Sint-Petrustsjerke (Fulda)

Ut Wikipedy
Sint-Petrustsjerke

St. Peter

Lokaasje
lân Dútslân
dielsteat Hessen
plak Fulda-Petersberg
koördinaten 50° 33' N 9° 42' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Fulda
patroanhillige Petrus
Arsjitektuer
boujier 836-838
Webside
Side Liobaparochy
Kaart
Sint-Petrustsjerke (Hessen)
Sint-Petrustsjerke

De Sint-Petrustsjerke is in oan 'e hillige apostel Petrus wijde tsjerke yn 'e Dútske stêd Fulda. De tsjerke wie eartiids in tsjerke fan it Benediktynske kleaster dêr en waard tusken 836 en 838 wijd.

Sûnt 1020 is de lokaasje bekend as Mons sanct Petri. De ferwulften fan 'e tsjerke hearre ta de âldste fan 'e boppegrûnske tsjerken fan Dútslân. Der binne muorrebeskilderingen út de boutiid bewarre bleaun en dy binne dêrmei ek de âldste muorrefresko's fan Dútslân.

Yn 'e krypte fan 'e tsjerke waard de hillige Lioba byset, sadat de tsjerke ek bekend waard ûnder de namme Liobatsjerke. Sûnt 1995 wurdt de plasse fan 'e hillige wer yn 'e tsjerke bewarre.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Aldste fresko fan Dútslân.

De earste tsjerke op 'e lokaasje waard nei alle gedachten om 'e iuwwikseling fan 'e 8e nei de 9e iuw ûnder abt Baugulf boud. De Fuldaër abt Rabanus Maurus joech yn 'e jierren 830 opdracht om op 'e Petrusberch tichteby it kleaster fan Fulda in trijeskippige basilyk en in Benediktynsk kleaster te stiftsjen. Yn it ramt fan 'e wijing fan 'e tsjerke op 28 septimber 836 brocht Rabanus Maurus de reliken fan Sint-Lioba fan 'e Fuldaër stiftstsjerke nei de krypte fan 'e Petrustsjerke.

Nei de ferneatging fan 'e gebouwen op 'e Petrusberch troch in Hongaarske oerfal yn 915, waarde de útbaarne gebouwen ûnder abt Haicho wer renovearre. Ek yn 'e jierren 1327-1331, de boerekrigen yn 'e 16e iuw en de Tritichjierrige Kriich soargen foar skea. Op in net bekend stuit waarden de bonken fan Lioba wer nei de stiftstsjerke fan Fulda brocht. De lege sarkofaach dy't efterbleau waard in plak dêr't minsken genêzingswûnders ferwachten. Op in barok muorreskilderij is te sjen hoe't memmen klean fan harren sike bern en somtiden ek de bern sels yn 'e lege sarkofaach leine om sa de foarbea fan Lioba ôf te smeken. Om 't de bern faak raasden as hja yn 'e kâlde sarkofaach lein waarden, krige de sarkofaach yn 'e folksmûle de namme Schreistein. De parochy ferbea yn 1915 dy tradysje.

Sûnt 1298 waard de kleastertsjerke ek in parochytsjerke.

Yn it ramt fan 'e sekularisaasje waard it kleaster yn 1802 opheft. Fan 'e âlde kleastergebouwen bleau allinne de oranjery bewarre. Yn septimber 2007 wie it 1225 jier lyn dat Lioba ferstoar en waard in nije Benediktynske delsetting iepene yn in modern kleastergebou, dat op 'e resten fan 'e oranjery boud it.

De plasse fan Lioba wie earder al yn 1995 nei de krypte fan 'e Petrustsjerke werom brocht. It relikwarium en de deksel fan 'e stiennen sarkofaach fan 836 binne it wurk fan de Fuldaër Benediktynske non Lioba Munz.

Bou[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It trijedielige koer, de krusing en de trijedielige krypte besteane noch foar in belangryk diel út it Karolingysk muorrewurk. Yn 'e krypte binne trije apsissen mei elts in alter. Efter it middelste alter stiet de lege sarkofaach fan Lioba. De toer by it koer en de westlike klokketoer binne romaansk. It oarspronklik trijeskippige, romaanske skip waard yn 1479 troch in ienskippige, letgoatyske hal ferfongen. De âldste fan 'e seis ferskillende dakken fan 'e tsjerke binne dy fan it skip, de sakristy en it sydkoer, dy't alletrije datearje út 1478/1480.

Yn 'e barokke tiid waard it ynterieur fan 'e tsjerke feroare, itjinge by lettere restauraasjes weromdraaid waard. Fan 'e ynrjochting yn 'e tsjerke binne benamme acht romaanske stiennen reliëfs út de twadde helte fan 'e 12e iuw it neamen wurdich.


Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:St. Peter (Petersberg)