Springe nei ynhâld

İzmir

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Izmir)
İzmir
Utsicht oer İzmir en de Golf fan İzmir
Utsicht oer İzmir en de Golf fan İzmir
Bestjoer
Lân Turkije
Regio Egeyske Regio
Provinsje İzmir (provinsje)
Sifers
Ynwennertal 2.965.900 (2019)
Oerflak 919 km²
Befolkingsticht. 3.227,3 / km²
Stêdekloft 4.367.251 (2019)
Hichte 2 m
Oar
Stifting prehistoarysk
Tiidsône UTC+2
Simmertiid UTC+3
Koördinaten 38°25′12″N 27°8′24″E
Offisjele webside
www.izmir.gov.tr
Kaart
İzmir (Turkije)
İzmir
Lizzing yn Turkije.

Izmir (útspr.: [ˈizmir], likernôch: "yz-myr"; foarhinne Gryksk: Σμύρνη, Smyrne; Latyn: Smyrna) is in grutte metropoal mei hast 3 miljoen ynwenners, dy't yn it westen fan Lyts-Aazje oan 'e kust fan 'e Egeyske See leit. It is de op twa nei grutste stêd fan Turkije, nei Istanbûl en Ankara, mei in beboude kom dy't om 'e hiele Golf fan İzmir hinne teard leit. Yn it binnenlân rint İzmir fan 'e rivier de Gediz yn it noarden oer in alluviale flakte dy't skepen is troch ferskate lytsere streamkes, oant it wat heuveliger lân yn it suden. Bestjoerlik sjoen makket de stêd diel út fan 'e provinsje İzmir en de Egeyske Regio. Fan 'e ûnderskate stedswiken dêr't İzmir út opboud is, korrespondearret de wyk Konak mei de histoaryske stêd.

De agora fan it âlde Smyrna.

İzmir is ien fan 'e âldste stêden fan it Middellânske-Seegebiet, mei in skiednis dy't weromgiet oant djip yn 'e prehistoarje, teminsten oant 3000 f.Kr. Omtrint 600 f.Kr. makken de Lydiërs de stêd mei de grûn lyk; it bleau in ruïne oant de tiid fan Aleksander de Grutte (356-323 f.Kr.). Yn 'e Klassike Aldheid wie İzmir, ûnder de Grykske namme Smyrne (better bekend ûnder de latinisearre foarm Smyrna), in wichtige haven- en hannelsstêd.

De Turken feroveren Smyrna yn 1076, mar oant 1930 behold de stêd offisjeel syn Grykske namme. De befolking bestie dan ek grutdiels út etnyske Griken. Dat wie der ek de reden foar dat Smyrna en omkriten nei de Earste Wrâldoarloch (wêryn't Turkije oan 'e kant fan 'e Dútsers fochten hie), by de Frede fan Sèvres (1919) oan Grikelân tawiisd waard. Mar de Griken waarden oermoedich en lokken de Gryksk-Turkske Oarloch (1919-1922) út, dy't foar harren jammerdearlik útpakte. Se waarden troch de Turken ferpletterjend ferslein, en yn septimber 1922 foel Smyrna yn Turkske hannen, wat mank gie mei slachtpartijen ûnder de kristlike boargerbefolking. Frijwol daliks nei de ynname fan 'e stêd briek der in grutte brân út, dy't de Grykske en Armeenske Kertieren frijwol hielendal yn 'e jiske lei, hoewol't de Turkske en Joadske Kertieren sparre bleaune. Nettsjinsteande it feit dat de oarsaak fan dy brân noch altiten omstriden is, besteane der rûnom eachtsjûgeferslaggen wêryn't steld wurdt dat it fjoer troch Turkske soldaten oanstutsen wie. De oantallen slachtoffers fan 'e moardpartijen en de brân wurde rûsd op 10.000 oant 100.000 Armenen en 50.000 oant 400.000 Griken. Neitiid waarden 150.000 oant 200.000 Grykske boargers troch Grykske skippen ûnder Alliëarde marinebegelieding út Smyrna evakuëarre. Under de Frede fan Lausanne, dy't yn 1923 in ein makke oan 'e Gryksk-Turkske Oarloch, kaam İzmir wer by Turkije te hearren. De lêste Griken ferlieten de stêd yn 1923, as ûnderdiel fan 'e Gryksk-Turkske Befolkingsruil.

Ekonomy en toerisme

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ekonomy fan İzmir draaide iuwenlang fral op 'e hannel; de stêd foarme benammentlik in trochfierhaven foar guod út it Anatoalyske efterlân nei eilannen yn 'e Egeyske See. Nei 1922 waarden dy hannelsbetrekkings foargoed trochsnien. Likegoed is de provinsje İzmir hjoed de dei nei de provinsjes Istanbûl en Bursa noch altiten de trêde eksporteur fan Turkije. It grutste part fan 'e beropbefolking fan İzmir is no wurksum yn 'e yndustry (30,5%), folge troch de hannel en oanbesibbe tsjinsten (22,9%), ferfier en kommunikaasje (13,5%) en de lânbou (7,8%).

Hoewol't İzmir net ien fan 'e grutste toeristyske trekpleisters fan Turkije is, mocht it yn 2008 dochs noch 1.079.000 toeristen ferwolkomje. De wichtichste attraksjes binne de agora (it stedsplein) fan it âlde Smyrna; de moarmerne klokketoer út 1901, deunby de âlde haven, dy't it symboal fan 'e stêd wurden is; de Kadifekale (de "Satinene Fêsting"), in kastiel dat stifte waard troch Aleksander de Grutte op in heuvel fuort efter de âlde stêd (sjoen fan 'e see ôf); en bûten de stêd de saneamde Tombe fan Tantalus, op 'e top fan 'e berch de Yamanlar.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References en Further Reading, op dizze side.