Omotola Jalade Ekeinde
Omotola Jalade Ekeinde | ||
akteur | ||
Omotola Jalade Ekeinde (2015). | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Omotola Jalade Ekeinde | |
nasjonaliteit | Nigeriaansk | |
berne | 7 febrewaris 1978 | |
berteplak | Lagos (Nigearia) | |
etnisiteit | Jorûba | |
jierren aktyf | 1995 – no | |
offisjele webside | ||
www.omotola.tv |
Omotola Jalade Ekeinde (berne as Omotola Jalade; Lagos, 7 febrewaris 1978), is in Nigeriaansk filmaktrise, sjongster en minskerjochte-aktiviste fan etnysk Jorûba-komôf. Sûnt har debút as aktrise hat se yn mear as 300 films spile en withoefolle prizen wûn. Omotola, sa't se bekend stiet, is de súksesfolste Afrikaanske aktrise ea, en de earste Afrikaanske persoan dy't mear as in miljoen likes krige op har Facebook-side. Yn 2013 waard se troch it Amerikaanske tydskrift Time opnommen yn 'e list fan 'e hûndert ynfloedrykste minsken op 'e wrâld.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid en húshâlding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Omotola waard bern yn 'e Nigeriaanske metropoal Lagos, as de âldste yn it gesin mei trije bern fan Oluwashola Jalade, dy't wurksum wie yn 'e pleatslike YMCA en de Lagos Country Club, en dy syn frou Oluwatoyin Amori Oguntade, in wurknimster by de supermerkkeatling J.T. Chanrai. Omotola studearre fan 1996 oant 2004 management oan it Yaba College of Technology, en it wie har bedoeling om 'e sakewrâld yn te gean. Doe't se yn 1995 lykwols in kammeraatske begelate nei in filmaudysje, waard har in rol oanbean, en sa rûgele se eins by fersin de aktearwrâld binnen.
Sûnt 1996 is Omotola troud mei Matthew Ekeinde, in piloat by in loftfeartmaatskippij. De trouwerij fûn plak oan board fan in fleantúch ûnderweis fan it Nigeriaanske Lagos nei it buorlân Benyn, yn oanwêzigens fan famylje, freonen en goekunde. Se hawwe fjouwer bern, Princess, M.J., Meriaih en Michael.
Aktearkarriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Omotola har earste aktearwurk die se yn 'e film Venom of Justice, fan regisseur Reginald Ebere, út 1995. Ebere, dy't har de haadrol taparte, wurdt beskôge as dejinge dy't Omotola har filmkarriêre lansearre hat. Withoefolle oare rollen folgen, hoewol't it dêrby de earste fyftjin jier hast útslutend om films gie dy't drekt op fideo útbrocht waarden en nea yn 'e bioskoop te sjen wiene. Yn 't earstoan betelle it ek net in protte, dat Omotola ûnderhold harsels wilens mei modellewurk.
Omotola krige bekendheid yn Nigearia troch har rol yn Mortal Inheritance, út 1995, dêr't se twa THEMA's (ôfkoarting fan The Movie Awards) mei wûn, de wichtichste Nigeriaanske filmpriis. Oare súksesfolle Nigeriaanske films dêr't se yn spile, wiene Games Women Play, Blood Sisters, All My Life, Last Wedding, My Story en The Woman in Me. Neigeraden dat se yn mear films spile, waard Omotola ek om utens ferneamd, yn 'e rest fan (Ingelsktalich) Afrika; de Nigeriaanske filmyndustry, dy't Nollywood neamd wurdt (in gearlûking fan "Nigearia" en "Hollywood") is útgroeid ta de op twa nei grutste fan 'e wrâld, nei Hollywood en it Yndiaaske Bollywood. Yn 2005 wûn Omotola in African Movie Academy Award (de Afrikaanske ekwifalint fan 'e Oscar) yn 'e kategory bêste byrol fan in aktrise.
Yn 2010 hie Omotola einlings in rol yn in film dy't ek echt yn 'e bioskoop draaide, te witten Ije. Yn 2012 spile syn yn Last Flight to Abuja, in film dy't sa súksesfol wie dat er alle eardere opbringstrekôrs fan Nollywood briek. It waard boppedat de op ien nei bêst besjoene en meast opbringende film yn Westafrikaanske bioskopen ea, wêrmei't it withoefolle Hollywood-kaskreakers oan kant reage. Omotola hat ûnderwilens mear as fjirtich Nigeriaanske en Afrikaanske filmprizen wûn, en wurdt op 't heden beskôge as de bêst ferkeapjende Afrikaanske filmaktrise. Begjin 2013 makke se har debút op 'e Amerikaanske tillefyzje, yn 'e searje Hit the Floor. Dêrnjonken hat se sûnt 2012 (as earste bekende Nigeriaan) in eigen realitytillefyzjeprogramma op 'e Nigeriaanske tillefyzje, mei as titel Omotola: The Real Me.
Sjongkarriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2005 sette Omotola, dy't tsjin dy tiid ek wol bekend stie ûnder de bynamme "OmoSexy", útein mei in karriêre as sjongster. Har debútalbum hie as titel GBA, en omfette singles as Naija Lowa en The Things You Do To Me. Har twadde album, Me, Myself and Eyes, kaam út yn 2010. Yn 2012 sette se ôf nei it Amerikaanske Atlanta, dêr't se oan har trêde album begûn te wurkjen mei help fan muzykprodusint Kendrick Dean en meiwurking fan 'e Amerikaanske sjonger Bobby V.
Aktivisme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Omotola stiet bekend om har fûleindige aktivisme foar de minskerjochten. Sûnt 2005 is se ek aktyf as goodwill-ambassadrise foar it Wrâlditensprogramma (WFP) fan 'e Feriene Naasjes, benammen yn 'e Westafrikaanske lannen Siërra Leoane en Libearia. Yn dat lêste lân wurket hja nau gear mei presidinte en Nobelpriiswinneresse Ellen Johnson Sirleaf. Fierders hat se op eigen kosten it Omotola Ekeinde Initiative for Youth Empowerment oprjochte, dat de Afrikaanske jongerein bewust meitsje moat fan harren fermogen om 'e politike takomst fan harren lannen te beynfloedzjen. Yn 2011 joech Omotola har by de minskerjochte-organisaasje Amnesty International, en yn 2012 lansearre se in kampanje om oaljemaatskippij Shell en it Nigeriaanske regear ûnder druk te setten om harren ferantwurdlikheid te nimmen en de oaljefersmoarging yn 'e Nigerdelta op te himmeljen.
Filmografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Titel | Jier | Rol | Opmerkings |
Venom of Justice | 1995 | ||
Mortal Inheritance | 1996 | ||
Scores to Settle | 1998 | ||
Lost Kingdom | 1999 | ||
Kosorogun | 2002 | ||
When Love Dies | 2003 | Mary | |
Under Fire | |||
The Outsider | |||
Rescue | |||
Blood Sisters | mei Genevieve Nnaji | ||
Royal Family | 2004 | ||
Die Another Day | Keninginne | ||
A Kiss from Rose | |||
Games Women Play | 2005 | ||
Brave Heart | |||
The Revelation | 2007 | ||
Sand in My Shoes | |||
Careless Soul | |||
Yankee Girls | 2008 | ||
Temple of Justice | |||
My Last Ambition | 2009 | Amanda | |
Ije: The Journey | 2010 | Anya Opara Michino | mei Genevieve Nnaji, Odalys Garcia, Ulrich Que |
Ties That Bind | 2011 | mei Ama K. Abebrese, Kimberly Elise | |
Last Flight to Abuja | 2012 | Suzie | mei Hakeem Kae-Kazim, Jim Iyke, Jide Kosoko |
Amina | Amina | ||
Hit the Floor (telefyzerige) | 2013 | Omotola | |
Blood on the Lagoon | TBA | Postproduksje | |
Up creek a Paddle |
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Offisjele webside fan Omotola Jalade Ekeinde
- (in) Folsleine filmografy fan Omotola Jalade Ekeinde yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
- Nigeriaansk model
- Nigeriaansk filmakteur
- Nigeriaansk telefyzje-akteur
- Nigeriaansk sjonger
- Dielnimmer oan in Nigeriaansk realitytelefyzjeprogramma
- Nigeriaansk minskerjochte-aktivist
- Goodwill-ambassadeur fan de Feriene Naasjes
- Nigeriaansk polityk aktivist
- Nigeriaansk filantroop
- Persoan fan Jorûba-komôf
- Persoan berne yn 1978