Moderne keunst

Ut Wikipedy
Juan Gris: Portret fan Picasso, 1912
Juan Gris, Zonwereing, 1914 kubisme
Franz Marc, ekspresjonisme

Moderne keunst is de term dy't yn it generaal brûkt wurdt foar de avant-gardistyske artistike úterings fan begjin 20e iuw ôf oant likernôch de jierren sechtich fan dy iuw. Wichtige streamingen yn de moderne keunst wienen kubisme, futurisme, dadaïsme en surrealisme. In algemien skaaimerk fan de moderne keunst is de driuw om te eksperimintearjen en it skeppen fan in gruttere ôfstân tusken it keunstwurk en de werklikheid, bygelyks troch fierhinne abstrakt te wêzen of de klam op it keunstwurk as idee.

De keunst dy't sûnt de jierren sechtich makke wurdt, wurdt meast oantsjut mei hjoeddeiske keunst. Keunst fan jonge keunstners dêr't gâns wat fan ferwachte wurdt of noch net festige keunstners wurdt aktuele keunst neamd. Ferskate museums oer de hiele wrâld wurdt de moderne skilderkeunst en byldhoukeunst útstald.

Abstrakte keunst is in rjochting yn de moderne keunst dy't net besiket om objekten út de natuerlike wrâld sekuer wer te jaan. Foarmen en kleuren ferwize net nei wat oarst troch it yn detail ôf te byldzjen, mar wolle eat sizze troch harren yntensivens en kontrast.

Rjochtingen yn de moderne keunst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Skilderstilen dy't by de moderne keunst rekkene wurde binne:

Ferneamde keunstners fan de Moderne keunst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ympresjonisme 1860 - 1880 (de pioniers)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fauvisme of Les Fauves 1898-1908[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ekspresjonisme 1905 - 1940[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kubisme 1906 - 1920[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Abstrakte keunst 1920[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Surrealisme 1930[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kobra 1948[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nederlânske Kobra skilders:

Foarmjouwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]