Sjoukje Dijkstra
Sjoukje Dijkstra | ||
sporter | ||
Sjoukje Dijkstra (1960) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Sjoukje Rosalinde Dijkstra | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 28 jannewaris 1942 | |
berteplak | Akkrum | |
stjerdatum | 2 maaie 2024 | |
stjerplak | Someren | |
etnisiteit | Frysk | |
sportive ynformaasje | ||
sport | keunstriden | |
earste titel | NK 1959 | |
O.S. | Cortina d'Ampezzo 1956 Squaw Valley 1960 Innsbruck 1964 | |
debút | 1953–54 | |
karriêre-ein | 1964 | |
wichtige prestaasjes | ||
1x goud Olympyske Spullen 1964 1x sulver Olympyske Spullen 1960 3x goud WK 1962, 1963, 1964 1x sulver WK 1960 1x brûns WK 1959 5x goud EK 1960, 1961, 1962, 1963, 1964 1x sulver EK 1959 6x goud NK 1959, 1960, 1961, 1962, 1963, 1964 4x sulver NK 1955, 1956, 1957, 1958 1x brûns NK 1954 |
Sjoukje Rosalinde Dijkstra (Akkrum, 28 jannewaris 1942 - Someren, 2 maaie 2024) wie in Olympysk kampioene keunstriden yn 1964. Se brocht har jonge jierren troch yn Akkrum, dêr't se mei âlden wenne op 'e Ljouwerterdyk yn in hûs mei de namme Blierherne, rjocht foar Coopersburg oer.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sjoukje Dijkstra waard yn Akkrum berne mar waard grut yn Amstelveen. Sy is in dochter fan hurdrider Luitzen Dijkstra. Se stie dan ek al jong op redens, mar it die al gau bliken dat har talint it keunstriden wie. Doe't se alve wie gong se in pear moannen nei Londen dat se ûnder Arnold Gerschwiler trene koe.
Yn 1956 waard se tolfte op de Olympyske Spullen. Yn 1959 waard se Nederlânsk kampioene en helle se brûns op it wrâldkampioenskip. Yn 1960 helle se sulver op de Olympyske Spullen en op it wrâldkampioenskip. Mar fan doe ôf wie se op de ferplichte figueren likegoed as op de frije kuer de bêste.
Fan 1960 oant 1964 waard se fiif kear Nederlânsk en Jeropeesk Kampioene, en fan 1962 oant 1964 trije kear wrâldkampioene. (Yn 1961 gong it wrâldkampioenskip net troch.) En foar de eagen fan de keninklike famylje helle se op 2 febrewaris 1964 it goud op de Olympyske Spullen yn Innsbruck.
Om't se doe alles wûn hie wat der te winnen wie, hâlde se op mei de wedstriden. Se kaam by de iisrevu Holiday on Ice, dêr't se oant 1973 oan mei die. Dêr kaam se yn 'e kunde mei de dresseur Karl Kossmayer, dêr't se yn desimber 1975 mei troude. Tegearre krigen se twa famkes, Katja en Rosalie, dy't ek beide dresseuse wurde binne. Karl is yn desimber 2000 ferstoarn.
Sjoukje Dijkstra wie fan 1959 oant 1964 seis kear sportfrou fan it jier. Earst 4 jannewaris 2004 waard Sjoukje Kossmayer-Dijkstra yn Fryslân hulde brocht foar har Olympyske gouden medalje.
Op 9 desimber 2005 krige Dijkstra de earste Fanny Blankers-Koen Trofee útrikt út hannen fan de foarsitter fan NOC*NSF Erica Terpstra yn de Oval Lingotto yn Turyn. Tagelyk krigen judoka Anton Geesink, roeier Nico Rienks en reedrider Ard Schenk de trofee ek.
Sjoukje Dijkstra ferstoar op 2 maaie 2024, yn 'e aldens fan 82 jier. In lytse twa moanne nei har freondinne Joan Haanappel dy't yn febrewaris fan 2024 ferstoar.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |