Springe nei ynhâld

Hagios Demetrios

Ut Wikipedy
Agios Dimitros
Ἁγία Σοφία
Lokaasje
lân Grikelân
plak Tessaloniki
adres hoeke Selefkou
koördinaten 40° 38' N 22° 56' E
Tsjerklike gegevens
patroanhillige Sint-Demetrius
Arsjitektuer
boujier 7e iuw
boustyl Byzantynske arsjitektuer
Webside
inad.gr
Kaart
Hagios Demetrios (Tessaloniki)
Hagios Demetrios

De Hagios Dimitrios is in Gryksk-otterdoks tsjerkegebou yn Tessaloniki. De tsjerke is oan 'e hillige Demetrius wijd, de patroanhillige fan 'e stêd, en datearret út de tiid dat Tessaloniki de twadde stêd wie fan it Byzantynske Keizerryk. Nei de grutte stedsbrân yn 1917 waard de tsjerke wer opboud. Mei oare kristlike bouwurken fan 'e stêd stiet de tsjerke sûnt 1988 ynskreaun yn 'e UNESCO Wrâlderfgoedlist.

De earste tsjerke op 'e lokaasje waard yn 'e iere 4e iuw boud op it plak fan in Romeinsk bad. In iuw letter liet de prefekt mei de namme Leontios it lytse oratoarium ferfange troch in gruttere, trijeskippige basilyk. Nei't de tsjerke ferskate kearen troch brân en ierdskoddings troffen waard folge yn 'e jierren 629-634 in weropbou as fiifskippige basilyk. Yn dy foarm hat de tsjerke it oant yn uze dagen folholden.

Mozayk fan Demetrius en de stifters (7e/8e iuw).

De basilyk is ferneamd fanwegen de seis mozaïken fan Demetrius en de stifters fan 'e tsjerke mei harren bern. De mozaïken ûntstiene tusken de lêste weropbou en de ynfiering fan it ikoanoklastyske belied yn 730. Se fertsjintwurdigje de seldsume foarbylden fan keunst dy't de donkere tiid nei de dea fan Justinianus oerlibben. In ynskripsje ûnder ien fan 'e mozaïken ferhearliket de himel foar it sparjen fan 'e ynwenners fan Seloniki by in oerfal fan de heidenske Slaven yn 612.

Oare manjefike mozaïken fan it ynterieur gyngen ferlern yn 'e fjouwer iuwen dat de tsjerke troch de Osmaanske besetter as moskee brûkt waard (1493-1912) en by de grutte stedsbrân fan Tessaloniki yn 1917. De brân yn 1917 ferwoastge ek it dak en de boppemuorren fan 'e tsjerke. Bewarre swart-wyt ôfbylden en ferzjes fan wetterfarve jouwe in goede yndruk fan it Byzantynske fakmanskip, dat mei it fjoer foar ivich ferlern gie.

By opgravings yn 'e jierren 1930-1940 waarden de oerbliuwsels fan in Romeinsk bad ûntdutsen. Dêr soe de hillige Demetrius finzen holden wêze. It wie ek it plak dêr't er eksekutearre waard. Gelearden geane der fan út dat Demetrius nei syn eksekúsje yn 'e put smiten is dy't ek by de opgravings fûn waard. By de opgravings waarden tal fan foarwerpen fûn, dy't yn it museum yn 'e krypte fan 'e tsjerke útstald wurde.

Nei de restauraasje waard de tsjerke yn 1949 op 'e nij ynwijd.

Under de tsjerke leit it plak dêr't Demetrius as martelder ferstoar. Mei't yn 'e rin fan 'e tiid de boaiem jimmeroan heger kaam te lizzer waard dat diel fan 'e tsjerke in krypte. Neffens sawol de tradysje as argeologysk ûndersyk wie it in âld badhûs, dêr't Demetrius finzen setten waard en yn 303 de martlerdea stoar. Yn 'e 5e iuw, doe't de earste Demetriustsjerke boud waard, ha se dat plak yntegrearre yn 'e nijbou. De fontein waard yn in boarne mei hillich wetter feroare. Der waarden bassins oanlein, dêr't de leauwenden myron koene opfange, in swietrokige oalje makke fan 'e reliken fan 'e hillige. Yn 'e tiid fan 'e Osmaanske besetting waard de krypte tichtsmiten. It duorre oant nei de brân fan 1917 ear't de romte wer op 'e nij ûntdutsen waard. De krypte waard restaurearre troch de Argeologyske Tsjinst en is yn 1988 iepene as in tsjerkemuseum.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Hagios Demetrios


Ierkristlike en Byzantynske Monuminten fan Tessaloniki

Aposteltsjerke
Byzantynsk badhûsDemetriustsjerkeElíatsjerkeKatarinatsjerkeLatomos-kleaster (Rjochtfeardige Davidtsjerke)PanteleimontsjerkeNikolaas OrfanostsjerkePanagia ChalkeontsjerkePanagia AcheiropoietostsjerkeRotonda (Sint-Joaristsjerke)SofiatsjerkeStedsmuorrenTransfiguraasjekapelVlatades-kleaster
· · Berjocht bewurkje