Kreoalsk
It Kreoalsk is de sammelnamme foar alle (ming)talen dy’t sprutsen wurde troch kreoalen en oare minsken yn lannen wêr't Kreoalen wenje. De taal ûntstiet meastal yn situaasjes dêr’t sprekkers fan ferskate talen yn ien mienskip in kommunikaasjemiddel meitsje moatte. Meastal giet it om in ferskaat oan lokale talen en oare talen, bygelyks talen dy’t troch koloanisten nei it lân brocht waarden. Kreoalske talen wurde dan ek foaral sprutsen yn (âld) koloanjes.
Lannen dêr't in soad kreoalske talen sprutsen wurde binne bygelyks yn:
- Hast hiel Afrika
- Súd-Amearika
- It Karibysk gebiet
- Súd-East Aazje
- Yn parten fan Noard-Amearika
Yn de taalkunde is in Kreoaltaal in saneamde Pidgin mei memmetaalsprekkers. Dat bart my de ûntwikkeling fan in dúdlike grammatikale struktuer.
In beheind tal kreoalske talen is basearre op it Nederlânsk. Foarbylden hjirfan binne:
- It Negerhollânsk (sprutsen op de Amerikaanske Famme-eilannen)
- It Berbyske-Nederlânsk (Guyana)
- It Skepysk (Guyana)
- It Petjohsk (Yndoneezje)
Dizze talen wurde tsjintwurdich lykwols hast net mear sprutsen.
In oare taal dy't in protte wei hat fan in Kreoalske taal is it Afrikaansk, dat ek op it Nederlânsk basearre is.
De wichtichste Kreoaltalen dy’t yn de (âlde) Nederlânske koloanjes sprutsen wurde, benammen it Papiamintsk op Arûba, Bonêre en Kurasau en it Sranantongo yn Suriname, binne net op het Nederlânsk basearre. Dizze talen ha mear wei fan it Portegeesk, Spaansk en Ingelsk. Dochs binne der in protte Nederlânske ynfloeden yn te finen.