Juw Dekema

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Julius Juw Dekema fan Baard (of Julius Dekama toe Beard, of Juw Hettes Dekama) (1449 of 1450 - 24 oktober 1523) wie in Fryske haadling. Hy wenne yn de buert fan Weidum en Baard.

Yn 1494 waard hy as potestaat fan Fryslân keazen yn Snits, mar waard allinnich troch de Skieringers erkend. Yn 1498 frege hy Albrecht III fan Saksen it lân te lieden, neidat hy gjin kontrôle mear hie oer it troch twisten tusken de Skieringers en Fetkeapers ferskuorde lân.

Juw tsjinne tusken 1500 en 1515 as riedsman oan it Hof fan Fryslân en wie tusken 1510 en 1512 grytman fan Baarderadiel.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J.H., J.J. Kalma, W. Kok en M. Wiegersma, red., Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958), Barrahuis.
  • Vries, O., B.S. Hempenius-van Dijk, P. Nieuwland, en P. Baks. De Heeren van den Raede. Biografieen en Groepsportret van de Raadsheren van het Hof van Friesland, 1499-1811. Hilversum: Utjouwerij Verloren, 1999.