Jouke de Vries
Jouke de Vries (Dearsum, 26 septimber 1960) is heechlearaar oan de Universiteit fan Leien en wittenskiplik direkteur fan de Kampus De Haach.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wurkpaad
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hy groeide op yn Balk, tusken de Gaasterlânske bosken en de Sleattemer Mar en wennet yn Leien. De Vries studearre politike wittenskippen oan de Universiteit fan Amsterdam (1979-1984), mei bestjoerskunde as kopstúdzje. Yn 1984 waard hy beneamd as universitêr dosint by de fakgroep Bestjoerskunde. Hy promovearre yn 1989 by prof. dr. Hans Daudt en prof. dr. Hans Daalder op it proefskrift “Grûnpolityk en kabinetskrises”.
Yn 1999 waard hy beneamd ta heechlearaar bestjoerskunde oan de Universiteit fan Leien en ta wittenskiplik direkteur fan Kampus De Haach fan dyselde universiteit. Kampus De Haach is yn 10 jier tiid útgroeid ta in folslein akademysk ynstitút yn de Hofstêd, dêr’t folsleine opliedingen Rjochten, Politikology en Bestjoerskunde folge wurde kinne. Hy is oprjochter fan it Grotius Ynstitút foar Ynternasjonaal Juridyske Fraachstikken, fan it Centre for Governance Studies en it Centre for Modern Urban Studies. Yn 2008 is hy beneamd ta kertiermakker fan it Leiden University College yn De Haach. Hy wurket dêrby nau gear mei it gemeentebestjoer fan De Haach.
Jouke de Vries publisearret geregeldwei yn ynternasjonale en nasjonale tydskriften. Wichtige publikaasjes fan syn hân binne: Paars en de Managementstaat, Een onderbroken evenwicht in de Nederlandse politiek (oer de Pearse kabinetten en de revolte fan Fortuyn) en Controlling Public Expenditure. De Vries hold ferskate wichtige lêzingen lykas de Thorbeckelêzing yn 2005 en de boargemasterslêzing yn 2008. Hy is kollumnist fan de Staatscourant en fan Republic.
Yn maaie 2015 waard De Vries beneamd ta heechlearaar Governance and public policy oan de Ryksuniversiteit Grins. Hy wie dekaan fan de alfde fakulteit fan dy universiteit (de Campus Fryslân) yn Ljouwert.[1] Sûnt 1 oktober 2018 is er foarsitter fan it Kolleezje fan Bestjoer fan de Grinzer universiteit.[2]
De Vries is troud mei Margriet Ekens; sy hawwe twa bern, Hidde en Jildou.
Polityk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Vries is lid fan de PvdA en kurator van de Wiardi Beckman Stichting, it wittenskiplik buro fan de PvdA. Hy die yn 2002, mei Wouter Bos, Jeltje van Nieuwenhoven en Klaas de Vries mei oan de ynterne ferkiezings om it listlûkerskip fan de PvdA. Mei syn kandidaatstelling fan bûten woe er de PvdA, nei de revolte fan Fortuyn, mear iepenbrekke. Op fersyk fan Wouter Bos wie De Vries dêrnei foarsitter fan de kommisje publike tsjinstferliening. Neist wittenskiplike aktiviteiten ferrjochtet De Vries in soad bestjoerlike taken. Hy is lid fan de Haachske Akademyske Koalysje (HAC), fan de Thorbecke Feriening, fan it Montesquieu ynstitút foar parlemintêre skiednis en fan de advysried fan The Hague Centre for Strategic Studies. Hy wie boppedat fice-foarsitter fan de Nasjonale Konvinsje, dy’t yn opdracht fan it kabinet foarstellen die foar ferbettering fan it funksjonearjen fan de Nederlânske demokrasy.
Yn 2013-1024 wie De Vries ynformateur foar de koälysjefoarming by it Kolleezje fan B & W yn de gemeente Ljouwert.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Rien Fraanje, Jouke de Vries - Hoe Balkenende in het CDA aan de macht kwam, Bert Bakker , 2010 ISBN 9789035135734
- J. de Vries, P. Bordewijk) - Rijdende treinen en gepasseerde stations, Utjouwerij van Gennep, Amsterdam, 2009
- J. de Vries, S. van der Lubben - Een onderbroken evenwicht in de Nederlandse politiek. Paars II en de revolte van Fortuyn, Van Gennep, Amsterdam, 2005
- J. de Vries - De omgekeerde democratie. Verzamelde columns uit de Staatscourant, SDU-Utjouwers, De Haach, 2005
- J. de Vries - Paars en de managementstaat, Garant, Leuven-Apeldoorn, 2005
- J. de Vries, H. Bekke - De ontpoldering van de Nederlandse landbouw. Het ministerie van Landbouw, Natuurbeheer en Visserij 1994-2000, Utjouwerij Garant, Leuven/Apeldoorn, 2001
- J. de Vries, M. van Dam - Politiek-bestuurlijk Management. Een blik achter de gouden muur, Tjeenk Willink S.H.D., Alfen oan de Ryn, 1998
- J. de Vries, H. Bekke H. en G. Neelen - De Salto Mortale van LNV. Beleid, organisatie en management op een breukvlak, Tjeenk Willink S.H.D., Alphen oan de Ryn, 1994
- J. de Vries, U. Rosenthal - Nederland en de Golfcrisis: politiek, media, terreur. Gouda, Quint B.V., Arnhim, 1993
- J. de Vries, A.J.G.M. Bekke - Tussen politiek en klantenkring. Over de structuur en het functioneren van de Algemene Inspectie Dienst, Bestuurskunde, Leien 1991, ISBN 90-74062-01-6
- Jouke de Vries - Grondpolitiek en kabinetscrises, De Haach, 1989
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
--- Noaten
|
- Frysk politikolooch
- Frysk ûnderwizer
- Frysk heechlearaar
- Frysk politikus
- PvdA-politikus
- Frysk bestjoerder
- Frysk publisist
- Frysk kollumnist
- Nederlânsk politikolooch
- Nederlânsk ûnderwizer
- Nederlânsk heechlearaar
- Nederlânsk politikus
- Nederlânsk bestjoerder
- Nederlânsk kollumnist
- Nederlânsk publisist
- Nederlânsk persoan fan Frysk komôf
- Persoan berne yn Dearsum
- Persoan berne yn 1960