Smells Like Teen Spirit

Ut Wikipedy
Smells Like Teen Spirit
algemiene ynformaasje
B-kant Even in His Youth
artyst Nirvana
album Nevermind
taal Ingelsk
sjenre Grunge
útbrocht 10 septimber 1991
opnommen Sound City Studio's
maaie 1991
doer 5:01 album
4:38 single
label DGC
skriuwer Kurt Cobain,
Krist Novoselic,
Dave Grohl
produsint Butch Vig
fideoclip
Nirvana - Smells Like Teen Spirit
(Official Music Video)
resultaten
hitlisten flagge fan Nederlân Top 40 - 3,
flagge fan Nederlân Single Top 100 - 3,
flagge fan Belgje Ultratop 50 - 1
sertifisearre Austraalje 9x platina,
Kanada 8x platina,
  Denemark 2x platina,
Dútslân goud,
Itaalje 2x platina,
Nij-Seelân goud,
Portegal 3x platina,
Sweden goud,
Grut-Brittanje 3x platina,
Feriene Steaten platina
tal covers 7

Smells Like Teen Spirit is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Nirvana yn 1991 en útbrocht op it twadde album fan Nirvana Nevermind út itselde jier. Smells Like Teen Spirit is it earste nûmer op it album en waard op 10 septimber útbrocht as earste single fan it twadde album.

Oer it nûmer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Smells Like Teen Spirit waard skreaun troch alle trije de bandleden. Muzikaal sjoen hat it nûmer in soad ynfloeden út de punkmuzyk. Dizze hurde passaazjes op sawol drums as basgitaar wurde ôfwiksele mei rêstige dielen, wêrby't benammen de gitaar weromfalt op in minimaal tsjinjende rol. Dit is in typysk foarbyld fan Grunge.

Oer de fideoklip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de fideoklip sjogge je de band by in skoalkonsert middenmank in tal typysk Amerikaanske cheerleaders en in útsinnich teenerpublyk it liet spyljen en úteinlik de hiele set slope. Cobain liet him foar de sfear fan de fideo ynspirearje troch de film Rock 'n' Roll High School út 1979 mei de Ramones. Hoe't de fideo makke waard, is te sjen op de dvd Nevermind.

Muzikanten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]