Loona Luxx

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Loona Luxx
Loona Luxx at AVN Adult Entertainment Expo 2009 (1).jpg
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Loona Lux, Luna Luxx,
Droona Lauren
echte namme Angelique Rey
nasjonaliteit Flag of France.svg Frânsk
berne 31 desimber 1979
berteplak Biarritz (Frankryk)
etnisiteit Flag of France.svg Frânsk,
Flag of Italy.svg Italjaansk,
Flag of Egypt.svg Egyptysk-Arabysk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf 2008 – no
offisjele webside
www.loona-luxx.com (deade link)

Loona Luxx, echte namme: Angelique Rey (31 desimber 1979), is in Frânsk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise fan mingd Frânsk-Italjaansk-Egyptysk Arabysk komôf, dy't yn it ferline ek wol gebrûk makke hat fan 'e artystenammen Loona Lux, Luna Luxx en Droona Lauren.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Luxx waard berne op Aldjiersdei 1979 yn it Súdfrânske baaiplak Biarritz, oan 'e kust fan 'e Golf fan Biskaje. Hja waard yn 2008 ûntdutsen troch de Italjaanske pornoregisseur Francesco Fanelli en makke noch datselde jiers, op har 27ste, har debút yn dy syn pornografyske film Revenge. Luxx ferfear al rillegau nei de Feriene Steaten, dêr't se har nei wenjen sette yn Los Angeles, yn 'e steat Kalifornje. Dêr wurke hja foar sokke foaroansteande pornolabels as Diabolic, Digital Sin, Evil Angel en New Sensations. Yn totaal spile se yn rom fjirtich pornofilms, mar yn nammenstemear fideo's foar pornowebsiden. Dêrby wurke se gear mei stjerren as Rocco Siffredi en Lexington Steele. Luxx hat mei har wurk al seis nominaasjes foar in AVN Award (de Oskar fan 'e pornowrâld) yn 'e wacht sleept, en ek hat se in kear nominearre west foar in Hot d'Or, de wichtichste Jeropeeske pornografypriis. Njonken har aktearkarriêre is Loona Luxx ek wurksum as model foar neakenblêden en as stripper.

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2009 AVN Award nominearre bêste lesbyske groepsekssêne Top Wet Girls
nominearre bêste point of view-sêne Pole Position POV 8
nominearre bêste opfiering fan in striptiis Raw
nominearre bêste triosekssêne Superwhores 11
nominearre bûtenlânsk artyste fan it jier n.f.t.
Hot d'Or nominearre bêste Frânske artyste n.f.t.
2010 AVN Award nominearre bêste anale sekssêne Anal Buffet

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: