Sulveren Anjer

Ut Wikipedy
Prins Bernhard mei de Anjer op
Karel van der Hucht hat de sulveren Anjer krigen yn 2003

De “Sulveren Anjer“ is in ûnderskieding dy’t jierliks útrikt wurdt oan persoanen fan ûnbesprutsen heitelânsk gedrach, dy’t in fertsjinste hân hat foar de Nederlânske kultuer of dy fan de Nederlânske Antillen.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 29 juny 1940, de earste jierdei fan S.K.H Prins Bernhard fan de Nederlannen yn besettingstiid, waard protestearre tsjin de Dútske besetting. It protest utere him yn it dragen fan in anjer yn it knoopsgat. Dizze dei soe letter ferneamd wurde as de ‘Anjerdei’. Tsien jier letter beslueten de regint en it bestjoer fan it Prins Bernhard Kultuerfûns om in ûnderskieding yn te stellen as blyk fan wurdearring foar persoanen fan ûnbesprutsen heitelânsk gedrach en dy’t har belangeleas ynsetten hawwe foar de Nederlânske kultuer of dy fan de Nederlânske Antillen.

De ûnderskieding waard elts jier om de jierdei fan de Prins hinne, troch himsels oan maksimaal fiif persoanen útrikt. Nei syn dea hat Keninginne Beatrix dizze taak fan har heit oernaam.

Oarkunde[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By de ûnderskieding heart in oarkunde dy’t ûndertekene wurdt troch de foarsitter fan it fûns en de sekretaris fan de Sulveren Anjer. Op de oarkunde stiet it beslút, de redenen om it te jaan. De finansjele grûnslach foar de Sulveren Anjer waard foarme troch it legaat fan de geheim agint Thijs Taconis, dy’t yn septimber 1944 yn Mauthausen deasketten waard. Thijs Taconis wurdt yn de oarkunde memorearre mei de wurden Quae Thijs Taconis - mortuus pro patria anno MCMXLIV legavit pro fundamento sunt (dit betsjut: wat Thijs Taconis, ferstoarn foar it heitelân yn 1944 neilitten hat, foarmet de grûnslach).

Medalje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Earste type (1950-1954)
De earste foarm wie in klokfoarmige sulveren medalje. Op de foarside stie in Anjer ôfbyld, mei op de stâle in B fan Bernhard. Lâns dit tafriel yn in útsparre râne, oan wjersiden stippellinen. Lâns de ûnderside rûn in lint mei dêrop de tekst Tua res agitur ('It giet om jo saak'). De medalje wie mei it lint ferbûn troch in keninklike troan.

It lint wie giel mei oan wjersiden in smelle reade baan. Giel en read binne de kleuren fan it Hús Lippe.

Twadde type (1954-hjoeddei)
Dit is in sulveren medalje yn de foarm fan in reade emalje heraldyske roas. De roas is dy fan it wapen fan it hús fan Lippe. Op de foarside is in kroande stilearre anjer ôfbyld, dêr't de B fan Bernhard ûnder stiet. It omskrift is Tua res agitur (It giet om Jo saak). De kearside is flak.
Fan dit type binne ek miniatueren bekend. Dy wike of fan it model krús. De foarside fertoant in B wêrboppe in stilearre anjer stiet. It lint is oranje mei oan wjersiden in smelle reade baan. Oranje stiet foar it hús fan Oranje en read foar it hús fan Lippe.

Laureaten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1950-1959[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1950

1951

1952

1953

1954

1955

1956

1957

1958

1959

1960-1969[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1960

1961

1962

1963

1964

1965

1966

1967

1968

1969

1970-1979[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1970

1971

1972

1973

1974

  • Ir. A.D. van Dijk - kulturele aktiviteiten yn westlik Suriname; wie ien fan de inisjatyfnimmers fan in nij kultureel sintrum yn Nickerie.
  • Dr. H.L. (Hendrik) Oussoren (1912-1974) – restauraasje en konservearring fan it histoarysk oargelbesit; Ryksoargeladviseur
  • H.F. de Boer - natuerbeskerming yn Fryslân; wie foarsitter fan de Fryske fûgelwacht, auteur fan fûgelboeken

1975

1976

1977

1978

  • Dr. Abraham Horodisch (1898-1987) - boekeskiednis, bibliografy, bibliofily; boude in kolleksje op fan likernôch 8000 boeken en tydskriften mei as tema "it boek"
  • Jhr. mr. M.W.C. de Jonge (?-2002) - wie sekretaris fan de Stifting Wynhúsfûns, rjochte op restauraasjes yn Sutphen
  • Gerrit Kuipers (1918) - skiednis, it folkslibben en de streektaal fan Drinte ûnder mear redaksjelid fan it moanneblêd Drinte, foarsitter fan de Drintske Skrieversrûnte, mei oprjochting fan de Drintske Histoaryske feriening.

1979

1980-1989[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1980

1981

  • B. Dubbe - histoarje keunstambacht -technyk; autoriteit op it mêd fan Swols sulver
  • H.J.E. van Beuningen - archeology gebrûksfoarwerpen; oprjochter Stifting Midsiuwske Religieuze en Profane Ynsynjes
  • Drs. G.J.A. (Gerard) Schampers (1921-2006) - regionale aktiviteiten yn Noard-Brabân; ien fan de oprjochters fan it Súdlik Toaniel, oprjochter fan de stifting freonen fan it Brabânsk orkest, lid fan de kultuerele ried fan Noard-Brabân.

1982

Dokumintaasje, skonk yn 1948 syn samling skaak- en damboeken, yn totaal 7.000 titels oan de steat der Nederlannen, de kolleksje waard opnaam yn de keninklike biblioteek.

  • A. Bokma - Folkshegeskoallen, mûnen, regionale kultuer

1983

1984

1985

  • G.J. de Joncheere (1909-1989) - wittenskip; pteridolooch
  • Drs. W.H.Th. (Willy) Knippenberg (1910-2005) - folkskeunst; groef eksakt 4822 Romeinske munten op en joech mear as 1600 lêzingen yn sawat alle plakken fan de provinsje Noard-Brabân. Ynventarisearre it keunstbesit fan it bisdom.
  • Lenie 't Hart (1941) – natuerbehâld; ferneamd fan de seehûneopfang yn Pieterburen.
  • Marga Kool (1949) – streekkultuer Drinte; skriuwster

1986

1987

1988

1989

1990-1999[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1990

  • Mw. C.H. (Carmen) Simmons - kulturele aktiviteiten op Saba; ien fan de inisjatyfnimmers fan it Saba karnaval, kurator fan it Major Osmar Ralph Simmons Museum
  • Jan Kassies (1920-1995) - keunst en kultuer; wie ûnder oare algemien sekretaris fan de Ried foar de Keunst, direkteur fan de Amsterdamske Toanielskoalle & lytskeunstakademy, foarsitter fan de VPRO en fan it stimulearringsfûns foar Nederlânske kulturele omropproduksjes.
  • L.M.J. (Leen) de Keijzer - archeology en histoarje fan it Kromme Ryngebiet; nei him is de Archeologyske Wurkgroep 'Leen de Keijzer' fan de Archeologyske Wurkmienskip foar Nederlân neamd.
  • Dr. L.P.L. (Louis) Pirenne (1924) - argiven en Brabânske húshâlding ; Ryksargivaris yn de provinsje Noard-Brabân
  • L.J. de Ruiter - keunst en kultuer; âld-boargemaster fan it Noard-Hollâns keunstenersdoarp Bergen
  • Prins Bernhard (1911-2004) – kultuer- en natuerbehâld

1991

1992

1993

1994

  • Franz Rester (1902-1995) en H.J. (Hetta) Rester-Scheffer (1915-2006) - muzyk; organisearren likernôch 1000 húskeamerskonserten, wêrby't jonge musisy de kâns krigen om op te treden en it publyk koe kennismeitsje mei hjoeddeiske komponisten.
  • G.W. (Willem) Barendsen (1924) – kultuerbehâld; rjochte it Nederlânsk Bakkerijmuseum It Waarme Lân yn Hattem op
  • Dr. A.J. (André) Lehr (1929-2007) - Kampanology; mei-oprjochter fan it Nasjonaal Klokkespulmuseum yn Asten
  • Mr. J.M. (Jacoba) de Jonge-de Meijere (1941) - histoaryske moade- en streekdrachten
  • Sjoerd Westra - muzyk; ynstrukteur fan muzykkorpsen, komponist

1995

1996

1997

  • D.I. (Inge) Bouman-Heinsdijk – natuerbehâld; mei-oprjochtster Foundation Reserves for the Przewalski Horse
  • A.J. (Toon) Creusen - muzyk; boude it Muzykkonkoers yn Kerkrade út ta it wichtichste festival foar blaasmuzyk yn de wrâld
  • Mr. A.F. (Frank) Mohr (1931-1998) - bestjoerlike aktiviteiten; wie kultureel adviseur fan de stêd Grins en de provinsje Grinslân.

1998

  • Mr. J.G.A. (Jos) Steemers – oargel kultuer; mei-oprjochter fan de Nijmeegske Oargelrûnte; foarsitter fan de redaksjeried fan Histoarysk Oargel, in ensyklopedy fan de mear as 2000 oargels yn Nederlân
  • Jan Voerman (1919-2005) - roerende monuminten; wie bestjoerslid fan de Tramwei-Stifting en tramleafhawwer, ek stie hy oan de basis fan de oprjochting fan de SVA (Stichting Feteraan Autobussen) en de ADV (Autobus dokumintaasje Feriening)
  • Mr. ing. Ernest Voges (1931) – monumintesoarch op Kurasau; foarsitter Stifting Monumintesoarch Kurasau: fan 1997 ôf stiet de histoaryske kearn fan Willemstêd op de Wrâlderfgoedlist
  • Drs. A. Vos - Joadsk kultureel erfgoed; ivere foar it opnij bouwen fan de synagoge fan Middelboarch.
  • Drs. J.H.H. (Jaap) Swier - skiednis fan de natuerbeskerming; lei de basis foar de Heimans en Thijsse Stifting, dy’t in dokumintaasjesintrum op it mêd fan natuerbelibbing, natuerstúdzje, natuerbeskerming en natueredukaasje yn Nederlân beheare.

1999

  • Drs. J.T. (Jan) Bremer (1932) - hiemkunde; skreau mear as hûndert publikaasjes oer de Kop fan Noard-Hollân
  • Henk Ruessink (1934) - bestjoerlike aktiviteiten; naam it inisjatyf ta Bredevoort Boekestêd
  • Drs. M.C. (Meijnard) Scheers (1932) - bestjoerlike aktiviteiten; foarsitter Stifting 'It Wenhûs monumint' yn Grins
  • Dr. ir. J. (Jaap) Vermeer (1920-2010) - farrende monuminten; hat de skiednis fan de Fyske rûne- en platboaiemjachten goed ûndersocht; skriuwer fan it standertwurk It Frieze Jacht
  • H.L. (Henk) Visser (1923-2006) - Nederlanner antike wapens; hat in wrâldferneamde kolleksje opboud en hat deroer publisearre.

2000-[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

2000

  • J.J.J. (Jan) Naaijkens (1919) - kulturele fertsjinsten foar Noard-Brabân, benammen Hilvarenbeek; driuwende krêft efter de Grut Kempyske kultuerdagen, oprjochter fan it Brabânsk Sintrum foar Amateurtoaniel,de Stifting Brabâns Hiem en fan de Spylgroep Filiassi
  • Mw. Marijke Overberg-Diemer Kool (1925) - muzyk, benammen de ferbining tusken muzyk en publyk; saaklik en artistyk lieder fan it Brabânsk Keamerorkest, it hjoeddeistige Musica Ducis Brabantiae
  • H.M. (Rikus) Draijer (1943) - folkskultuer en folkloare; sekretaris fan de folkloristyske dûnsgroep Grunneger Daansers, fise-foarsitter fan de Stifting Op Roakeldais yn Warffum, fise-foarsitter Weltpräsidium fan de Intersnasjonale Organisation für Volkskunst (IOV), foarsitter fan de ynternasjonale kommisje foar Festspiele en foarsitter fan de Nederlânske ôfdieling fan dizze organisaasje

2001

  • Drs. G.P. (Gerard) Karstkarel (1945) - kulturele fertsjinsten foar Fryslân; ûnder oare mei-inisjator fan de Stifting Uniconsort, rjochte de Stifting Moderne Arsjitektuer Fryslân op, betocht de Slachtemaraton (2000)
  • P.E. (Piet) Hamelink (1931) - kulturele fertsjinsten foar Siuwsk-Flaanderen; koördinator fan de restauraasje fan de H. Willibrordus Basilyk yn Hulst
  • Louis van Gasteren (1922) - kulturele aktiviteiten; filmer, oprjochter fan de Stifting Artec en fan de Stifting fjouwer iuwen hannel -Japanse Betrekkingen; naam it inisjatyf foar de keunstwurken 'Normaal Amsterdams Peil' en 'De woartels fan de stêd'; betinker en útfierder fan de - edukative - ynrjochting fan 'Neeltje Jans'
  • Mr. dr. J.A. (Jacob) Schiltkamp (1920) – monumintesoarch op Kurasao; ûnder mear foarsitter fan de Stifting Monumintesoarch Kurasao
  • Mw. Grietje de Wolf-Huls (1918) - behâld Marker nuddelwurk; makke har it tradisjonele hânwurktechniken fan Marken eigen en joech der les yn.

2002

  • F.D. ('Boi') Antoin (1955) – kultuerbehâld op Bonaire; in soad publikaasjes oer de skiednis en de kultuer fan Bonaire.
  • prof. S.J. (Joop) Doorman M.Sc. (1928) - bestjoerlike aktiviteiten; ûnder mear foarsitter fan de feriening foar keunstsinnige foarming en it konservatoarium Amsterdam en bestjoerslid fan de k.l.Poll stifting foar ûnderwiis, keunst en wittenskippen, wie foarsitter fan de VPRO en fan de stifting Skepsis.
  • B. Maes - boud kultureel erfgoed en wenkultuer
  • J.H.H. (Jacques) Stienstra (1932) - kultuerbehâld; foarsitter fan it Ynternasjonaal Fokalisten Konkoers ('s-Hertogenbosch), spile in wichtige rol by de restauraasje fan de Sint-Janskatedraal yn den Bosch. Fierders bestjoersfunksjes by Operetteferiening út Rosmalen.
  • Ton Stork (1923-2003) - kultuer- en natuerbehâld fan de Vechtstreek; wie foarsitter fan de kommisje foar de Fecht, de lân-ynrjochtingskommisje Amstelland. Nei him is de Ton-Stork-Fjochtsje-foar-de-Fecht Penning neamd.

2003

  • J.C.F. (Jo) Eyck (1929) - keunst en arsjitektuer; bestjoerslid fan de stifting Limburchsk Keunstbesit, feriening Rembrandt en Sikkens Foudation; de museumfleugel Hedge House, yn de tún fan syn wenhûs, kastiel Wijlre, is tagonklik foar publyk.
  • drs. H.J.A.M. (Hein) van Haaren (1930) – bestjoerlike aktiviteiten; foarsitter fan it bestjoer fan de Mondriaan stifting en bestjoerslid fan it Nederlânsk arsjitekten ynstitút yn Rotterdam, siet yn bestjoeren en kommisjes ûnder mear it bedriuwenfûns, it Brabânsk museum.
  • dr. K.A. (Karel) van der Hucht (1946) - oprjochter fan de Stifting Yndysk Tee- en Famylje argyf fan der Hucht c.s.
  • Mw. Meta de Visser-Ameling (1929) - fuotfearen; foarsitter fan de Feriening Freonen fan de Fuotfearen, hat der mei foar soarge dat de lytse pontsjes foar Nederlân behâlden bliuwe en ferdwûnen pontsjes binne werom kaam.

2004

2005

  • Mr. Hein Bergé (1916) en J.M.C. (Jan) van der Eerden (1926) – monumintesoarch, foarfjochter foar it behâld fan Binnendieze
  • Mw. drs. J.M. (Janneke) van Groeningen-Hazenberg (1943-2007) en drs. J.J.W.P. (Jos) van Groeningen (1934) - byldzjende keunst; oprjochters fan it museum foar figurative keunst ‘De Bûtenpleats’ yn Eelde
  • Th. W. (Theo) Janssen (1930) – natuer - en kultuerhistoarje fan de Peel; hat in samling oanlein fan foarwerpen en ferhalen dy’t de lânskiplike en kultuerele skiednis fan De Peel en har bewenners dokumintearre.
  • Mw. G.C. (Gezina) Sevenhuijsen-van der Linde (1930) - jong muzyktalint; sette it wurk fan har man, dirigint Ru Sevenhuijsen, de krêft efter Jeugd en Muzyk Nederlân, troch, wêrtroch it Jeugdmuzykkamp Woudschoten en it Jeugd Orkest Nederlân bestean bleaunen

2006

  • Prof. mr. Piet Sanders (1912) en mw. Ida Sanders-Sanders (1915) - byldzjende keunst; skonken mear as fjouwerhûndert keunstwurken wêrûnder wurk fan Karel Appel, Hendrik Werkman en Constant oan musea yn Nederlân.
  • Charles Gomes Casseres (1921) - Joadske tradysje op Kurasao
  • Yr. F.S. (Foeke) de Wolf (1937) – klokkespulkultuer; wie foarsitter fan de Nederlânske Klokkespulferiening. Hat ûnder oare it ynternasjonale beiaard konkoers nij libben jûn.
  • G.B.H. (Harrie) ten Dam (1944) - byldzjende keunst; inisjatyfnimmer en mei-oprjochter fan de keunstferiening Diepenheim.

