Harold Foster

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje


Wiki letter w.svg
Fan dizze side moat de stavering noch hifke wurde.
Jo wurde noege dêr in begjin mei te meitsjen.


Harold Rudolph "Hal" Foster (Halifax, 16 augustus 1892 - Spring Hill (Florida), 25 july 1982) wie in Amerikaansk striptekener fan Kanadeesk komôf dy't fral ferneamd waard troch syn tekenteltsjes fan Prins Valiant, in striprige dy't er fan 1937 ôf skreau en tekene hat.

De earste jieren[bewurkje seksje | edit source]

Foster wie in autodidakt. Neidat er mei trettjin jier fan skoalle gie, ûntwikkele hy him fierder op de bibleteek fan Winnipeg. Ek learde hy himsels tekenjen. Om de anatomy fan de minske goed yn 'e fingers te krijen, stie er sels neaken foar de spegel en makke sketsen. Yn 1910 wurke hy as tekener foar de Hudson Bay Company, dêr't hy frouljusûnderguod tekene foar de postorderkatalogus. As gefolch fan de ekonomyske krisis dy't Kanada yn dy jierren teistere, moast hy al yn 1913 by it bedriuw wei. Hy begûn doe foar himsels. Rillegau dêrnei kaam er Helen Wells tsjin dêr't er mei boaske yn 1915. Rillegau waarden twa bern berne. Omdat er mei tekenjen net folle fertsjinje koe, wurken Foster en syn frou as gidsen foar jachtselskippen. Yn 1917 beslute hja om goud te sykjen yn de omkriten fan Lake Rice. Trije jierren letter waard harren kleem rove en gienen sy beroaid werom. Foster besleat werom te kearen nei syn âlde leafde, it tekenjen. Hy giet nei Chicago en skreau him yn by it Chicago Art Institute. Deis wurke hy by de Jahn & Ollier Engraving Company en jûns folge hy skilder- en tekenlessen. Neidat er syn stúdzje ôfsletten hy, gie er oan it wurk by de Palense-Young Studio dêr't er advertinsjes en omslaggen fan tydskriften ûntwurp.

Tarzan[bewurkje seksje | edit source]

Yn 1927 krige in nije útdaging. Joseph H. Neebe hie de rjochten ferwurven om de ferhalen fan Edgar Rice Burroughs oer Tarzan om te setten yn in krantestrip. Neebe rjochte him op de earste roman fan Burroughs, Tarzan of the Apes út 1912. Neebe benadere earst in kollega fan Foster, J. Allen St. John, mar dy woe der net oan fanwege de koarte deadlines foar de krantestrip. Foster waard frege, mar dy wie ek net bot entûsjast omdat er tekentelsjes as wat ynferieurs beskôge. Langomlet gie Foster oer, op 7 jannewaris 1929 ferskine Tarzan yn de kranten. Al gau ferwurf Foster de bynamme, de “Michelangelo of the comic strip”. Fosters Tarzan is noch altyd net oertroffen wat realisme, komposysje, en anatomy oangiet. De útbylding fan Tarzan troch Foster hat eltse artyst dy't nei him de ‘hear fan de jungle’ op papier sette soe beynfloede. Foster skreau ek de tekst foar de strip. Hy naam se oer út de boeken fan Burroughs en bewurke de tekst om ta koarte tekstblokken dy't ûnder de tekeningen set waarden. Soks wie noch net earder dien yn de stripwrâld dêr't se went wienen te wurkjen mei teksten yn tekstballonnen. De technyk dy't Foster brûkte joech him alle romte foar syn detaillearre tekeningen. It ferhaal fan “Tarzan of the Apes” ferskine alle dagen yn swart en wyt afleveringen. Neidat hy klear wie mei it ferhaal kearde Foster werom nei syn âlde baan en gie wer advertinsjes ûntwerpen. Noch altyd fûn er de tekentelsjes minder as syn oare wurk en wie net der net rouwich om dat Rex Hayden Maxon de strip oernam. Foster kaam der lykwols al gau efter dat hy wat te hurd ôfskied nommen hie fan syn kreaasje. De grutte krisis fan de jierren tritich sloech ta en in soad bedriuwen rekke yn it fallissemint, ek it bedriuw dêr't Foster foar wurke. Mei tsjinsin oanfierde Hal Foster it oanbod fan Neebe om foar de bylage op snein fan de kranteen, ien pagina yn kleur te meitsjen oer Tarzan. It wie de gouden ieu fan de krantestrip en al gau krige Foster selskip fan Alex Raymond mei Flash Gordon, Chester Gould met Dick Tracy en Lee Falk met the Phantom. Strips wienen tige populêr yn de krisesjierren en Foster ûntfong in protte fanmêl. Stadichoan ferlear er syn wjersin tsjin de ‘ynferieure’ krantestrip.

De berte fan Prins Valiant[bewurkje seksje | edit source]

Stadichoan begûn Foster syn nocht te krijen oan it keurslyf dêr't er yn syd by it tekenjen fan Tarzan. Hy socht nei oare goede senario’s foar in strip, mar koe gjin goeie fine. Ut frustraasje beslút er sels in held te kreëaren. Dat waard “Derek, Son of Thane”, in namme dy't al gau feroare waard yn “Prince Arn”. Foardat Foster dat idee lykwols oan United Features Syndicate foarlei, it syndikaat dêr't hy Tarzan foar tekene, wurke hy ears syn idee út. Hy makke Arn ta ridder fan de Rûne Tafel en wurke de skiednis fan syn haadpersoan fierder út, kompleet mei tûzene tekeningen. United Features karde it idee foar in strip om der persoan Prins Arn lykwols ôf. Hjirmei wie Foster lykwols net út it fjild slein, hy hie earst it syndikaat frege út fatsoen. William Randolph Hearst de eigener fan King Features Syndicate hie Foster nammentlik al earder benadere mei in foar dy tiid ûngewoan aonbod. Hearst beloofde Foster it eigendom en de folsleine kontrole oer de stripfiguer dy't Foster betinke soe. It oanbod wie stoeld op de enoarme bewûndering dy Hearst foar Hal Foster syn Tarzan koestere. Nei de ôfwizing fan United Features gie Foster dus mei prins Arn nei de konkurrint. Doe't Foster syn plannen oan Joseph Connelly, de direkteur fan King Features Syndicate foarlei feroare dy de namme fan Prins Arn yn “Prins Valiant”. (De namme fan Prins Arn soe lykwols weromkeare as de namme fan syn âldste soan fan Valiant). Op 13 febrewaris 1937 ferskine de earste ôflevering fan Prince Valiant in the Days of King Arthur.

In nije myte[bewurkje seksje | edit source]

De strip dy't Foster om syn held kreëare wurdt faak prize fanwege de histoaryske krektens. Foster dokumintearre him altiten grûnich foar syn ferhalen en tekeningen. Mar nettsjinsteande dat befetsje de ferhalen fan prins Valiant in grut tal anakronismen en is de held eachtsjûge fan foarfallen dy't pas folle letter yn de skiednis barden. De aventoeren fan Valiant spylje har bygelyks ôf yn ‘de dagen fan kening Artur’ dêr't grutte twifels oer bestean oft er al bestean hat, oan it begjin fan de Midsieuwen. Dat wie yn de tiid dat it West-Romeinske Ryk ten ûnder gie en it Grutte folkeferfarren op gong kaam. Saksyske stammen foelen doe de Britse eilannen binnen en waarden bestriden troch de dêre oanwêzige Britse stammen. De leginde fan kening Artur stammet út dy tiid. Artur wie fermoedlik in Britske of faaks in Romeinske legeroanfierder, dy't yn de leginden útwaakse ta in kening. It meastepart fan de ferhalen oer Artur waarden lykwols pas in fiifhûndert of tûzend jierren letter op skrift stelt. Dizze skriuwers, lykas de yn de 15e ieu libjende Thomas Malory yn Le Morte d'Arthur, ferpleatsen de wapens, klean en saken as ridders en kastielen út harren eigen tiid oer nei 5e ieu. Troch Foster waard dat oernaam sûnder inkele beheining. Sa rin prins Valiant rûn mei in folslein harnas en fjocht er as in ridder tsjin Romeinske soldaten en Wytsingen, wylst kastielen as Camelot der útsjogge as yn de lette Midsieuwen. Om de strip weardearje te kinnen moat de wrâld fan prins Vailant sjoen wurde as in mytologyske wrâld lykas yn Le Mort d”Arthur, en net as histoaryske wurklikheid.

