Hendrik Wagenvoort

Ut Wikipedy
Wagenvoort (1954)

Hendrik Wagenvoort (Minnertsgea, 23 augustus 1886Utert, 15 jannewaris 1976) wie in Nederlânsk latinist, heechlearaar yn Grins en Utert. Hy hat in protte ûndersyk dien op it mêd fan de (skiednis fan) Romeinske religy.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hendrik wie in soan fan skoalmaster Hermanus Wagenvoort en Benjamina Widzand. Wagenvoort gie nei de legere skoalle yn Utert en folge dêrnei it Kristlik gymnasium yn dy stêd.

Wagenvoort studearre klassieke talen yn Utert fan 1904 ôf en promovearre dêr yn 1911 op Horatius syn Oaden. Dêrnei studearre er in heal jier archeology yn Göttingen by de ferneamde klassisi Friedrich Leo, Jakob Wackernagel en Paul Wendland.
Werom yn Nederlân boaske er 15 augustus 1912 oan Catharina Maria Knook († 7 july 1966) en waard er learaar yn Arnhim[1]. Fan 1919 oant 1924 wie er learaar yn De Haach. 1924 waard hy heechlearaar Latyn yn Grins; 1930 waard er yn Utert beneamd as opfolger fan syn learmaster P.H. Damsté. Jin kinne sizze dat dêrnei de fokus ferlein waard fan de tradisjoneel filologyske oanpak fan klassike (Latynske) teksten nei in mear kultuereel-antroplogyske wurkwize. Wagenvoort begelate yn Utrecht leafst 36 proefskriften, ûnder oaren dy fan Gilles Quispel en Ida Gerhardt[2]. Yn 1956 gong er mei emeritaat, hy wie doe 70 jier.[3].

Wagenvoort hat syn hiele libben tal fan maatskiplike funksjes bûten de universiteit hân. Hy hat presidint fan de ZWO west en foarsitter fan it Nederlânsk Genoatskip fan Godstsjinsthistoarisy. Hy wie lid fan de Keninklike Nederlânske Akademy fan Wittenskippen, mar ek fan de Keninklike Flaamske Akademy fan België foar Wittenskippen en Keunsten en earedoktor fan de Universiteit fan Gint.

Publikaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1911 De Horatii quae dicuntur odis Romanis. Dissertaasje Ryksuniversiteit Utert.
  • 1917 Seneca, Brieven aan Lucilius. Skoalboek, mei in kar út Seneca's Epistulae morales. (Protte werprintingen.)
  • 1924 Pietas. Ynaugurele rede doe't er heechlearaar yn Grins waard.
  • 1927 Varia Vita. Tige orzjineel 'skoalboek' mei as ûndertitel: Schets van de geestelijke stromingen in Rom een Italië van omstreeks 200 vóór tot 200 na Chr. Mei û.o. haadstikken oer de Romeinske religy, Easterske Mystearjen, de Stoa en oare filosofyske streamingen, it tiidrek fan Augustus, en it Monoteïsme. Dêrneist hat it boek in karút Latynske teksten dy't de oanbelangjende ûnderwerpen yllustrearje. (Faak werprinte.)
  • 1929 Vergils Vierte Ekloge und das Sidus lulium.
  • 1930 Pax Augusta. Gedachten over Wereldvrede in het Augusteïsch Tijdvak. Ynaugurele Rede doe't er heechlearaar yn Utert waard[4].
  • 1931 Augustus. Schets van zijn persoonlijkheid in de omgeving van zijn tijd.
  • 1936 Seneca: Divi Claudii Apocolocyntosis. Mei tekst en oersetting.
  • 1941 Imperium. Studiën over het "mana"-begrip in zede en taal der Romeinen. Hat: 1). Contactus. 2). Imperium. 3). Numen, Novensiles en Indigetes. 4). Gravitas e Maiestas. 5). Contagio. 6). Vis Genitalis. Ingelske oersetting: Roman dynamism: studies in ancient Roman thought, language and custom. Mei foarwurd fan H.J. Rose. (1947)
  • 1944 Muziek der spheren. (Bloemlezing van de schoonste gedichten uit de wereldpoëzie: De Oudheid.)
  • 1949 Gistende cultuur. Cicero.
  • 1956 Studies in Roman Literature, Culture and Religion. Fan syn learlingen oanbeane bondel by sy ôfskied as heechlearaar te Utert, mei: Virgil's fourth Eclogue and the Sidus Iulium; Ludus poeticus; Princeps; Horace and Virgil; "Rebirth" in profane antique Literature; Caerimonia; Orcus; The Crime of Fratricide; The Origin of the Ludi Saeculares; Virgil's eclogues I and IX; Isles of the Blessed and Insula Tiberina; Parentatio in honour of Romulus.
  • 1956 Alma Mater. Ofskiedsrede by it oerjaan fan syn amt as heechlearaar yn Utert.
  • 1966 Inspiratie door bijen in de droom. Oer bijen yn de âldheid.
  • 1980 Pietas: Selected studies in Roman religion. Postúm útjûne bondel dy't in tal (yn it Ingelsk oersette) artikelen fan Wagenvoort befettet: Pietas; Diva Angerona; Profanus, profanare; Gravitas and Majestas; Felicitas imperatoria; Cupid and Psyche; The Golden Bough; The Goddess Ceres and her Roman Mysteries; On the Magical Significance of the Tail; The Origin of the Goddess Venus; Orare, precari; Augustus and Vesta; Characteristi traits of the Ancient Roman Religion.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Alexander Sizoo wie dêr syn kollega, letter ek heechlearaar.
  2. Quispels proefskrift út 1943: De bronnen van Tertullianus' adversus Marcionem, dat fan Ida Gerhardt út 1942 wie: Lucretius: De Natuur en haar Vormen. Boek I-V, vertaling en verantwoording.
  3. Yn de bondel Pietas is (op sd. xi-xx) in In Memoriam Hendrik Wagenvoort opnomd fan syn opfolger yn Utert, H.L.W. Nelson. Boppe neamde feiten komme dêrút.
  4. Hij opende zijn colleges te Utrecht met een inaugurele rede, getiteld "Pax Augusta". (.. .) Er moet mij hier even van het hart, dat dit de beste inaugurele rede is, die ik ken. (J.H. Waszink: Levensbericht H. Wagenvoort, in: Jaarboek KNAW, 1976, s. 240.
  • [1] J.H. Waszink, Levensbericht H. Wagenvoort, yn: Jaarboek, 1976, Amsterdam, sd. 239-245