2007

2008

  • Elis Juliana (Kurasao, 1927) – kultuerbehâld op Kurasao. Hy hat ferhalen fan âlde Antilianen festlein en keunst- en gebrûksfoarwerpen út it ferline sammele. Ek hat hy de kennis oer en it bespyljen fan âlde muzykynstruminten nij libben ynblaast.
  • Loek Dijkman (Velsen, 1942) - wurket al sa'n tweintich jier oan de tastânkomming fan projekten op kultureel mêd, lykas it oargelpark yn Amsterdam en byldengalery It Depot yn Wageningen. Ek stimulearret hy talintfolle keunstners om harsels te ûntploaien.
  • Cees Dekker (Smitshoek, 1946) – wurket al rom tritich jier oan it behâld fan farrend en yndustrieel erfgoed.
  • Hein van der Bruggen (Maasniel, 1949) - is al tritich jier dwaande mei it fêstlizzen fan histoaryske wichtige dingen yn Roermond en fan libbens fan bysûndere Roermondenaren. Sels skriuwt hy oer de meast ferskillende ûnderwerpen.
  • Gerrit Hasendonckx (Lier, Belgje, 1952) – oprjochter fan de wurkgroep Archeology fan de skoallemienskip Philips van Horne yn Weert. Troch de wurkgroep hat hy 30 jier lang jongerein kennis oer en leafde foar de archeology bybrocht.
2009
  • Elisabeth Janssens (1923) - vanwege haar inzet voor het in stand houden en vernieuwen van het geestelijk erfgoed in Nederland
  • Winthrop Curiel (1934) - spant zich al ruim veertig jaar in voor het behoud van cultuur en natuur op de Antillen en Aruba. Is voorzitter van het Prins Bernhard Cultuurfonds Nederlandse Antillen en Aruba
  • Jan Koolen (1937) - meer dan veertig jaar actief als natuurbeschermer in het Nationaal Park De Biesbosch
  • Jan Maarten Boll (1942) - vanwege zijn inzet voor het behoud van kunstschatten voor Nederland en voor het terugbrengen van Hollandse kunst naar Nederland. Voormalig voorzitter van de Vereniging Rembrandt
  • Henny Brunnekreeft (1943-2013) - heeft jarenlang de belangen behartigd van de amateurmuziek en aanverwante vormen in Nederland. Heeft leiding gegeven aan de Koninklijke Nederlandse Federatie van Muziekverenigingen

Sûnt 2010[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

2010
  • Ena Dankmeijer-Maduro (Kurasau, 1920) - foar it behâld en de útwreiding fan de troch har oprjochte Mongui Maduro Bibleteek op Kurasau
  • Jan Sonneveld (Pijnacker, 1924) - leit him sûnt 1988 ta op it sammeljen en beskriuwen fan religieuze gebouwen yn Nederlân
  • Ria Geluk (Nieuwerkerk, 1946) - inisjatyfnimmer fan talleaze projekten (bygelyks it ta stân kommen fan it Wettersneedmuseum yn Ouwerkerk) en bestjoerder fan alderlei sosjale en kuturele ynstellingen yn Seelân
  • Rob Lokin (Ommen, 1946) - as de krêft efter it Afrikafestival yn Hertme
2011
2012
Utrikking fan de Sulveren Anjer yn 2012, Neeltje van der Ven Blonk, Clemens van der Ven, Keninginne Beatrix
  • Wim Statius Muller (Kurasau, 1930) - foar syn bysûndere bydrage as komponist en pianist oan de Kurasauske muzyk
  • Reint Wobbes (Heechtsjerk, 1940) - foar syn krewearjen foar it kultureel erfgoed, benammenlik midsiuwske tsjerken en tsjerkhôven, yn Grinslân
  • Clemens van der Ven (De Bosk, 1941) en Neeltje van der Ven-Blonk (Rotterdam, 1940) - foar harren bysûndere bydrage as moderne mesenas foar keunst en kultuer
2013
  • Frans Wytema (Beilen, 1940) - foar syn krewearjen foar it behâld en restauraasje fan de Saanske houtbou en âlde muzykynstruminten
  • Jos de Pont (Amsterdam, 1943) - foar syn rol as moderne mesenas foar keunst en kultuer
  • Caroline de Westenholz (Londen, 1954) - foar har ynset foar de oprjochting en it bewarjen fan it Louis Couperus Museum yn De Haach
2014
  • Albert Groot (Alkmer, 1953) - foar syn rol as moderne mesenas foar keunst en kultuer
  • Hans Noordmans (Frjentsjerteradiel, 1929 - Snits, jannewaris 2014) - ûntfangt de Sulveren Anjer postúm foar syn ynset foar it behâld fan it Keninklik Eise Eisinga Planetarium yn Frjentsjer, it âldste noch wurkjende planetarium yn de wrâld
  • Jaap van Velzen (Amsterdam, 1931) - om reden fan syn krewearjen foar it behâld fan it kulturele erfgoed fan it foaroarlochske joadsle libben yn Nederlân
2015
  • Hib Anninga - foar syn rol as mesenas; grûnlizzer fan Lângoed Anningahof
  • Herman Lubberding - foar syn ynset foar it archeologysk erfgoed en de kulturele histoarje fan Dimter en wide omkriten
  • Millicent Smeets-Muskus - foar har frijwillige ynset foar de keunst en kultuer op Kurasau
2016
  • Jack Kooistra - foar syn wurk as WOII-kronikeur.
  • Frans Peese Binkhorst (Doetinchem, 1935) en Lideke Peese Binkhorst-Hoffscholte (Sint Oedenrode, 1940) foar harren rol as mesenas foar de hjoeddeiske Nederlânsk byldhou- en peinjekeunst
  • Eric Zwijnenberg (Heiloo, 1946) foar syn krewearjen foar it behâld fan mûnen yn Nederlân en yn 't foarste plak yn Noard-Hollân
2017
  • Pieter Breuker - foar syn bydragen oer de keats- en sporthistoarje
  • Jan Buisman (Kulemboarch, 1925) foar syn ûndersyk nei en publikaasjes oer it waard yn Nederlân yn de rin fan de iuwen
  • Elise Wessels-van Houdt (Rotterdam, 1943) foar har rol as moderne mesenas foar de byldzjende en poadimkeunsten
2018
  • Piet de Boer (1942, Doardt) foar syn ynset as foarsitter foar it Folendamsk Opera Koar.
  • Alice van Romondt (1949, Arûba) foar har bydrage oan de kultuer, de literatuer en de keunsten op Arûba.
  • Hans van der Ven (1942, De Haach) foar syn help oan benammen it Ryksmuseum Amsterdam by it winnen fan keunstwurken dy't wichtich binne foar it erfgoed fan Nederlân.
2019
  • Albert Goutbeek (Emmen ûnder Dalfsen, 1936) foar syn krewearjen foar de kultuerhistoarje, archeology, kartografie en natuer fan Dalfsen en omkriten.
  • Paul Spapens (Hilvarenbeek, 1949) fanwegen syn protte en grot ferskaat oan kulturele inisjativen yn Noard-Brabân.
  • Herman en Cora Labberté-Hoedemaker (1934 en 1937) foar harren rol as mesenas foar studinten byldzjende keunst en muzyk yn benammen Noard-Nederlân.

2020-2029[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

2020
  • Kees Bos (1938), Koudekerke, foar syn publikaasjes oer Seelân, benammen de lânskipsatlassen fan Walcheren en de Easterskelde
  • Els Blokker-Verwer (1947), Laren, fanwegen har skinkingen oan organisaasjes, dy't ûnder oaren warber binne op it mêd fan byldzjende keunst en muzyk, wêr't Koninklijk Concertgebouworkest en it Leerorkest ûnder binne; ek hat se goed hûndert skilderijen (û.o. tsientallen fan Jan Sluijters) skonken oan museum Singer Laren, en makke hja it mooglik dat it museum útwreide waard mei in tal museumsealen
  • Albert Haar (1949), Zuidwolde, is ien fan de inisjatyfnimmers en presintatoaren fan De Literaire Hemel, in talkshow mei skriuwers yn it kulturele kafee De Amer yn it doarp Amen, mei-oprjochter en konservator fan it C+B Museum, wijd oan de Drintske bluesband Cuby & the Blizzards
2021