Moardnerij yn Wolhynje en East-Galysje

Ut Wikipedy
De op 26 maart 1943 troch mei help fan Oekraynkse boeren fan 'e UPA fermoarde Poalske boargers yn it doarp Lipniki

Mei de Moardnerij yn Wolhynje en Galysje (Poalsk: Rzeź wołyńska, Oekraynsk: Волинська трагедія) wurdt de genoside op de Poalske befolking yn 'e eardere Poalske eastgebieten troch it Oekrayske Opstannelingenleger (UPA) yn 'e Twadde Wrâldkriich ornearre.

De genoside yn Wolhynje en Galysje hong gear mei de nasjonalistyske polityk fan de Organisaasje fan Oekraynske Nasjonalisten (OUN) en syn militêre tak (UPA), dy't in rassuvere Oekraynske steat neistribbe.

Al yn 'e hjerst fan 1939 waarden Poalske boargers fan Oekraynske kant oanfallen en yn 'e jierren dêrnei soe dy oanfallen jimmeroan slimmer wurde.

De grutskalige moardnerij op de Poalske befolking fûn plak fan 9 febrewaris 1943 oant it ein fan de Twadde Wrâldoarloch en waard troch de UPA útfierd yn de troch de nazy's besette gebieten fan Poalen en de Oekraïne. By dy etnyske suvering fan it gebiet waarden tusken de 50.000 oant 80.000-100.000 Poalen troch Oekraynske nasjonalisten fermoarde. Dêrnjonken waarden ek likernôch 10.000 oant 15.000 Oekraïners en oare etnyske groepen troch de UPA fermoarde.

East-Galysje en Wolhynje yn de Twadde Poalske Republyk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kaart fan East-Galysje en Wolhynje

Mei de Frede fan Riga waard de histoaryske krite Wolhynje yn twa dielen splitst: it west fan Wolhynje waard Poalsk, it east waard ûnderdiel fan de Oekraynske SSR yn de Sovjet-Uny. Yn Wolhynje wennen yn dy tiid likernôch 2,3 miljoen minsken. Wolhynje wie in gebiet mei in tige multykulturele befolking: 17% fan de befolking wie Poal, 70% Oekraynsk en 10% joadsk. De haadstêd fan Wolhynje wie Lûtsk.

De etnyske sitewaasje yn East-Galysje wie ûngefear allyksa. It Poalske oandiel yn de befolking wie mei 25% wat grutter as dat fan Wolhynje. De Oekraïners foarmen 64% en de de joaden 10% fan de befolking. De haadstêd fan Galysje wie Lviv.

Taalkaart fan de Twadde Poalske Republyk

It Poalske regear besocht mear lykwicht oan te bringen yn 'e ferdieling fan de befolking fan Wolhynje en Galysje. Dat die it regear troch grutte stikken Poalsk lângoed op te dielen en oer te dragen oan Poalske boeren. De boeren krigen ek finansjele stipe as hja dêrhinne ferhûzen. Ek Oekraynske boeren profitearren fan de ferdieling fan it Poalske lânbesit, mar der wiene oare maatregels dêr't hja minder wiis mei wiene. Sa yntrodusearre Poalen de Poalske taal yn 'e otterdokske tsjinsten, waard it Oekraynske skoallesysteem oan it Poalske skoallesysteem oanpast en ûnderdrukte it regear politike bewegings en Oekraynsk aktivisme.

Yn Galysje gyngen de Oekraïners al hiel gau ta ferset oer. Dat ferset groeide yn de jierren 1920 al út ta in lytse oarloch. Poalske pleatsen waarden oanfallen en yn 'e brân stutsen. Njonken sabotaazjeaksjes waarden der ek terroristyske oanslaggen útfierd op Poalske politisi. Yn 1929 waard yn Wenen de Organisaasje fan Oekraynske Nasjonalisten (OUN) oprjochte. Fral ûnder de Oekraynske jongerein fan Galysje wie de OUN tige populêr. Under de nasjonalistyske foarman Jevhen Konovalets (1891-1938) waard de OUN útboud ta in militêristyske ûndergrûnske beweging, dy't sûnt 1930 terreuroanslaggen op Poalske ynstellings, beamten en oare Poalen, mar ek op Oekraïners dy't gearwurken mei Poalen útfierde. Poalen beändere de terreur mei nije arrestaasjes en in oanskerping fan de assimilaasjepolityk, mar de polityk soe der net yn slagje om fan de Oekraynske mearderheid loyale en yntegrearre boargers te meitsjen.

Russyske besetting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De opdieling fan de Twadde Poalske Republyk

Nei de ynfal troch Nazy-Dútslân en Ruslân yn 1939 waard de Twadde Poalske Republyk opdield. Wolhynje en East-Galysje foelen ta oan de Sovjet-Uny. De gebieten waarden folslein neffens it bolsjewistyske systeem yntegrearre. De belangrykste bedriuwen waarden nasjonalisearre en de âlde elite waard oppakt en deportearre. It wiene fral de Poalen, dy't dêr fan te lijen hiene en om 't de Oekraïners ynearsten liken te profitearjen fan de ûnteigening en de opdieling fan it Poalske grutgrûnbesit, sympatisearren hja mei de nije Sovjet-besetter. Nei't lykwols yn 1940 de polityk fan it kollektivisearjen fan de lânbou en de ûnderdrukking fan it Oekraynske nasjonalisme útein sette, sloech de sympaty om yn it tsjindiel. De nasjonalistysk ynstelde tinkers fan it lân sochten no harren heil by de Organisaasje fan Oekraynske Nasjonalisten (OUN), dy't der as iennige anty-Sovjetorganisaasje yn slagge wie ûndergrûnsk fierder te funksjonearjen. Dy organisaasje hie him sûnt 1933 jimmeroan mear op it nasjonaalsosjalisme oriïntearre. Nei de moard op harren lieder Jevhen Konovalets (1891-1938) spjalte de organisaasje yn saneamde melnykisten en banderisten. De earste groep (OUN-M) bestie fral út emigranten, dy't Andrij Melnyk (1890–1964) folgen, en de lêste groep (OUN-B) bestie út oanhingers fan Stepan Bandera (1909–1959), dy't de basis yn Galysje hie en foar de bewapene striid foar in selsstannich Oekraïne wie.

Dútske besetting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't de Dútsers de Sovjet-Uny yn juny 1941 oanfoelen, wiksele de besettende macht. Oant de befrijing troch in Reade Leger yn septimber 1944 bleaune East-Galysje en Wolhynje ûnder Dútsk bestjoer. De Oekraïners setten no harren kaart op de Dútsers en in soad beskôgen de Dútsers as befrijers; hja tochten dat it mei de selsstannigens no wol losrinne soe. Twa fan de OUN-ienheden wiene sels mei de Wehrmacht de Oekraïne ynmarsjearre en al op 30 juny 1941 rôpen leden fan de OUN-B yn Lemberch in ûnôfhinklike Oekraynske steat út. Dat wie de Dútsers net nei't sin en hja pakten Bandera en syn striders op en stjoerden har nei Sachsenhausen. Mar al mei al holden de Dútsers har fierder nei de Oekraynske befolking ta yn en der folge op mannich mêd in goede gearwurking mei de Oekraïners. De Oekraïners hiene dan ek foardiel oan de gearwurking en mei help fan de Dútsers koene hja in grut tal posten yn it lokale bestjoer en de troch de Dútsers ynfierde oardetsjinst ynnimme. Ek krigen de Oekraïners de romte om nasjonaal-kulturele aktiviteiten te organisearjen. Dy oardetsjinst, ek wol helpplysje neamd, gie letter oer yn de Schutzmannschaft, dy't under de SS foel. As leden fan dy organisaasje wiene de Oekraïners fan it begjin oan mandelich oan de ferneatiging fan de joaden as ien fan de belangrykste etnyske groepen fan it lân.

Mar ek al wiene in soad Oekraïners ree om yn alles mei de Dútsers gear te wurken, hja waarden troch de Dútsers nea as lykweardich beskôge. Gauleiter Erich Koch (1896–1986) makke yn augustus 1942 der gjin geheim fan hokker rol de Oekraïners hiene:

"Der bestiet gjin frij Oekraïne. It doel fan ús wurk is dat de Oekraïners foar Dútslân wurkje en net dat wy dat folk hjir begeunstigje. De Oekraïne moat leverje wat Dútslân net hat. Dy opjefte moat útfierd wurde sûnder nei ferliezen te sjen. ... Foar de Dútser yn it Rykskommisariaat jild, dat wy mei in folk te meitsjen ha dat yn alle opsichten minderweardich is."...

Fanwegen de Dútske produksje-easken, it yn stân hâlden fan de kolchozen, dêr't de Oekraïners it mier oan hiene, it wurkjen foar de Dútske oarlochsyndustry, de massale Arbeidseinsatz as Ostarbeiter yn it Reichsgebiet en de arrestaasjes en deasjitten fan funksjonarissen en leden fan de beide OUN-fraksjes, waard de opteinens om mei de Dútske besetter te wurkjen al gau minder.

Striders fan de UPA

Al yn 'e maitiid fan 1942 rjochte Taras Borovets (1908-1981) gefjochtsienheden yn Poleezje en Wolhynje op, dy't it Oekraynsk Opstannelingenleger (UPA) neamd waarden. De troepen bestien út desertearre Oekraynske leden fan de oardetsjinst, plysjes, tsjinstplichtige Oekraynske jonges, mar ek út eardere leden fan it Reade Leger. Ein 1942 keas de UPA, dy't ynearsten mei beide fleugels fan de OUN bannen hie, foar de radikalere Bandera-fleugel fan de OUN, dy't sels boppedat ek al útein set wie mei it organisearjen fan gefjochtsienheden.

Oant healwei 1943 krige de OUN-B de kontrôle oer alle oare noch besteande bewapene Oekraynske ienheden yn it noardwest fan de Oekraïne. Op dat stuit hie de OUN-B der ek al foar keazen om him tsjin Dútslân te war te setten. Yn in pamflet fan febrewaris 1943 skreau de organisaasje oan de leden dat de Oekraïne finzen siet tusken de hammer en it ambyld fan twa fijannige imperialisten: Moskou en Berlyn. Dat bestjutte de ûnûntkombere eask foar it Oekraynske folk om te striden tsjin beide imperialisten.

De OUN/UPA sette al tsjin it ein fan 1942 en it begjin fan 1943 yn it Reichskommissariaat Oekraïne útein mei in ûndergrûnske kriich. Dy oarloch wie fral rjochte tsjin de dêr aktive ienheden fan de Sovjet-partisanen en folle minder tsjin de Dútske ynstellings en striidkrêften. Dêrfandinne wie der yn de Oekraynsk-Dútske ferhâldings noch gjin sprake fan fersteurde ferhâldings. In bewiis dêrfoar wie dat de Dútsers yn 1943 der yn slaggen om likernôch 80.000 Oekraynske frijwilligers te rekrutearjen, wêrfan likernôch 17.000 yn de healwei 1943 opstelde 14. Waffen-Grenadier-Division der SS (galizische Nr. 1) yntegrearre waarden.

Yn 1943 waard Dmytro Kljatschkiwskyj (1911-1945) kommandant fan de UPA. Begjin 1944 naam Roman Josypovitsj (1907-1950) oant syn dea it amt oer. De lêste opperbefelhawwer fan de UPA wie Vassyl Kûk (1913-2007).

Moardnerij[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn rûnten fan de OUN en de UPA waarden yn 'e jierren 1942-1943 de plannen om de folsleine Poalske befolking fan Wolhynje en Galysje út te roegjen jimmeroan fêster. Op 9 febrewaris fermoarde de UPA ûnder lieding fan Hryhory Perehyniak yn it doarp Parośla sa'n 150 minsken. Dat wurdt as de earste organisearre moardnerij op Poalske boargers beskôge. Oare moardpartijen fûnen yn maart 1943 plak yn de regio's Kostopil en Sarny en yn april 1943 yn de omkriten fan Kremenets, Rivne, Dûbno en Lûtsk. Allinne al tusken ein maart en begjin april 1943 waard 7000 manlju, froulju en bern troch de UPA fermoarde. Yn Lipniki (sa'n 270 km súdwest fan Kostopil) waarden yn maart 1943 teminsten 179 minsken troch de UPA fermoarde. Yn 'e nacht fan 22 nei 23 april 1943 waarden by it delbaarnen fan it doarp Janova Dolina 600 Poalen deade. Yn maaie en juny 1943 wreiden de slachtpartijen harren fierder út.

Monumint foar Dmitro Kljatsjkivskyj yn Rivne

Yn de moannen july en augustus 1943 wiene de moardnerijen op syn alderslimst. De befelhawwer fan de noardlike UPA-groep, Dmitro Kljatsjkivskyj, ferklearre yn 1943 yn in rjochtline dat it doel wie om alle Poalske eleminten út te roegjen. Alhoewol't earst allinne de manlike Poalen tusken de 16 en 60 jier fermoarde wurde soene, wie it fral froulju en bern dy't fermoarde waarde. Mei it útmoardzjen fan de Poalen hopen de Oekraïners harren takomstige oanspraken op Wolhynje in better fûnemint te jaan. Boppedat wiene de slachtpartijen ek in wraakaksje op de Poalske nasjonalisten, dy't yn 1942 as wraak Oekraïners oanfallen hiene.

Fan 1942 oant it ein fan de oarloch waarden troch Oekraynske nasjonalisten allinne yn Wolhynje al neffens rûzings 50.000 oant 60.000 Poalen fermoarde. Ynklusyf oare gebieten yn 'e Oekraïne kin it tal sels oprinne oant 100.000-300.000 slachtoffers, wylst 485.000 Poalen twongen waarden te flechtsjen. It djiptepunt wie op 11 july 1943, doe't bataljons fan de UPA mei stipe fan de Oekraynske befolking 100 Poalske doarpen oanfoelen. Wylst de minsken yn 'e tsjerke de misse fierden, foelen se de tsjerke yn en fermoarden dêr alle minsken.

Wurkwize fan de UPA[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wize hoe't de UPA hannele tsjûge fan grutte wredens. Net allinne fjoerwapens mar ek bilen, messen, heafoarken en speetsen waarden brûkt om de Poalske boargers te fermoardzjen. Dêrby makke de âldens en it geslacht fierder gjin ferskil. Faak waarden de slachtoffers oant de dea der op folge tamtearre. Hiele doarpen gyngen yn reek op.

Yn 'e regel waarden de doarpen moarns by it lemieren oerfallen en ek de tiid as de katolike Poalen de missen bywennen wiene gaadlike mominten om oan te fallen. De Britske histoarikus Norman Davies beskriuwt yn it boek "No simple Victory" hoe't hiele doarpen ôfbaard waarden, katolike preesters mei bilen yn parten hakt of krusige waarden en pleatsen troch mei messen en heafoarken bewapene groepen oermastere waarden. Slachtoffers waarden de kiel trochsnien, swiere froulju en bern waard in stikken snien of speetst en manlju waarden yn in mûklaach oerfallen en fermoarde.

Allinne yn 'e grutte stêden wisten de Poalen te oerlibjen. Yn lannelike gebieten wie de Poalske befolking lykwols fûgelfaai en yn 'e regel sûnder beskerming oan 'e UPA oerlevere. Allinnich al yn Wolhynje waarden tusken 1942 en 1944 35.000 oant 60.000 etnyske Poalen fermoarde. Ynklusyf oare Oekraynske gebieten soe dat tal mooglik wol oprinne kinne oant 100.000 Poalske slachtoffers. Wurdt ek it rûsde flechtlingental meirekkene, dan soe it tal Poalske slachtoffers sels op likernôch 300.000 útkomme.

Selsferdigening[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Selsferdigeningssintra yn Wolynje (1943)

Fanwegen de oanhâldende Oekraynske oanfallen waarden der yn feilichheidssônes selsferdigeningsorganisaasjes ynsteld om de Poalske befolking te beskermjen. De Poalen besochten harren fral yn grutte stêden en yn bosken skûl te hâlden, dêr't hja lang om let troch it Poalske thúsleger (Armia Krajowa - AK) holpen waarden. Yn de gruttere plakken waard in útwrydsk alarm- en kommunikaasjesysteem opset, dy't neffens in befel fan kolonel Kazimierz Damian Bąbiński fan 17 maaie 1943 it beskermjen fan de Poalske befolking as doel hiene. Fakentiden waarden lykwols de bewenners fan de lannelike gebieten it slachtoffer fan de Oekraïners, om 't hja de gruttere beskermingssônes of stêden net mear op 'e tiid benei komme koene.

Monumint yn Huta Stepańska

Meiïnoar ûnstiene der 100 fan sokke beskermingssônes, werfan't lykwols mear as 40 de Oekraynske oanfallen net keare koene, sadat ek dêr it moardzjen troch gie. In bekend foarbyld dêrfan wie Huta Stepańska, dat fan 16 oant 18 july 1943 oanfallen waard en wêr't mear as 600 Poalen troch de Oekraïners ombrocht waarden. Ek Przebraże lei yn in beskermingssône, dêr't op 't lêst wol 20.000 minsken hinne flechte wiene nei 't de doarpen Taraż en Marianówka op 12 maart 1943 troch 500 UPA-soldaten oerfallen wiene. Mei de bou fan bunkers, it opsmiten fan barrikades en it oanlizzen fan wetterliny's slaggen hja der yn om dêr de oanfallen fan de Oekraïners ôf te slaan.

Poalske reaksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Poalske thúsleger beändere de moardpartijen fan de UPA mei wraakaksjes ûnder de Oekraynske befolking. Ek Oekraynske doarpen waarden platbaarnd en de bewenners dêrfan fermoarde. It rûn allegear sa bot út de hân, dat sels de Sovjet-autoriteiten oandien wiene. Op 14 maart 1945 ynformearren de Sovjet-Oekraynske autoriteiten Moskou dat grinsplysje-ienheden fan it Folkskommisariaat foar Ynlânske Saken berjocht krige hiene, wêrneffens Poalske militêre ienheden de Oekraynske befolking terrorisearren en meidiene oan massamoarden ûnder de Oekraynske befolking en hiele doarpen delbaarnden.

Nei rûzing waarden 10.000 oant 12.000, mooglik 15.000 Oekraïners it slachtoffer fan Poalske wraakaksjes.

De UPA nei de oarloch[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de oarloch bleau de UPA fechtsjen tsjin de Sovjet-Uny. Fan 1945 oant 1946 slagge de organisaasje der yn om de helte fan de Oekraïne te kontrolearjen. Yn in geheim oerlis yn 1947 tusken de Sovjet-Uny, Poalen en Tsjechoslovakije waard besletten de UPA mienskiplik oan te pakken. Yn 'e rin fan de tiid ferlear de UPA syn ienheid en ûnstiene der jimmeroan mear lytsere groepen.

It Poalske Folksleger fierde yn 1947 de Operaasje Wisła út, werby't likernôch 150.000 Oekraïners út harren eardere, no by Poalen yndielde, wengebiet útset waarden. De UPA besocht dat tefoarren te kommen en focht tsjin de Poalske striidkrêften. Yn 1950 waard Roman Schuchewytsch, de belangrykste opperbefelhawwer yn 'e skiednis fan de UPA, deade. It Sovjet-leger makke yn 1954 definityf in ein oan de UPA.

Neitiid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de fal fan 'e Sovjet-Uny en de ûnôfhinklikens fan de Oekraïne soarge de beöardieling fan de UPA foar swierrichheden tusken Poalen, Ruslân en Israel oan 'e iene kant en de Oekraïne oan 'e oare kant. Ek hjoed-de-dei spilet de UPA noch in grutte rol yn 'e Poalsk-Oekraynske relaasjes. De Poalske steat beskôget de UPA as in kriminele organisaasje en ferantwurdlik foar de genoside op de Poalske befolking yn Wolhynje en dielen fan East-Galysje.

Oekraynske betinkingsmunt fan Roman Sjûchevitsj

Yn de Oekraïne wurdt der ferskillend tocht oer de UPA. Fral yn it west fan de Oekraïne ûntstie sûnt de ûnôfhinklikens yn 1991 in grutte ferearingskultus fan de UPA. Grutte dielen fan de Oekraynske befolking wol dêr noch jimmeroan gjin kwea wurd oer de UPA hearre. De haadferantwurdliken wurde as helden fereare en der waarden monuminten foar har oprjochte. Oan de oare kant beskôgje de Russysktalige bewenners it easten en de joadske befolking har as kriminelen en yn 'e dielen dêr't de Russysktalige befolking wennet binne monuminten oprjochte om de slachtoffers fan de UPA te betinken.

De West-Oekraynske stêd Ternopil rôp 2011 as betinkingsjier út foar Dmytro Kljatsjkivksyj, ien fan de haadferantwurdliken fan de etnyske suverings. Nei't yn 2007 in oare haadferantwurdlike, Roman Sjûchevitsj, fan de Oekraynske presidint Viktor Jûsjtsjenko de earetitel "Held fan 'e Oekraïne" krige, protestearden njonken it Poalske regear ek it Simon Wiesenthal Center en it Europeeske Parlamint. President Viktor Janûkovitsj draaide dat beslút werom.

Yn in troch it Poalske parlemint oannommen resolúsje fan 12 july 2013 waard it geweld feroardiele as in etnyske suvering mei de skaaimerken fan genoside. Dêrfoar oer naam it Oekraynske parlemint begjin april 2015 it beslút om de leden fan de UPA as ûnôfhinklikheidsstriders te erkennen.

Om't de moardpartijen yn Wolhynje en East-Galysje neffens it Genosideferdracht fan 1951 alle skaaimerken fan in genoside hawwe, bekrêftige de Senaat fan de Republyk Poalen de moardnerijen as folkemoard. Ek de Poalske lândei beskreau de moardnerij as folkemoard. Dat late ta in ôfkarrende reaksje fan de Oekraynske presidint Petro Porosjenko. It haad fan it Oekraynske Ynstitút foar Nasjonale Betinking omskreau de resolúsje fan de Poalske Sejm as "in resultaat fan de anty-Oekraynske hystery yn Poalen".

Plechtichheid fan de Nasjonale Betinking yn Poalen fan de slachtoffers fan de genoside

Yn jannewaris 2017 waard in yn 2005 stifte monumint yn it eardere doarp Huta Pieniacka (Oblast Lviv) foar de dêr op 28 febrewaris 1944 fermoarde 600 oant 900 Poalen en joaden troch ûnbekenden fernield. De daders lieten op it fernielde stiennen krús en de twa stiennen platen fan it betinkingsplak grafity fan Oekraynske flaggen, UPA-symboalen en SS-runen efter.

In katolike begraffenis yn Ostrówki fan slachtoffers fan de moardnerij

De Poalske fice-premier sei yn juny 2023 dat it tige dreech is foar te stellen dat de Oekraïne lid wurdt fan de Europeeske Uny as it lân gjin tastimming jout om de slachtoffers fan de moardnerij op te graven sadat hja in fatsoenlike begraffenis yn Poalen krije kinne. Dy reaksje waard jûn nei't it Oekraynske Ynstitút foar Nasjonale Betinking sei dat sokke opgravings allinne tastien wurde as Poalen mear docht om de skeinde tinkstiennen foar de Oekraynske UPA-striders te restaurearjen.[1]

Om't it 80 jier lyn wie dat de grutskalige slachtingen ûnder de Poalen útein setten, betochten presidint Andrzej Duda en syn Oekraynske amtsgenoat Volodymyr Zelensky foar it earst tegearre yn Lûtsk de moardnerij. De Oekraïne wegeret lykwols ekskuses oan te bieden of it as genoside te erkennen.[2]

Film[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Poalske filmregisseur Wojciech Smarzowski wurke fan 2014 oant 2016 oan de opnames foar de spylfilm "Hatred" (alternative titel "Wolyn"), dy't as tema de moardnerij yn Wolhynje en East-Galysje hat.

De film gyng yn septimber 2016 yn Gdynia yn 'e Poalske bioskopen yn premjêre. Yn 'e Oekraïne waard de film ferbean.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Einzelnachweise, op dizze side.