Nizjny Novgorod

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Nizjny Novgorod
Nizhny Novgorod Montage.jpg
Sifers
Ynwennertal 1.286.433 (2008)
Oerflak 411 km²
Befolkingstichtens 3.130/km²
Hichte 78
Polityk
Lân Ruslân
Boargemaster Oleg Sorokine
Oar
Stifting 1221
Lizzing fan oblast Nizjny Novgorod yn Ruslân
It kremlin fan Nizjny Novgorod

Nizjny Novgorod (Russysk: Нижний Новгород), tusken 1932 en 1990 Gorki neamd as earebetoan oan de skriuwer Maksim Gorki dy't dêr berne is, is mei sa'n 1,3 miljoen inwoners (2008) de op vfjouwer nei grutste stêd fan Ruslân. Nizjny Novgorod is de haadstêd fan de oblast Nizjny Novgorod en ek fan it federale distrikt Wolga. De stêd is in wichtich ekonomysk-, transport- en kultuereelsintrum fan de Russyske Federaasje.

Ut de skiednis[bewurkje seksje | edit source]

De stêd waard stifte yn 1221, de namme betsjut letterlik ‘lege nije stêd’, in ferwizing nei de âldere stêd Novgorod (= nije stêd). De stifter wie prins Joeri Vsevolodovitsj fan Vladimir. Nizjny Novgorod leit op it plak dêr’t de rivieren Oka en Wolga by inoar komme en waard oanlein as bolwurk foar de beskerming fan de doetydske lânsgrins. It houten kremlin-fort lei tige gaadlik fanwege de grutte natuerlike grêft dy’t troch beide rivieren foarme waard.

Yn 1612 ferdreaun de boargermilysje fan Nizjny Novgorod, byinoar brocht troch de keapman Kozma Minin en oanfierd troch foarst Dmitri Pozjarski, de Poalske troepen en holp it Michail Romanov as earste fan de Romanov-dynasty oan de macht.

Fan 1817 oant de Oktoberrevolúsje wie Nizjni Novgorod in wichtige stêd fanwege de Makarjevmerk dy’t els jier yn july holden waard en dêr’t in grut part fan de yn Ruslân makke goederen ferhanne waarden. Neidat Maksim Gorki yn 1932 offisjeel as proletaryske sovjetskriuwer erkend wie, waard de stêd fanwege Jozef Stalin omdoopt yn Gorki. Yn 1991 waard de âlde namme yn in eare hersteld.

Yn de jierren 1930 krige Nizjny Novgorod de status fan in saneamde sletten stêd, dêr’t bûtenlanners net komme mochten. Reden dêrfoar wie de wapenyndustry dy’t dêr festige wie; dêr waarden atoomûnderseeërs, tanks en gefjochtsfleanmasines produsearre. Yn 1992 waard de stêd wer iepensteld.

Doe’t de atoomfysikus Andrej Sacharov yn 1980 by it kommunistysk rezjym yn ûngenede foel, waard er út Moskou wei ferballe nei Nizjny Novgorod dêr’t er jierren ûnder bewaking fan de KGB wenne hat. Yn 1986 krige er fan Michail Gorbatsjov tastimming om werom nei Moskou te gean. Yn de wente dêr’t er destiids libbe, sit no it Sacharov-Museum.

Untjouwing ynwennertal[bewurkje seksje | edit source]

Untjouwing befolking
1811 1840 1863 1897 1914 1923
14 400 31 900 41 500 90 100 111 600 135 400
1926 1939 1956 1959 1962 1970
181 200 643 700 876 000 941 000 1 025 000 1 170 000
1979 1989 1992 2002 2008
1 344 500 1 438 133 1 440 600 1 311 252 1 286 433
Folkstellingen : 1897, 1926, 1939, 1959, 1979, 1989, 2002.
Rûzing foar de oare jiertallen. Boarne : Moï Gorod.

Toerisme[bewurkje seksje | edit source]

Op it heden is fral it kremlin fan Nizjni Novgorod fan toeristysk belang, mar ek de âlde binnenstêd, it park "It Nizjny Novogorodske Switserlân" besuden de binnenstêd en "Strelka" (de Pylk), in útsjochtpunt oan de mûning fan de Oka yn de Wolga, binne it besjen wurdich.

De omkriten fan Nizjny Novgorod binne bekend om har Chochloma-folkskeunst.

Berne yn Nizjny Novgorod[bewurkje seksje | edit source]

Strelka

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Webkameras[bewurkje seksje | edit source]