Ludwik Zamenhof
Ludwik Zamenhof | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
fakgebiet | Esperanto, eachhielkunde, esperantology[*], filology | |
berop | taalkundige[*], eachdokter[*], útfiner, poëet, oersetter[*], esperantist[*], dokter, physician writer[*], bibeloersetter[*], esperantolooch[*], filolooch[*] | |
lân | Keizerryk Ruslân | |
etnisiteit | Joadsk | |
geslacht | man | |
berne | 15 desimber 1859 | |
berteplak | Białystok[*] | |
stoarn | 14 april 1917 | |
stjerplak | Warsjau | |
famylje | ||
troud mei | Klara Zamenhof | |
bern | Lidia Zamenhof[*], Adam Zamenhof[*], Zofia Zamenhof[*] | |
heit | Markus Zamenhof[*] | |
mem | Rozalia Zamenhof[*] | |
bruorren en susters | Ida Zamenhof[*], Fejgla Zamenhof[*], Mina Zamenhof[*], Aleksander Zamenhof[*], Henryk Zamenhof[*], Leon Zamenhof[*], Felix Zamenhof[*], Hersz Zamenhof[*], Aŭgusta Hermelin[*], Sora Dwora Zamenhof[*] |
Ludwik Lejzer Zamenhof, yn 't Poalsk Ludwnik Łazarz Zamenhof (Białystok, 15 desimber 1859 - Warsjau, 14 april 1917) wie in Poalske arts en makker fan it Esperanto, de meast foarkommende keunsttaal. Zamenhof wie gjin taalkundige, mar hie in grutte kennis fan de taal. Syn memmetaal wie it Russysk (fan heit) en it Jiddysk (fan mem) en hy spruts ek floeiend Poalsk en Dútsk en koe Frânsk, Gryksk, Latyn, Italjaansk, Ingelsk, Hebriuwsk en Arameesk lêze, en hie wat kennis fan it Spaansk en Litousk.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Zamenhof waard berne op 3 desimber 1859 neffens de Juliaanske kalinder yn de stêd Białystok (it is de Poalske namme foar de stêd - it is no Poalen), dy't dêrnei yn it Russyske Ryk lei. De befolking fan Białystok bestie út trije etnyske groepen: Poalen, Wyt-Russen en Jiddysk sprekkende joaden. Zamenhof wie fertrietlik troch de rûzje tusken dizze groepen. Hy miende dat de grutste oarsaak fan haat en foaroardielen lei en it ûnbegryp fan beide kanten kaam troch it ûntbrekken fan in mienskiplike taal dy't brûkt wurde kin as in neutrale foarm fan kommunikaasje tusken minsken fan ferskillende etnyske en taalkundige eftergrûnen.
Dêrnei ferfear de famylje nei Warsjau, dêr't Zamenhof nei de middelbere skoalle gie. Wyls wurke hy oan in ynternasjonale taal. Yn 1878 wie syn projekt lingwe uniwersala klear, mar Zamenhof wie te jong om it te publisearjen en joech it oan syn heit dat dy it bewarje soe oant Zamenhof klear wie mei syn stúdzje. Mar syn heit fûn it tiidfergriemen en ferbaarnde it plan. Zamenhof begûn oan in stúdzje genêskunde, earst yn Moskou en letter yn Warsjau. Hy krige yn 1881 yn 'e gaten dat syn earste taalprojekt ferbaarnd wie en begûn in nijen-ien te meitsjen.
Yn 1885 wie er klear mei syn universitêre stúdzje en begûn te wurkjen as eachdokter yn Warsjau. Nei besykjen fûnsen te werven foar in twadde taalprojekt, publisearre hy yn 1887 mei finansjele stipe fan syn takomstige skoanheit. It boek ferskynde ûnder de skûlnamme Doktoro Esperanto ('Dokter Hoopfol') dêr't de taal syn namme troch krige, mei't Zamenhof it net allinnich as taal seach, mar ek in middel om syn ideeën fan in freedsume mienskip tusken ferskillende folken mei te fersprieden.
Nijsgjirrich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Ljouwert is it Dr. Zamenhofpark nei him neamd.