Algiers

Ut Wikipedy

Gean nei: navigaasje, sykje
Algiers

Algiers is de haadstêd fan Algerije yn it noarden fan Afrika. It leit oan de noardkust fan it lân, en hat in tal ynwenners fan likernôch 1.500.000 miljoen. Yn de gânse stêdekloft wenje likernôch 2.500.000 minsken.

De stêd hat in seehaven en in wichtige tekstyl- en learyndustry. It is dêrneist benammen in universiteitstêd. Algiers bestiet út twa dielen: in modern diel, op in flak gebiet oan de seekust boud en de âlde stêd dy't tsjin de steile heuvels leit en ûnder oare út de kasba of sitadel bestiet. Dizze kasba stiet sûnt 1992 op de Wrâlderfgoedlist fan UNESCO.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Skiednis

Algiers wie eartiids in seerôvernêst dêr't ek in soad Fryske seelju as galeislaaf lije moasten. Faak waard yn de tsjerke fan de Republyk kollektearre om slaven frijkeapje te kinnen. In Harnzer fregat die yn 1779 mei oan de tuchtiging fan Algiers.

[bewurkje seksje] Iepenbier tagonklike gebouwen fan belang

  • de kasbah
  • de regearingsgebouwen (foarhinne it Britse konsulaat)
  • de paleizen fan de gûverneur-generaal en de aartsbiskop, dy't allegear Moarske gebouwen binne
  • de Grutte en de Nije moskee
  • de Basilyk fan Algiers (katolike katedraal)
  • de eardere katedraal fan H. Filippus (boud om 1893, no in moskee)
  • de tsjerke fan de Hillige Trije-ienheid (Tsjerke fan Ingelân)
  • de Natsjnale Bibeteek fan Algiers (Bibliothèque Nationale d'Alger), in Turks paleis dat yn 1799 en 1800 boud is

[bewurkje seksje] Demografy

Algiers hat in befolking fan sa'n 2,072,993 (2007).[1]

De etnyske ferdieling is: 59% mei in Arabysk-talige eftergrûn, 38% fan Berber-talige komôf en 3% út it bûtenlân, meast út Sina, Fietnam, en Maly.

  • 1950 - 300,000 ynwenners.
  • 1960 - 900,000 ynwenners.
Jier Populaasje
1977 (Sensus) 1,353,826
1987 (Sensus) 1,507,241
1998 (Sensus) 1,519,570
2007 (Rûzing) 2,072,993

[bewurkje seksje] Ferskaat

  • Yn 2007 wurdt foar de twadde kear yn Algiers de Africa games hâlden. De earste kear wie yn 1978.

[bewurkje seksje] Berne yn Algiers


[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Algiers in the World Gazetteer

Internet-web-browser.svg 36° 46' NB, 3° 03' EL

Commons
Op Wikimedia Commons kinne jo mear ôfbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei:
Aspekten/aksjes
Persoanlike ynstellings