Pieter Breuker

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Pieter Breuker (Skingen, 17 maaie 1945) is in Frysk skriuwer.

Ynhâld

Biografy [bewurkje seksje]

Pieter Breuker waard yn 1945 berne yn in boerehúshâlding yn Skingen, by Dronryp. Yn syn jeugd waard der in soad oan sport dien: winterdeis reedride, simmerdeis keatse en maitiids wie benammen it ljipaaisykjen populêr. Breuker wie dan ek in grut leafhawwer fan dy trije sporten en is dat ek altiten bleaun. Breuker is net allinne in fanatyk keatser, ek publisearret er in soad oer dy sport. Breuker studearre yn Amsterdam Nederlânsk oan de UvA en Frysk oan de de Frije Universiteit (V.U.). Yn 1973 wie er de earste studint dy't oan de V.U. syn doktoraal Frysk helle. Nei syn ôfstudearjen gie er oan it wurk as learaar Nederlânsk en Frysk op de Rykspedagogyske Akademy op It Hearrenfean, yn 1979 waard er wittenskiplik meiwurker foar it Frysk oan it Frysk Ynstitút fan de Ryksuniversiteit Grins (RuG). Hy waard dêr in bekend dosint en wittenskiplik ûndersiker. Dêr promovearre er yn 1993 op in "Noarmaspekten fan it hjoeddeiske Frysk". De konklúzje fan Breuker yn syn proefskrift, dat it Frysk yn guon opsichten neffens foarm en funksje tichter by in dialekt as by in standerttaal stiet, makke hiel wat reaksjes los. Wikenlang lieten benammen de tsjinstanners fan Breuker harren hearre. Yn 2010 is Breuker mei pensioen gongen. Hy wie doe al as sporthistoarysk ûndersiker ferbûn oan de Katholieke Universiteit Leuven.

Syn passy foar it keatsen hat soarge foar in grut tal publikaasjes oer dy sport en dan benammen yn de relaasje ta de Fryske taal, literatuer en kultuer. It boek Keatserstaal kaam út yn 1983, dêryn sammele er sa'n 1700 siswizen en sprekwurden oer it keatsen. Yn 1987 publisearre er de bondel Boppe!; in blomlêzing út de Fryske keatsliteratuer. Yn dat boek hat Breuker in ferskaat oan publikaasjes oer it keatsen gearbrocht op it mêd fan poëzy, lieten, proaza en toaniel. It boek Keatserstaal wie de earste folsleine beskriuwing fan terminology yn sport yn it Fryske taalgebiet, lykas as Boppe! dat wie as de earste sportblomlêzing yn it Frysk. It boek Boppe! krige yn 1987 de Liuweprint foar de bêst fersoarge Fryske literêre útjefte fan dat jier. Yn 1998 komt it boek Oan de hang; in samling skôgingen, artikels en lêzingen oer keatsen, keatshistoarje, keunst en kultuer út. Hy beskriuwt yn dat boek ek noch guon aspekten fan de histoarje fan it spûl, yn Nederlân en dêrbûten. Fierder hat Breuker as auteur en einredakteur meiwurke oan de jubileumboeken fan it Keatsbûn (1997) en de PC (2003).

Yn eigen behear hat er yn 2003 it boek Boarterskertier útbrocht, mei dêryn ferhalen en gedichten, dy't in seleksje foarmje út syn literêre publikaasjes sûnt 1986. It befettet ûnder oare de ferhalen De winner en De rôze ko, dy't yn 1986 respektivelik 1988 beleanne waarden mei de Rely Jorritsmapriis. Yn 2005 is it boek Boarterskertier ferskynd yn it Nederlânsk, Ingelsk, Frânsk en Dútsk. Ek yn 2003 publisearre er mei Jan Pieter Janzen it boek De fiifde woansdei; 150 jier PC (1853-2003) dêr't ek de Liuweprint mei wûn is.

Breuker hat ek literêr wurk fan oaren (ûnder oare Tsead Bruinja) (mei) besoarge. Neist de ferhalen yn Boarterskertier hat er noch in soad oare publikaasjes op syn namme stean, dy't ûnder oare ferskynden yn Trotwaer, De Strikel, De Moanne. De Keatsfreon en yn Wis-In, it orgaan fan it Keatsbûn. Fierders skriuwt er ek artikels oer it keatsen, reedriden en aaisykjen. Ek is er aktyf as sporthistoarikus: artikels oar benammen de oergongsperioade fan tradisjonele folksfermaken nei moderne sporten (1850-1940) ferskine ûnder mear yn it tydskrift Sportimonium fan de Katholieke universiteit Leuven en yn it sporthistoarysk tydskrift de Sportwereld. Ek op it mêd fan de Fryske taal en literatuer hat er gâns bydragen levere oan ûnderskate wittenskiplike organen. Sa hat er meiwurke oan publikaasjes yn it ramt it projekt Freemwurk, dat in taalmetoade Frysk is foar it fuortset ûnderwiis. Pieter Breuker is foarsitter fan Stichting de Sportwereld (sjoch: www.desportwereld.nl).

Wurk (in seleksje út de boekpublikaasjes) [bewurkje seksje]

  • 1973 : J.H. Halbertsma, Gysbert Japicx en de Fryske dialekten
  • 1982 (mei oaren) : Bydragen ta de didaktyk fan it Frysk yn it fuortset ûnderwiis
  • 1983 : Keatserstaal
  • 1984 (mei oaren) : Foar de taalspegel; koart oersjoch fan Hollânske ynslûpsels yn it Frysk
  • 1987 : Boppe!; in blomlêzing út de Fryske keatsliteratuer
  • 1993 : Noarmaspekten fan it hjoedeiske Frysk
  • 1997 (mei oaren) : Kaatsen: lange traditie, levende sport; bij het eeuwfeest (1897-1997) van de Koninklijke Nederlandse Kaatsbond
  • 1998 : Oan de hang; in samling skôgingen, artikels en lêzingen oer keatsen, keatshistoarje, keunst en kultuer
  • 2003 (mei oaren) : De fiifde woansdei; 150 jier PC (1853-2003)
  • 23003 (mei oaren) : Fierder mei Frysk (3); lêzingen hâlden op de konferinsje 'Fierder mei Frysk' op 2 oktober 2003
  • 2003 : Boarterskertier
  • 2004 (mei oaren) : Sporthistorie: tussen feit en mythe
  • 2006 : Van Speelkwartier tot Break (oersetting yn it Nederlânsk, Frânsk, Dútsk en Ingelsk fan Boarterskertier)
  • 2008 (mei oaren) : Wachtsje - PC
  • 2009 (mei oaren) : Friese sport: tussen traditie en professie
  • 2009 : Op de rigel; systematyske bibliografy (1966-2009) fan it wurk fan Pieter Breuker (digitaal yn te sjen fia

www.rug.nl/let/onderwijs/Afdelingen/Fries/nieuws)

  • 2012 :Kostelijke koopwaar. De handel in Friese kievitseieren [1850-1900]

Prizen [bewurkje seksje]

  • 1986 : Rely Jorritsmapriis (ferhaal: De winner)
  • 1988 : Rely Jorritsmapriis (ferhaal: De rôze ko)

Boarnen, noaten en referinsjes [bewurkje seksje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: