Springe nei ynhâld

Slach by Jemgum

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Slach by Jemmingen)
Slach by Jemgum
Part fan de Tachtichjierrige Oarloch
De Slach by Hilligerlee, troch Frans Hogenberg.
Slach by Hilligerlee. Frans Hogenberg.
datum: 21 july 1568
plak: Jemgum, Eastfryslân
útkomst: Spaanske oerwinning
konfliktpartijen
rand Geuzen rand Spanje
befelhawwers
rand Loadewyk fan Nassau rand Caspar de Robles
rand Fernando Álvarez de Toledo, hartoch fan Alva
sterkte
10.000 fuotfolk
? ruters
16 kanonnen
12.000 fuotfolk
3000 ruters
ferliezen
7000 <100
Dizze side giet oer de Slach by Jemgum yn 1568. Foar de Slach by Jemgum yn 1533, sjoch: Slach by Jemgum (1533).

De Slach by Jemgum, by it Eastfryske Jemgum (foarhinne ek wol Jemmingen neamd), wie in treffen op 21 july 1568 tusken in Nederlânsk leger ûnder Loadewyk fan Nassau en in Spaansk leger ûnder Caspar de Robles en Fernando Álvarez de Toledo, hartoch fan Alva.

Alva's ferlies yn de Slach by Hilligerlee dreau de hartoch in skoftke yn it definsyf. Loadewyk fan Nassau belegere mei help fan de wettergeuzen de stêd Grins, mar joech dat op doe't Alva mei in nij leger nei it noarden kaam. Loadewyk liet him lykwols by Jemgum by de Doalert en de Iems yn Dútslân troch Alva yn 'e pine sette.

Loadewyk fan Nassau stelde syn ynfantery op efter in greppel yn twa brigaden fan sa'n 5.000 manlju elts. Dy bestienen hast hielendal út hierlingen en krekt-wûne soldaten. Benefter stie de ruterij; syn 16 kanonnen stelde er op foar de ynfantery. De hartoch fan Alva hie 12.000 man fuotfolk (4 tercios), 3.000 man ruterij en in ûnbekend oantal kanonnen.

Alva stjoerde in foarhoede fan 3 heakbusienheden (1.500 man) en 300 man kavalery foarút om de protestantske liny te testen. De rest fan syn troepen brûkte er om it skiereilân ôf te sluten. Trije oeren lang die de Spaanske foarhoede hoedene oanfallen op de Nederlânske liny. Dy andere mei lytse tsjinoanfallen. Doe't ferkenners Loadewyk berjochten dat der fierders gjin Spaanske troepen yn de omkriten wienen, joech dy it befel om op te tsjen. Mar hy state lykwols al nei in pear hûndert meter op fûl haakbus- en musketfjoer. Doe't ek noch de Spaanske ruterij op it slachfjild oankaam, moast Loadewyk syn leger opdracht jaan om tebek te lûken. Dat betearde lykwols yn in flecht nei de fearen oer de Iems dêr't goed 7.000 deaden by foelen. Alva ferlear yn de slach minder as 100 man.

De nederlaach wie in gefoelich ferlies foar de opstannelingen en betsjutte yn earste ynstânsje de ein fan de fjildoperaasjes. It Spaanske leger hie frij spul.

Alva oermastere alle kanonnen fan syn tsjinstanners. Hy liet dy omrane ta in stânbyld fan himsels, dy't er yn Antwerpen delsette liet. It is dêrom, dat hy ek wol de Izeren Hartoch neamd waard.