Kanaal fan Korbulo

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Kaart mei de rin fan it kanaal fan Korbulo
Rekonstruksje fan it kanaal mei Romeinske brêge
Rutermasker fûn yn it Kanaal fan Korbulo yn Matilo

De Fossa Corbulonis of Kanaal fan Korbulo wie in om 47 n. Kr. hinne groeven kanaal yn Súd-Hollân dat de Maas mei de Ryn ferbûn. Hoe't it kanaal krekt rûn hat, is lykwols net bekend, mar der binne oanwizings dat it it Romeinske legerplak by Naaldwyk ferbûn mei it fort Matilo (by Leien) en foar in part parallel rûn oan de Flyt.

Oanlis[bewurkje seksje | edit source]

It kanaal hat de namme fan de Romeinske fjildhear Korbulo, omdat hy syn soldaten opdracht joech de 23 Romeinske milen lange kanaal (± 34 km) te graven. Wierskynlik hoegden de soldaten net folle te graven, omdat sy allinnich mar de besteande wettergongen, wêrûnder de Gantel, mei elkoar ferbine moasten .

It kanaal hie as doel om skipfeart tusken Maas en Ryn mooglik te meitsjen sadat sy net oer de Noardsee hoegden. De skippen dy't benammen yn dat tiidrek brûkt waarden, wienen foaral lytse platboaiems en net bot seeweardich.

Opgravings[bewurkje seksje | edit source]

Yn 1962 is te noardwesten fan Leiden in part fan it âld kanaal opgroeven. Oare opgravings hawwe west tusken 1989 en 1992 by Leidschendam en yn 2004, allyksa by Leidschendam. Ut ûndersyk docht bliken dat it om in kanaal mei houten beskoeiïng gie, dat om-ende-by 50 n. Kr. te plak brocht wie. It kanaal wie 12 oant 14 meter breed en sa'n 2 meter djip en der binne spoaren fûn fan in jaachpaad by it kanaal del. Ek docht bliken dat der in earste kanaal wie dat tichtslike en dat der op 'e nij in twadde kanaal groeven is. Yn de wenwyk De Reidfink yn Leidschendam is in rekonstruksje makke, kompleet mei houten brêge lykas eartiids.

Naaldwyk[bewurkje seksje | edit source]

Yn Naaldwyk is yn 2004 in part fan in brûnzen plaat fûn, nei alle gedachten in fragmint fan in sokkel fan in stânbyld fan keizer Klaudius. Earder wie yn de omkriten dêrfan al in brûnzen hân oantroffen. Yn de Romeinske tiid kaam de Maas by Naaldwyk del en der wurdt sein dat oan dy kant in Romeinske floatbasis wie.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]