Alde Ryn
Ut Wikipedy
De Alde Ryn is in rivier yn de provinsjes Utert en Súd-Hollân. De rivier is in oerbliuwsel fan de rin fan de Alde Ryn. De Alde Ryn begjint by Wijk by Duurstede as Kromme Ryn, wurdt nei Utert ferfolge as de Leiense Ryn en rint fan Harmelen ôf as de Alde Ryn nei see.
[bewurkje seksje] Romeinske tiid
Yn de Romeinske tiid wie dizze rin de haadrin fan de rivier. It wie doe in brede rivier dy't tagong fan de Noardsee it lân yn joech. Dizze rin bylâns lei de Germaanske limes fan it Romeinske Ryk. In rige fan Romeinske forten lei hjir by de rivier lâns:
- Haevae Fanum - Dorestêd
- Fectio - Fechten
- Traiectum - Utert
- In fort mei ûnbekende namme by De Mearn
- Laurum - Woerden (Mooglik wie de namme Laurium)
- In lytsfort by Boadegraven
- Nigrum Pullum - Swammerdaam
- Albaniana - Alfen oan den Ryn
- Matilone - Leien (Mooglik wie de namme Matilo of Macilo)
- In lytsfort boppen Falkenboarch
- Praetorium Agrippinae - Falkenboarch
- Lugdunum Batavorum - Katwyk
By de rivier binne ek oerbliuwsels fan Romeinske skippen fûn.
[bewurkje seksje] Midsieuwen
De Romeinen skreaunen al dat de ûnderrin fan de Ryn faak oer it lân útrûn. Nei harren tiid bleaunen dizze problemen. Fersâning fan de rin makke dy minder wichtich, oant sa om 900 de Lek de haadrin waard. Om't Utert en Leien hieltiid noch llêst fan it wetter hienen waard yn 1122 it probleem foar altiten oplost troch de Alde Ryn by Wyk by Duerstêd ôf te daamjen.

