Radio Studio 54 Network
Radio Studio 54 Network | |
---|---|
medium | radio |
nasjonaliteit | Italjaansk |
taal | Italjaansk |
oprjochte | 1985 |
haadkertier | Locri (Itaalje) |
ûntfangstgeb. | Kalaabrje, Sisylje, Basilikata, Apúlje, oer ynternet wrâldwiid |
eigner | Francesco Massara |
webside | www.studio54network.it |
Radio Studio 54 Network as koartwei Studio 54 Network is in kommersjele Italjaanske radiostjoerder, fêstige yn Locri, dat yn 'e "tean" fan 'e Lears fan Itaalje leit. It is in muzyk- en nijsstjoerder, dy't mei syn útstjoerings in grut part fan súdlik Itaalje beslacht, ynkl. it eilân Sisylje.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Studio 54 Network waard yn 1985 oprjochte ûnder de namme Radio DJ Studio Club 54. It idee kaam fan Pietro Parretta en Francesco Massara, en yn gearwurking mei Enzo Gatto, Memmo Minniti en Pietro Musmeci brochten hja it ta útfiering. De earste útstjoering fûn plak op 6 juny fan dat jier. It motto fan 'e stjoerder, il bello della musica è che quando ti colpisce non senti dolor ("it moaie fan muzyk is: as it je rekket, fiele je gjin fertriet"), is in sitaat fan 'e Jamaikaanske reggaesjonger Bob Marley.
Sa't dat mei de measte frije radiostjoerders it gefal is, begûn it foar de oprjochters mei Studio 54 Network as in leafhawwerij. Pas yn 1990, doe't de Wet-Mammì nije regels yntrodusearre foar Italjaanske radio- en tillefyzjestjoerders, waard Studio 54 Network omfoarme ta in wier bedriuw. Yn 1991 wie de stjoerder de earste yn Kalaabrje en ien fan 'e earsten Itaalje om oer te gean op it Radio Data System, in projekt fan 'e Jeropeeske Omropuny (EBU) foar standertdigitalisearring fan FM-útstjoerings.
Yn 'e earste tsien jier fan syn bestean stjoerde Studio 54 Network inkeld út oan 'e Ioanyske kust fan 'e Kalabryske provinsje Reggio Calabria, mar sûnt 1995 hat de stjoerder troch it oernimmen fan konkurrinten syn ûntfangsgebiet útwreide oer it hiele suden fan it lân. Yn 1998 waard de namme fan it radiostasjon feroare yn 'e hjoeddeiske beneaming. Fan 2000 ôf stjoert Studio 54 Network mei mobile studio's ûnder de namme fan Studio 54 LiveTour geregeldwei út fanôf lokaasje, ornaris op steds- of doarpspleinen yn 'e regio. Sûnt 2010 besteane fierders de saneamde Studio 54 Angels, in tiim fan kreaze jongfammen dy't mei harren oanwêzigens alle eksterne aktiviteiten fan 'e stjoerder ûnderstypje. Hja binne tarist mei in jeep mei útstjoerappatatuer dy't harren by steat stelt om plakken te berikken dêr't de mobile studio sels net komme kin.
Untfangstgebiet en harkerstal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it uterste suden fan Itaalje is Studio 54 Network rûnom te ûntfangen. It útstjoergebiet beslacht de regio's Kalaabrje, Sisylje, Basilikata en Apûlje en de provinsje Salerno fan 'e regio Kampaanje. Dêrnjonken is de Studio 54 Network ek wrâldwiid te folgjen fia live streaming oer it ynternet. De stjoerder fersoarget 28 deistige nijsbulletêns, mei tuskentroch ek updates as dat nedich is. Foar de rest bestiet de programmearing fierhinne út muzyk. It harkersoandiel fan 'e stjoerder bedraacht omtrint 700.000 minsken.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |