Romeinske myl

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Romeinske mylpaal

De Romeinske myl of mile (Latyn: milia passuum of milliaria) is in troch de Romeinen ynfierde lingtemjitte mei in lingte fan tûzen stappen, sa't de namme al seit, mar 1 Romeinske stap wie gelyk oan twa gewoane stappen. De lingte fan in Romeinse myl beroan sa'n 1478 meter. De myl is ferdield yn lytsre ienheden sa't hjirûnder beskreaun wurdt.

Oan alle Romeinske wegen stiene milliaria,, (mylpealen), dêr't de ôfstân nei wichtige plakken op te lêzen wie.

Romeinske lingtemjitten[bewurkje seksje | edit source]

  • digitus (fingerlid) (sa'n 18,5 mm)
  • palmus (palm): 4 digiti (sa'n 73,9 mm)
  • pes (foet): 4 palmi (sa'n 296 mm)
  • passus (stap): 5 pedes (sa'n 1478 mm)
  • milia passuum of milliarium (myl): 1000 passus (sa'n 1478 m)

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

  • Myl foar oare lingtemjitten mei de namme myl.
  • Milliarium
  • Mylpeal
  • Leuga in keltyske ôfstânsmjitte dy't de Romeinen ek brûkten


Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: