Anton Geesink

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Anton Geesink (1961)

Anthonius Johannes (Anton) Geesink (6 april 1934, Utert - 27 augustus 2010, Utert) wie Nederlânsk wrâldkampioen judo en lid fan it Ynternasjonaal Olympysk Komitee (IOC).

Hy wie yn 1961 de earste net-Japanner dy't wrâldtitel yn de swierste klasse judo wûn, en wie ek yn 1965 de bêste fan de wrâld. Yn 1964 skokte hy it gastlân Japan doe't er op de Olympyske Spullen yn Tokio yn de finale de Japanner Akio Kaminaga fersloech en dêrtroch Olympysk kampioen judo waard. Geesink waard 21 kear Europeesk kampioen en wûn yn Nederlân njonken 21 nasjonale titels yn it judo ek yn 1957, 1958, en 1959 in nasjonale titel yn it Gryksk-Romeinsk wrakseljen.

Nei syn judokarriêre bleau Geesink ek as bestjoerder aktyf yn de sportwrâld. Hy makke sûnt 1987 diel út fan it Ynternasjonaal Olympysk Kommitee.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]