Prins Valiant, de soan fan Aguar, de kening van Thule wurdt ridder oan it hof fan kening Artur en bewapene mei syn beroemde ‘Singende Swurd’ belibbet hy alderlei aventoeren yn eigen midsieuske wrâld dy't him útstrekte fan Noarwegen oant Afrika en fan Amearika oant Jerusalim. Valiant befljocht Hunnen, Moaren, Wytsingen, Yndianen, Griken, Romeinen, Arabieren, Afrikanen en Fandalen. De lêzers koenen dat allegear wol weardearje. Prins Valiant waakse út ta in kassukses.

Fan avontuerenstrip oant familystrip[bewurkje seksje | edit source]

Foster bestede in protte tiid oan it meitsjen fan syn strip. Hy moast der hurd foar wurkje, want it koste him alle wiken wol sechtich oeren om in side foar de sneiskrante ôf te krijen. Mar omdat er altyd wol in njoggen oant tolve wike yn it foar wurke kaam er nea yn 'e problemen mei de deadlines. Soms liet er him ferliede aktualiteiten yn syn strips te bringen, bygelyks doe't Nazi-Dutslân yn 1939-1940 de Blitzkrieg fierde, liet Foster Valiant in koalysje fan folken oprjochtsje dy't de ynfallende Hunnen bestride. It wurd ‘Hun’ wie in Amerikaansk skelwurd foar ‘Dútser’.

Foster tekene allinnich lokaasjes dy't er sels koe of dêr't er west wie. Sa ferwurke er syn wenplak Redding yn de steat Konnektikut yn it diel fan de Valiantleginde mei de titel ‘The New World’ út 1947. Yn dat ferhaal rekket Valiant mei syn gesin fersyld yn Noard-Amearika. Dat Valiant in gesin hie wie lykwols ek net sûnder symboliek. De strip begûn stadichoan te feroarjen fan in aventoereferhaal yn in famyljeferhaal. De reden dêrfoar wie de ôfrûne Twadde Wrâldkriich en de grutte babyboom dy't dêr op folge. Valiant boaske mei Keninginne Aleta fan de Dize-eilannen en kriget in soan, prins Arn en letter twa famkes (in twilling) en noch in soan. Foster wie tige produktyf yn dy jierren. Troch de papierkrapte ferskynde de Valiantstrip op diverse formaten en guon kranten hienen dêrtroch ekstra romte op de sneissiden. Foster skreau en tekene de ynformative strip ‘The Medieval Castle’ dy't as opfolstrip tsjinje koe. Fierder yllustrearre hy it boek, ‘The Young Knight’ en makke in strip nei de roman “The Song of Bernadette”.

Lêste jierren[bewurkje seksje | edit source]

Hoewol't Foster Valiant sels skreau en tekene, waard hy dêrby holpen troch diverse assistenten. Doe't Foster âlder waard begûnen de deadlines harren tol te easken. Syn soan Arthur James wie goed tweintich jier belutsen by it meitsjen fan de strip, û.o. mei it ynkten fan de eftergrûnen en it ynkleure fan de strip. Begjin jierren sechtich waard Foster assistearre troch Phiip Blaisdell, bynamme “Tex”. Earst dy dizze allinnich it tekenen en ynktjen, mar al gau tekene Blaisdell alles, behalve de gesichten fan de belangrykste persoanen yn de strip. Yn 1971 waard it tekenjen Foster allegear te folle. Hy gie op siik nei ien dy't it fan him oernimme koe en woe allinnich de ferhalen noch mar skreauwe. Uteinlik waard John Cullen Murphy syn opfolger. Op 16 maaie 1971 ferskine de lêste troch Foster sels tekene strippagina. Yn de jierren dêrnei bleau Foster trochgean mei skriuwe, de lay-outs meitsje en alles ynkleure. Uteinlik beëinige Foster op 10 febrewaris 1980 de strip. Twa jier letter 25 july 1982 ferstoar hy.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Literatuer:

  • Brian Kane, Hal Foster: prince of illustrators, father of the adventure strip, 2002
  • Wolfgang J., Fuchs en Reinhod C. Reitburger “Strips, anatomie van een massamedium, Utert-1974.

Ynterviews: Yn Stripschrift 204 en yn Striprofiel 46. Stripschrift 20 (1970) befettet in ferslach fan in besyk oan de doetiids 77-jierrige Foster yn syn wurkkeamer: "Eltse ôflevering kostet him goed 53 oer sekuer tekenwurk. (...) Yn grutte linen komt syn wurkyndieling del 5 wurkdagen tekenjen wylst it wykein reserveare is foar it opsetten fan it ferhaal en it beäntwurdzje fan fanmail."

Keppeling om utens: