Ikonoklasme

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Ikoanoklasme)

Ikonoklasme of byldestriid is yn algemiene sin it fuortdwaan of fernielen fan "ôfgodsbylden" om't dy as idolatrysk sjoen wurde. Spesifyk ferwiist de term nei de striid dy't yn it Byzantynske Ryk yn de 8e en 9e iuw levere waard tusken de bestriders (de ikonoklasten: yn haadsaak de keizer en de hege bestjoerders en foar in part de Lytsaziatyske befolking) en de ferdigeners (de ikonodoulen: yn haadsaak muontsen, it grutste part fan de befolking en guon teologen ) fan de byldeferearing. De bestriders en ferdigeners stienen yn dizze striid, dy't sawol dogmatysk-devosjoneel as polityk-religeusk wie, hiel bot tsjinoer elkoar. Mei it regear fan keizer Michael III (842-867) waard de byldeferearing foarfêst wersteld.

Ikonoklasme wurdt tsjintwurdich ek wol as oantsjutting brûkt foar it yn letterlike of figuerlike sin fernielen fan kultuerfoarwerpen út in politike of religieuze oertsjûging.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References en Further Reading, op dizze side.