Matilo

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Matilo of Matilone wie eartiids in Romeinske delsetting yn de provinsje Neder-Germaanje (Germania Inferior). Matilo wie in grinsfort (Latyn: (castellum) oan de Alde Ryn, destiids de haadtûke fan de rivier de Ryn dat de noardgrins limes foarme fan it Romeinske Ryk. De namme Matilo stiet fermeld op de Peutinger kaart (Tabula Peutingeriana) tusken Albaniana (Alphen oan de Ryn) en Praetorium Agrippinae (Falkenburch), tsjintwurdich de wyk Roomburch yn Leien,

Kastiel Matilo[bewurkje seksje | edit source]

It fort Matilo lei op in strategysk plak dêr't ferskate wetterrinnen by ien kamen, nammentlik de Ryn (no Alde Ryn), it kanaal fan Korbulo, de Syl en de Warmonder Leede (Leithe). Neist de limes rûn in legerwei dy't de forten bylâns de Ryn mei inoar ferbûn. Dizze wei rûn troch nei de Noardsee oant Forum Hadriani (Foarburch). Matilo waard nei alle gedachten stifte om it jier 47 hinne, tidens de oanlis fan it kanaal fan Korbulo. It fort waard ferwoeste yn de Bataafske Opstân en dêrnei wer op 'e nij opboud. Tsjin it legerkamp oan lei in boargerdelsetting. Ynearsten wie it fort fan hout en beskerme troch in ierden wâl mei palissade-wanden. Dizze omwalling waard yn 243 ferfongen troch in stiennen muorre. Matilo bleau oant om-ende-by 275 yn gebrûk. Nei alle gedachten is it kastiel ferwoaste troch Fryske plonderders.

Opgravings[bewurkje seksje | edit source]

Al yn de 16e ieu waarden Romeinske resten fûn by it kleaster dat destiids yn Roomburch stie. Yn de wenwyk Roomburch yn Leien binne ûnder oaren munten, ierdewurk, hynstetúch en in brûns anlitmasker út it tiidrek 80-125 fûn. Ien fan de twa Romeinske gevelstiennen is ôfkomstich út Matilo.