Springe nei ynhâld

Museum Martena

Ut Wikipedy
Museum Martena
  museum
It Martenahûs, oan 'e Foarstrjitte yn Frjentsjer.
It Martenahûs, oan 'e Foarstrjitte yn Frjentsjer.
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente De Waadhoeke
plak Frjentsjer
adres Foarstrjitte 35
koördinaten 53°11′11″N 5°32′32″E
Algemiene gegevens
hist. namme Museum 't Coopmanshûs
wurkmêd kultuer, skiednis
oprjochting 1921
Arsjitektuer
namme gebou Martenahûs
boujier 1498
monumint. status ryksmonumint
monumintnûmer 15756
Offisjele webside
www.museummartena.nl
Kaart
Museum Martena (Frjentsjer)
Museum Martena
Lokaasje yn Frjentsjer.

Museum Martena is it stedsmuseum fan 'e Fryske stêd Frjentsjer, dat foarhinne Museum 't Coopmanshûs hiet. Nei't it yn 2006 ferhuze nei it monumintale Martenahûs oan 'e Foarstrjitte krige it syn hjoeddeistige namme. Museum Martena hat histoarysk wurk op 'e noed, mar organisearret ek geregeldwei tentoanstellings fan moderne keunst.

Museum Martena waard yn 1921 oprjochte as Museum 't Coopmanshûs, nei it gebou dêr't it doe húsfêste wie. It wie fan it begjin ôf oan bedoeld as kultuerhistoarysk museum foar de stêd Frjentsjer en omkriten. Yn 2006 ferhuze it museum nei it Martenahûs, in ryksmonumint en stedsstins datearjend út 1498, dy't stiet oan 'e Frjentsjerter Foarstrjitte, deunby fan it Sjûkelân, dêr't simmerdeis de PC ferkeatst wurdt. Om't it museum min de namme fan 't Coopmanshûs behâlde koe as it net mear yn dat pân siet, waard it doe omneamd ta Museum Martena.

Kolleksje en tentoanstellings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Museum Martena hat de histoaryske keunstkolleksje fan 'e stêd Frjentsjer op 'e noed, mei dêropta de kolleksje fan 'e eardere Universiteit fan Frjentsjer. It hat ek de grutste kolleksje oer en fan 'e ferneamde santjinde-iuwske wittenskipster Anna Maria fan Schurman. Yn Museum Martena is fierders ien fan 'e iennichste trije ksyloteken fan Nederlân te sjen. Dat is mei 158 bannen mei-iens ek de grutste fan dy trije. Konservator Thom Mercuur, dy't yn 1970 oansteld waard, begûn njonken it útstallen fan 'e histoaryske kolleksjes ek mei it geregeldwei organisearjen fan tentoanstellings op it mêd fan 'e moderne keunst fan jonge Fryske keunstners, lykas Sjoerd de Vries, Jentje van der Sloot, Geert van Fastenhout en Hans van der Horst, mar benammen fan Willem van Althuis en Jopie Huisman.

Tsjintwurdich giet Museum Martena dêrmei troch, en ek wurdt alle jierren ien histoaryske útstalling makke. Min ofte mear keunsthistoaryske tentoanstellings waarden organisearre fan û.m. it dadaïsme en oer Pieter Portier, Ype Wenning, Johannes Elsinga, Egnatius Ydema, Douwe van der Zweep en Jan van der Kooi. Mei de útstalling En Dat Vind Ik Nou Mooi, yn 1974, wie it museum it earste fan Nederlân datit yn 'e literatuerwittenskip al jierren tapaste resepsje-teory foar byldzjende keunst yn praktyk brocht: troch it lot oanwiisde ynwenners fan Frjentsjer mochten de wandfersiering út harren persoanlik besit dat se moai fûnen, yn it museum hingje.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: