Museum Martena

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Martenastins, foarside
Martenastins, efterside

Museum Martena is it stedsmuseum fan Frjentsjer. Eartiids hiet it museum 't Coopmanshûs. Nei in ferhuzing krige it museum har hjoeddeiske namme. It sit no yn de Martenastins, in stedskastiel dat troch de ealman Hessel fan Martena (± 1460-1517) boud is. Museum Martena toant de histoaryske kolleksje fan de stêd Frjentsjer, de kolleksje oer de Universiteit fan Frjentsjer en hat ek de grutste kolleksje oer en fan Anna Maria fan Schurman.

Konservator Thom Mercuur dy't yn 1970 oansteld waard begûn mei it geregeldwei organisearjen fan tentoanstellingen fan moderne keunst fan jonge Fryske keunstners as Sjoerd de Vries, Jentje van der Sloot, Geert van Fastenhout, Hans van der Horst, mar benammen dy fan Willem van Althuis en Jopie Huisman. Ek wurdt alle jierren ien histoaryske tentoanstelling makke. Min ofte mear keunsthistoaryske tentoanstellings waarden organisearre fan Dada yn Drachten, Holland Dada en oer Pieter Portier, Ype Wenning, Johannes Elsinga, Egnatius Ydema en Douwe van der Zweep.

Mei de tentoanstelling "En dat vind iknou mooi" wie dit museum it earste fan Nederlân wêryn de literatuerwittenskip al jierrenlang tapaste respsje-teory foar byldzjende keunst yn praktyk brocht waard: troch it lot oanwiisde ynwenners fan Frjentsjer mochten de wandfersiering út harren persoanlik besit day se maoi fûnen, yn it museum hingje (1974).

Yn it museum is ien fan de ienige trije ksyloteken fan Nederlân te sjen. Dit is mei 158 bannen tagelyk de grutste fan de trije.

[bewurkje seksje] Sjoch ek

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen