Mikhail Gorbatsjov
|
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta. |
Michail Sergejevitsj Gorbatsjov, Russysk: Михаил Сергеевич Горбачёв, (Privolnoje, 2 maart 1931) wie sekretaris-generaal fan de Kommunistyske Partij fan de Sovjet-Uny (KPSU) fan 1985 oant 1991 en presidint fan de Sovjet-Uny (USSR) fan 1990 oant 1991.
Gorbatsov regearre mei as motto's: 'ekonomyske yntensivearring', 'glasnost' (iepenens) en 'perestrojka' (herfoarming) en fierde yn it bûtenlânsk belied 'it nije tinken' yn.
As eks-presidint wurdt Gorbatsjov faak útnoege as sprekker. Hy iepene bygelyks op 13 desimber 2003 in útstalling fan Russyske skilderkeunst yn it Grinzer Museum.
Gorbatsjov is lid fan de Klub fan Madrid en earelid fan de Klub fan Rome. Op 1 oktober 2008 hat Gorbatsjov bekend makke dat er yn gearwurking mei Lebedev in nije partij stiftsje wol. It is de hjitting dat dy de namme 'Unôfhinklike Demokratyske Partij' krije sil.