Joyce Oliveira

Ut Wikipedy
Joyce Oliveira
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Joyce, Nivea, Joyce de Oliveira,
Graça Rios, Joyce de Souza
echte namme Joyce Oliveira
nasjonaliteit Brazyljaansk
berne 10 juny 1972
berteplak Salvador (Bahia)
etnisiteit Afro-Brazyljaansk
Portegeesk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 20072011
offisjele webside
Joyce Oliveira op Twitter

Joyce Oliveira (Salvador, 10 juny 1972), is in rêstend Brazyljaansk neakenmodel en pornografysk aktrise, dy't ek wol gebrûk makke fan 'e artystenammen Joyce, Nivea, Joyce de Oliveira, Graça Rios en Joyce de Souza. Hja sette yn 2007 útein mei in wurkpaad yn 'e sawol de Brazyljaanske as de Amerikaanske pornoyndustry en spile yn frijwat films. Yn 2011 beëinige Oliveira har karriêre as pornoaktrise.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oliveira waard yn 1972 nei alle gedachten berne yn Salvador, yn 'e Brazyljaanske steat Bahia,[1] hoewol't guon boarnen hawwe wolle dat se út 'e súdlike steat Rio Grande do Sul komt, dy't dêrby lykwols betitele wurdt as in plak yn 'e steat Rio de Janeiro.[2][3] Yn elts gefal is se fan Afro-Brazyljaansk etnysk komôf.

Yn 2007 makke Oliveira har debút yn in pornografyske film. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile se dêrnei yn sa'n 25 films. Dêrby wie se rûchwei likefolle aktyf yn 'e Brazyljaanske as yn 'e Amerikaanske pornoyndustry. Yn Brazylje wurke se foar labels as Brasileirinhas, Panteras en Explicita Video, wylst se yn 'e Feriene Steaten yn 't spier wie foar sokke foaroansteande studio's as Evil Angel, West Coast Productions, Elegant Angel en Red Light District.

Fierders wie Oliveira ek wol aktyf foar pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder fral Reality Kings. Se wurke û.m. gear mei har kollega en lânsfrou Mônica Santhiago en mei manlike tsjinspilers as Justin Slayer, Michael Stefano, Nacho Vidal en Mark Wood. Yn 2011 breide Oliveira in ein oan har karriêre en loek se har út 'e pornoyndustry werom.

Lichemsskaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Joyce Oliveira is swart, mei brune eagen en swart hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.63 m lang, mei in gewicht fan 60 kg, en in beskieden kupmaat 34C, wêrfoar't se lykwols in boarstfergruttingsoperaasje ûndergien hat. Behalven piercings troch har earlellen hat se ek in nâlpiercing. Dêropta hat se twa tatoeaazjes: ien fan 'e tekst amore ("leafde") op 'e bûtenkant fan har lofterûnderearm, en in oarenien fan it tekenfilmfiguer Betty Boop op har ûnderrêch.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Biografyske gegevens en filmografy fan Joyce Oliveira yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)
  2. Biografy en filmografy fan Joyce Oliveira yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
  3. Biografyske gegevens fan Joyce Oliveira op FreeOnes