Jacobus Deketh

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Jacobus Deketh in 1761, skilderij yn kolleksje fan it Frysk Skipfeart Museum

Jacobus Deketh (Harns, 1726 - Zeewijk (Almenum), 26 july 1764) wie kaptein by de Fryske Admiraliteit.

Hy is de soan fan Jan Goverts Deketh en Anna Gardinius. Op 9 april 1726 waard hy yn de Grutte Tsjerke te Harns doopt. Syn heit krige yn 1701 in baan as amtner fan de ûntfanger-generaal fan de Fryske Admiraliteit. Fan 1721 ôf naam hy sels de funksje fan ûntfanger-generaal waar. Mem Anna Gardinius wie ek al ferbûn oan de Fryske Admiraliteit, hja wie de widdo fan de kaptein Peter Coderq. Ek Jacobus rôle sa de marinewrâld yn. Op syn 18e, yn 1744 foardat hy as luitenant fear hy foar de earste kear nei East-Ynje. Letter soe hy, ek as kaptein, meardere kearen de tocht ûndernimme om konfoaien te beskermjen, mar ek om striid te leverjen tsjin Frânske marineskippen wêrmei't de Republyk troch de Eastenrykske Suksesjeoarloch yn konflikt wie. Nei 1758 gie it hurd mei de karriêre. Yn 1759 waard hy beneamd as kaptein by de Friese Admiraliteit en yn 1760 fierde hy it befel oer de Prins Willem mei, in fregat mei 36 kanons. Hjirmei begeliede hy ferskeidene konfoaien nei ûnder mear Itaalje, Ingelân en Frankryk. Dêrneist ûndernom hy yn opdracht fan de republyk ferskillende reizen nei Algiers wêrfoar't hy geskinken meinom. Dizze wiene bedoeld om by de Barbarijske seerôvers yn de geunst te kommen dy't doe de Middellânske See ûnfeilich makken.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]