Göttingen
| Göttingen Chöttingen |
||
| Merk yn Göttingen | ||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 121.060 (2010) | |
| Oerflak | 117,26 km² | |
| Befolkingstichtens | 1.032 / km² | |
| Hichte | 150 m | |
| Polityk | ||
| Lân | Dútslân | |
| Dielsteat | Nedersaksen | |
| Distrikt | Kreisfreie Stadt | |
| Stêdsyndieling | 18 Stadtbezirke
en 9 Ortschaften |
|
| Oar | ||
| Stifting | 1150-1180 | |
| Koördinaten | ||
| Webside | Webside Goettingen | |
Göttingen (Nedersaksysk Chöttingen) is in âlde universiteitsstêd yn it súdeasten fan de Dútse dielsteat Nedersaksen.
Ynhâld |
Ut de skiednis [bewurkje seksje]
Göttingen is ûntstien yn de 12e ieu en hat har namme krigen fan in doarpke dat yn 953 as Gutingi foarkomt. Yn de midsieuwen wie Göttingen in Hânzestêd. De bruorren Grimm wienen heechlearaar oan de ferneamde universiteit fan de stêd, dy't yn 1734 stifte waard.
Om 1900 hinne wie de Göttinger universiteit ít sintrum fan de teoretyske natuerkunde en wiskunde yn de wrâld. Tal fan ferneamde gelearden wiene der oan ferbûn of hawwe dêr studearre: Carl Friedrich Gauß, Bernhard Riemann, Niels Bohr, David Hilbert, Wilhelm Hillebrand, Max Planck, Leo Szilard, Edward Teller, Robert Oppenheimer en noch in protte oaren fan namme. Doe't de nazi's yn 1933 de joaden ferbea om les te jaan of te studearjen, ferfarren in in protte fan harren nei it bûtenlân. Dy 'braindrain' is de universiteit nea te boppe kaam en tsjintwurdich hat de universiteit fan Göttingen net mear de liedende rol op it mêd fan natuer- en wiskunde fan eartiids.
Göttingen hat yn de Twadde Wrâldkriich net folle skea oproan. De binnenstêd hat no in soad winkels, kafees en bars. Dêrom wenje dêr in protte universiteitsstudinten dy't de stêd in jong oansjen jouwe. Yn 2003 wie 45% fan de binnenstêdsbefolking tusken de 18 en 30 jier âld.
Ekonomysk is Göttingen fan belang foar de produksje fan optyske- en presisyapparatuer; bygelyks de mikroskopydivyzje fan Carl Zeiss, Inc. sit dêr. De regio Göttingen advertearret mei it biedwurd "Measurement Valley". Yn 2003 wie it wurkleazenspersintaazje 12.6%.
It spoarstasjon oan de westkant fan de binnenstêd leit oan Dútslân syn wichtichste noard-súdspoar.
Göttingen hat twa profesjonele basketballteams; de manljus- en frouljusteams spylje yn de Basketball-Bundesliga. Sûnt it seizoen 2007/2008 dogge beide teams mei yn de 1e divyzje.
Dielen fan Göttingen [bewurkje seksje]
|
|
|
Berne yn Göttingen [bewurkje seksje]
- Robert Bunsen (31 maart 1811)
- Heinrich Ewald (16 novimber 1803)
- Herbert Grönemeyer (12 april 1956)
- Sandra Nasić (25 May 1976), sjongster fan de rockband Guano Apes
- Bernhard Vogel (19 desimber 1932)
- Hans-Jochen Vogel (3 febrewaris 1926)
- Wolfgang Sartorius von Waltershausen (17 desimber 1809)
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Göttingen fan Wikimedia Commons. |
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |