Ard Schenk

Ut Wikipedy
Ard Schenk
sporter
persoanlike bysûnderheden
echte namme Adrianus Schenk
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 16 septimber 1944
berteplak Anna Paulowna
sportive ynformaasje
sport Reedriden
ûnderdiel Langebaan
earste titel NK ôfstannen 1997, 1000 m.
O.S. Innsbruck 1964,
Grenoble 1968,
Sapporo 1972
debút 1963
karriêre-ein 1974
wichtige prestaasjes
3x goud Olympyske Spullen 1972, 1996
1x sulver Olympyske Spullen 1968
3x goud Wrâldkampioenskip 1970, 1971, 1972
2x sulver Wrâldkampioenskip 1966, 1967
2x brûns Wrâldkampioenskip 1965, 1968

Adrianus (Ard) Schenk (Anna Paulowna, 16 septimber 1944) is in earder Nederlânsk reedrider. Schenk wûn tusken 1963 en 1974 meardere gouden medaljes by de Olympyske Winterspullen, Wrâldkampioenskippen en Europeeske kampioenskippen. De jierren dat Schenk syn reedrydsuksessen fierde, geane troch foar it tiidrek fan "Ard en Keessie". Mei Keessie wurdt Kees Verkerk bedoeld, syn wichtichste Nederlânske rivaal op it iis.

Oan de ein fan it seizoen 1972 stapte Schenk, tegearre mei in tal oare reedriders, oer nei it nij opstarte profsirkwy fan de International Speed Skating League en waard dêr ien kear wrâldkampioen. Oant 1976 stie Schenk boppe-oan de wrâldranglist fan alle tiden, de saneamde Adelskalinder.

Yn 2005 wie Schenk ien fan de fiif earste sporters dy't eare waarden mei de Fanny-Blankers-Koen-Troffee, in oeuvrepriis bedoeld foar sporters mei bûtengewoane fertsjinsten foar de Nederlânske sport.

Persoanlike rekords[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ofstân Tiid Datum Baan
500 meter 38,9 15 jannewaris 1975 flagge fan Switserlân   Eisstadion Davos, Davos
1000 meter 1.18,8 20 jannewaris 1971 flagge fan Dútslân Ludwig Schwabl Stadion, Inzell
1500 meter 1.58,7 16 jannewaris 1971 flagge fan Switserlân   Eisstadion Davos, Davos
3 km 4.08,3 2 maart 1972 flagge fan Dútslân Ludwig Schwabl Stadion, Inzell
5 km 7.09,8 4 maart 1972 flagge fan Dútslân Ludwig Schwabl Stadion, Inzell
10 km 14.55,9 14 maart 1971 flagge fan Dútslân Ludwig Schwabl Stadion, Inzell

Resultaten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

jier NK
Allround
EK
Allround
WK
Allround
WK
Sprint
Olympyske
Spullen
1964 Sulver 1500 m, 13e
1965 Goud 5e Brûns
1966 Sulver Goud Sulver
1967 Sulver 15e Sulver
1968 Goud 6e Brûns 500 m, 13e
1500 m, Sulver
1969 Brûns 4e 13e
1970 Goud Goud Goud 6e
1971 Sulver Sulver Goud Brûns
1972 Goud Goud Brûns 500 m, 34e,
1500 m, Goud,
5 km, Goud
10 km, Goud

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: