy't ek yn it reid libbet mar dan faker yn kombinaasje mei strewellen. De snilekrûper wurdt faker heart as sjoen, mar hy lit him gauer sjen as it reidimerke.

Iten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It iten fan 'e snilekrûper bestiet út ynsekten, larven en spinnen.

Nêst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Aaikes

Healwei april komt de snilekrûper nei ús lân om te brieden. It lechsel bestiet út fjouwer oant seis wite aaien mei brune flekken.

Fersprieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De snilekrûper hat in grut ferspriedingsgebiet fan West-Jeropa en Noardwest-Afrika oant de Oeral. In apart gebiet leit yn Kazachstan en Turkmeenje oant de Ob, it noardwest fan Mongoalje en it west fan Tian Shan. Tusken in soad dielen fan it ferspriedingsgebiet yn West-, Midden- en Súd-Europa falle grutte gatten, dêr't de fûgel net foarkomt.

It Jeropeeske oantal wurdt op 530.000 oant 800.000 rûsd. De grutste populaasjes mei yn totaal 360.000 oant 480.000 pearkes komme yn Roemeenje foar.

Nederlân leit oan it rânegebiet fan 'e fersprieding. Sûnt 2000 nimt it tal fûgels in Nederlân ta, dat yn (2018-2020) op 2800-3600 pearkes rûsd wurd. Yn Fryslân komt de snilekrûper û.o. foar yn 'e Lauwersmar, it Bûtenfjild, de Alde Feanen, de Marrekrite, de Makkumerwaarden en de Rottige Meente. Yn Nederlân komt de snilekrûper fral yn it noarden, om 'e Iselmar hinne en de De Biisbosk foar. Yn it easten fan Nederlân komt de fûgel spoaradysk of net foar.

Ein july oant en mei septimber begjinne se oan 'e trek nei de súdlike râne fan 'e Sahara en de noardlike râne fan it sletten reinwâld yn Afrika om dêr te oerwinterjen. De West-Jeropeeske fûgels fleane yn súdwestlike rjochting, wylst de Midden- en East-Jeropeeske fûgels yn súdeastlike rjochting fleane. Yn april komme de fûgels werom.

Undersoarten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yllustraasje fan Henrik Grønvold.

De snilekrûper hat trije ûndersoarten:

Status[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De totale populaasje fan 'e snilekrûper waard yn 2015 op 800.000 oant 1.500.000 eksimplaren rûsd. Mei't de fûgel ek in grut ferspriedingsgebiet hat, is de kâns op útstjerren lyts. De IUCN beöardielet de soarte dêrom as net bedrige.

Yn 'e jierren 1960 en 1970 waard in soad geskikt leefgebiet troch it drûchlizzen fan sompen ferneatige, itjinge late ta in regionaal tebekrinnen fan de snilekrûper. Op guon lokaasjes ferdwûn de fûgel hielendal. Ek yn Nederlân rûn it tal snilekrûpers tusken 1965 en 1985 bot werom. Dêrfandinne waard de fûgel as kwetsber op 'e Nederlânske reade list set. Neffens SOVON nimt it tal pearkes snilekrûpers ek yn Nederlân sûnt 2010 foars ta. Ek yn it noarden en easten fan Midden-Europa, East-Europa en de Baltyske lannen binne de oantallen tanommen.

Fideo fan sjongende snilekrûper[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

https://stats.sovon.nl/stats/soort/12380

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside de:Rohrschwirl (ferzje fan 8 jannewaris 2024)