Mathieu Sprengers

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Jeu Sprengers)
Jeu Sprengers

Mathieu (Jeu) Sprengers (Tegelen, 24 maaie 19386 april 2008) wie in Nederlânsk fuotbalbestjoerder. Hy wy ûnder oare foarsitter fan de KNFB en lid fan it bestjoer fan de UEFA.

Libbensrin[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sprengers waard berne as soan fan in slachter. Nei syn oplieding Business Economics oan de Universiteit fan Tilburch begûn hy in karriêre as konsult. Dêrnei waard hy direkteur fan in boubedriuw.

Yn 1976 begûn Sprengers syn rinbaan yn it betelle fuotbal. Hy waard skathâlder fan de fuotbalklub VVV-Venlo. Nei fiif jier, yn 1981, waard hy foarsitter fan de klub. Dit die hy oan 1990 ta. Yn dat jier krige hy in hertynfarkt, wêrnei't hy syn funksje del lei en letter wer begûn by syn boubedriuw wêr’t hy earder ek wurke. Neidat hy wurke yn in funksje op de finansjele ôfdieling fan de KNFB folge hy yn 1993 Jo van Marle op as foarsitter fan it Nederlânske fuotbalbûn. Yn 2000, doe’t hy der foar soarge hy dat Nederlân tegearre my Belgje it Jeropeesk Kampioenskip fuotbal organisearje mocht, waard hy ek skathâlder by de UEFA, it Jeropeeske fuotbalbûn. Yn 2004 waard hy fice-foarsitter fan Euro 2004.

Op 27 maart 2008 waard bekend dat Sprengers in libbensbedrigende sykte hie wêrtroch't hy fuortendaliks stopje moast mei al syn funksjes. Hy ûndergie in operaasje yn it Belgyske Genk, mar ferstoarn noch op 69-jierrige leeftiid as gefolch fan de sykte yn de nacht fan 5 op 6 april fan dat jier.

Karriêre yn it betelle fuotbal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oars[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it seizoen 1972-1973 wie Jeu Sprengers, ûnder de namme Prins Jeu I de prins fan it Fenlooske karnavalferiening Jocus.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]