Marije Bertetsjerke (Dronryp)
Marije Bertetsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | De Waadhoeke | |
plak | Dronryp | |
adres | Dûbelestreek 14 | |
koördinaten | 53° 11' N 5° 38' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
bisdom | Grins-Ljouwert | |
patroanhillige | Marije | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | A. van der Moer J.M. van Hardeveld | |
boujier | 1839 | |
Webside | ||
Side Jakobus de Meardereparochy | ||
Kaart | ||
De Marije Bertetsjerke is in katolike tsjerke oan 'e Dûbelestreek yn Dronryp. De tsjerke waard yn 'e 19e iuw as in wettersteatstsjerke boud en krige yn 1939 in nij oansjen. Tegearre mei de âlde parochy's fan Sint-Anne, Frjentsjer, Harns, Flylân en Skylge foarmet Dronryp sûnt 1 jannewaris 2013 de Hillige Jakobus de Meardere-parochy.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mei de reformaasje waard de Salviustsjerke in protestansk gebou en de Rypster katoliken moasten doe ynearsten temûk by inoar komme. Sûnt 1699 hiene de katoliken wer in eigen pastoar en in skûltsjerke oan 'e Molepôle. Yn 1839 waard der ûnder lieding fan 'e arsjitekt A. van der Moer foar de parochy in nije neoklassisistyske tsjerke boud.
Yn 1939 krige de tsjerke oan 'e eastlike kant in hiel nij oansjen. De tsjerke waard langer makke en in nije toer yn 'e styl fan 'e Delftske Skoalle neffens in ûntwerp fan J.M. van Hardeveld waard boud. Tagelyk waard oan 'e súdlike kant fan 'e tsjerke de pastory oanboud. De westlike gevel waard fersierd mei de sifers fan it jiertal fan 'e bou en in byld fan Marije dat makke is troch de Hongaar Miklós Béla Hoffer.
De tsjerke waard yn 1997 in ryksmonumint.
De Marije Bertetsjerke is ien fan 'e âldste katolike tsjerken fan it bisdom Grins-Ljouwert. Allinne de Sint-Michaeltsjerke yn Wâldsein is âlder. Opmerklik foar de katolike tsjerke is de westlike oriïntaasje, d.w.s. it koer mei it alter lizze oan 'e westlike kant fan it gebou.
Ynterieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De trije beuken fan 'e tsjerke wurde fan inoar skieden troch swiere Toskaanske pylders. Efter it alter is in grut skilderij oanbrocht fan Otto de Boer út Wâldsein. It stelt de ferhearliking fan Kristus op de berch Tabor foar. De fjirtjin staasjes fan de krúswei binne yn 1848 ek troch Otto de Boer makke. Fierder steane der in tal neogoatyske bylden.
It plafond is by de rêdljochters fersierd mei stúkte foarstellings fan de Tsien Geboaden, de symboalen fan it Leauwe, de Hope en de Leafde en de pauselike kroan.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Ljouwerter oargelbedriuw Van Dam boude foar de katolike tsjerke op de eastlike galerij yn 1882 in oargel. It ienmanualige oargel mei oanhongen pedaal telt 8 registers. In njoggende register is reservearre. It oargel waard yn 2015 renovearre. It houten front is fersierd mei houtsnijwurk yn de styl fan Loadewyk XVI.[1]
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Van Dam-oargel
-
3e staatsje krúswei
-
Neogotysk byld fan Marije mei Bern
-
Stúkwurk
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|