Keninklike Nederlânske Fuotbalbûn

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
KNFB
Basisynformaasje
Lân Flag of the Netherlands.svgNederlân
Namme Koninklijke Nederlandse Voetbalbond
Ofkoarting KNVB
Fryske namme Keninklike Nederlânske Fuotbalbûn
Oprjochte 1898
Presidint Michael van Praag
FIFA-lid 1904
UEFA-lid 1954
Webside KNFB

It Keninklike Nederlânske Fuotbalbûn of KNFB (Koninklijke Nederlandse Voetbalbond, KNVB) is de organisaasje dy’t yn Nederlân de fuotbalkompetysjes en -eveneminten organisearret. Ek fersoarget it bûn de wedstriden fan it Nederlânske alvetal. Fierder ûntwikkelet en organisearret it de bedriuwstak fuotbal. It KNFB partisipearret ek yn maatskiplike projekten. De KNFB waard yn 1904 lid fan de FIFA en yn 1954 fan de UEFA

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

It Nederlandschen Voetbal- en Athletischen Bond, sa't de oarspronklike namme wie, is yn 1898 oprjochte. It bûn hie har sels as doel steld om it fuotbalspul en de atletyske sporten yn Nederlân te befoarderjen en better bekend te meitsjen. Inisjatyfnimmer wie Pim Mulier, de stifter fan de Haarlimske Fuotbalklub en ynspirator foar de earste offisjele Alvestêdetocht.

By de oprjochting wienen tsien fuotbalklubs belutsen:

  • Rotterdamsche Cricket- en Football-Club "Concordia"
  • Delftsche F.C.,
  • Haarlemsche F.C.
  • Haarlemsche F.C. "Excelsior"
  • Haagsche Voetbal-Vereniging,
  • Rotterdamsche Cricket- en Football-Club "Olympia"
  • Fuotbalferiening Rotterdam
  • Amsterdamsche Sportclub
  • Amsterdamsche F.C. "R.A.P."
  • Fuotbal-Feriening "Amsterdam"

Al by de oprjochting fan it bûn ûntstie diskusje oer it yn it bûn opnimmen fan de atletyk. Dit hie de foarkar fan Pim Mulier, dy’t sels in protte oan atletyk-sporten die. Yn 1895 waard by in algemiene gearkomst besluten, dat de atletyk net langer ûnderdiel fan it bûn útmeitsje soe. De namme fan it bûn waard wizige yn Nederlandse Voetbalbond (NVB). It bûn krige it predikaat Keninklik mei it 40-jierrich bestean yn 1929, wêrnei't de namme feroare waard yn Keninklike Nederlânske Fuotbalbûn.

Kompetysjes[bewurkje seksje | edit source]

Yn it betelle fuotbal organisearret it KNFB in ferskaat oan kompetysjes en toernoaien. Dit binne de:

Nederlânske alvetal[bewurkje seksje | edit source]

De spilersbus fan it Nederlânsk alvetal.

It KNFB fersoarget ek alle wedstriden fan it Nederlânske alvetal. Ek de nasjonale jeugd- en amateurploegen falle hjirûnder. De bûnstrener is yn tsjinst fan it KNFB. De spilers foar de nasjonale alvetallen wurde troch it KNFB útnoege.

Organisaasje[bewurkje seksje | edit source]

It haadkantoar fan it KNFB stiet yn Zeist. Tusken 1993 en 2008 hat Jeu Sprengers, oant syn dea yn april fan dat jier, de foarsitter fan de bûn west. Op 27 augustus 2008 waard Michael van Praag keazen as nije foarsitter fan de bûn. Oare bekende nammen fan de KNVB binne bygelyks Henk Kesler, dy’t direkteur betelle fuotbal is en Harry Been, de sekretaris-generaal.

Neist de neamde profesjonele kompetysjes organisearret it KNFB (fan it kantoar fan West I Amsterdam út) de haadklassen en de lanlike kompetysjes fan it frouljusfuotbal en it sealfuotbal. De kompetysjes dy’t hjirûnder op in leger nivo plakfine wurde troch de regionale bûnen organisearre, lykas de distriktsbeker.

It KNFB is yn de ûndersteande plakken fêstige mei foar eltse krite in haadkantoar:

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

De offisjele webstee fan it KNFB.